Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 260]
| |
[pagina 261]
| |
NeitiidSy is hjir net mear om
har wurd te dwaan, se
lit har net mear yn 'e mûle
hingje. Dizze foarkeamer
ferriedt har: keunstroazen,
diggelguod, haakte kleedsjes,
romtebrek, Tsjinje de Heare.
It hûs hâldt him oan it âlde
eachweid. Allinne efter it
finster in bline man, heit,
har trouste ferrieder.
Ut en troch wiuwt
noch in fytser nei har.
| |
[pagina 262]
| |
IenriedigensIn dizige moarn yn febrewaris.
Us boarre kaam thús út in nacht fol
besauwing. Wy himmelen syn wûnen,
lústeren stil mar, ferstienen bestean
as in pynlik, beskamsum gebear.
Sa't er doe súntsjes begûn te gûlen en
ús oanseach - dy dei hie it libben wer sin.
|
|