[Nummer 1]
Dwersreed
Doeke Sijens
Stel dat op in stuit twa romans útkomme. De iene literêr tige nijsgjirrich mar skreaun yn min Frysk, de twadde literêr tige nuet mar yn geef Frysk. Hokker boek soe dan de measte wurdearring krije? It andert is maklik: it boek mei it geve Frysk fansels. De taal is yn Fryslân ommers alles en it fûnemint fan de Fryske Beweging.
Sa bart dit fansels net, útjouwers hawwe ommers taaladviseurs, dy't fan it breklik Frysk fan de skriuwers moai Frysk meitsje. Sa'n adviseur is oars bêst. Elke skriuwer sil - as er ferstannich is - sels ek sa'n adviseur sykje as meilêzer om him te behoedzjen foar rare flaters yn styl, taal of plot.
Lykwols, de fraach is: Wa tsjinnet dy taaladviseur? De skriuwer of de Fryske Beweging?
Hoefolle minsken soenen it Frysk perfekt yn 'e macht hawwe? In hûndert as twa? Alle meiwurkers fan de Fryske Akademy en noch tsien oaren? In soad binne it yn alle gefallen net.
Elke Fries dy't de tillevyzje oanset, de krante lêst, mei Hollanners praat, moat him wapenje tsjin de eroazje fan syn taal. Guon stride fûl, mar op te kearen binnen dy ynfloeden net. Muoikes wurde tantes en kuorkes feroarje yn mandsjes, dat is wis.
Moat dan dochs it Frysk fan dy twahûndert de noarm bliuwe?
En moat de skriuwer dêr dan altyd mar wer oan foldwaan?
Skriuwers brûke oer it generaal net better Frysk as de measte Friezen. Net altyd like bêst dus, it binne no ienkear gjin filologen. Dat is te fernimmen oan 'e manuskripten dy't by in útjouwer terjochte komme. Yn oare taalgebieten is dat net oars: oeral fersinne skriuwers harren. By ús wurdt soks daliks yn it ramt fan de ûndergong fan Fryslân set. En as de skriuwer dat net te foarenkomme kin, dan moat de taaladivseur dat dwaan.
Pieter de Groot (LC, 13 desimber 1996) skriuwt (en de Bewegers sille dat mei him iens wêze): ‘Skriuwers binne bewuste taalbrûkers. Se hawwe de plicht flyt te dwaan op har taalgebrûk. As in skriuwer him (..) lykwols net bewust is fan de flaters dy't er makket, of net ôfwit fan it bestean fan guon wurden, útdrukkingen en konstruksjes om't syn wurdskat en taaleigen mar beheind binne, dan kin in taaladviseur tige helpe.’
Helpe? As men de lûden fan de taalwarders heart, is it earder twinge.
Stel no, der is in jonge skriuwer. Skriuwt yn it Frysk. Hy is in ‘bewuste taalbrûker’. Mar dy taal is net geef neffens de noarmen fan dy twahûndert. Moat dan syn ‘bewuste’ taal ferboud wurde mei oare wurden, útdrukkingen en konstruksjes ta geef Frysk? ‘Ja,’ sille de Fryske Bewegers roppe, ‘dat moat, oars giet de Fryske taal ferlern.’