se dan. Mar de susterkes binne leaf.
Wy groetsje har, ik jou har in tút op de hân. Se hat harsels noch noait op it wang tútsje litten. Dat is sa healwiis.
Beppe moat no ek al om dizze tút gnize.
Sjochst wol dat se dy kin, seit mem. Hâld der dochs oer op, se kin my net. Se sjocht wat ús relaasje is. At ik memmes man net bin, moat ik wol memmes famke wêze. Oars wie ik hjir net. Us mem lit it der net by sitte. Sjocht mem wol wa't dit is? Ik woe dat ik net bestie. Beppe wurdt der bang fan. Se wit it net, echt net. Se weaget in gokje. Ynskje. Us mem laket in frjemde laits. Hiene wy dan in Ynskje? Nee dochs. Dit is ús lyts skyt. En sa grut al, seit Beppe.
Se wol witte wêr't se eartiids wenne hat, foar't se hjir wie. Der hinget in foto fan de pleats oan de muorre, dy pakt ús mem derby.
Ik ha ek sa'n âlde fint hjir op de miter jûn, seit se. Dy hie wol sa'n geouwehoer. Oan ien tried wei troch âlje. Hoe sil ik middeis sliepe at it der hjir sa freeslik om wei giet. Ik wurd der bytiden raar fan. Al binne wy froulju, wy hoege ús net op de kop sitte te litten, seit ús mem.
Beppe is har mem net, it is har soargeberntsje. Us neikommerke. En der is no fan alles mis mei.
Ik kom thús by ús heit-en-dy. Us mem stiet by it oanrjocht en sjocht nei de buorfrou dy't de wask oan it ophingjen is. Se docht de hân omheech. Ik krûp har oan en tútsje har. Hoi. Ik fiel sa wol dat se wurch is en ik fiel my ek net sa lekker.
Readerige eagen, al bin ik der duvelsk wis fan dat wy alletwa net skriemd ha. Dat dogge wy net, wy litte ús net op de kop sitte.
Wy stappe yn de auto om har deade mem te besjen. Us heit sit achter it stjoer. Sy hat my ferteld dat er mear en mear it riden oan har oerlit. Mar net at der oaren by binne.
Beppe leit yn it geboutsje fan it griene krús en mem hat de kaai yn de bûse. It moat de reade doar wêze.
Der binne trije reade doarren. Der is net iens in doar mei in oare kleur. At se my no de kaai sjen lit, kin ik sa wol sjen hokker doar wy hawwe moatte. Mar dêr komt neat fan yn, ús mem is bang dat ik har de kaai ôfpakke sil. Se is bang omdat se sa wurch is.
It is de doar yn it midden. Se makket de doar iepen en docht it ljocht oan. Heit skoot it gerdyn fansiden. Hy sjocht net yn de kiste, dêr hat er gjin sin oan. Us mem wol graach dat ik sjoch. It is myn earste lyk.
Se sjocht der raar út. Ik hie my der soksawat út in plysjeberjocht fan foarsteld, mar dit is hiel oars. Folle moaier. Har nijste jurk. In moaie jurk. Se is moai, ús mem kin tefreden wêze. Se is útsjoen en rint nei it lid dat tsjin de muorre stiet. Prachtich hout.
Us heit seit dat ik ophâlde moat fan sjen. Toe fanke, dit hat neat mei it libben te krijen, draai dy om. Mar dat kin ik net. De hannen binne fêstferzen oan it kuollid, de eagen oan har lippen. Se lykje op dy fan ús mem. Foar it earst yn myn libben liket se op har.
Us heit krijt my by de skouders beet, knypt hurder dan er wold hie. Kom, wy geane. Hup. Sy