Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 229] [p. 229] Neiklank Eelco Salverda de stiennen yn dyn stêd steane noch oerein achter de muorren wurdt op 'en nij lake en de bern sjonge wer har tsjoendersfersen mar it bûnte wûnderpark bliuwt no treastleas ik sjoch dy yn deselde ruten noch ûntagonkliker de bekende strjitten it siigjende plein betiizjende rûnte yn it papier fyn ik dyn skriemen oer in libben ta weismiten keard stil binne nacht en dei [pagina 230] [p. 230] hymjend as in hynder giselje ik yn it rûn skop it bedroege flues fan focht rimpen fan de ierde oant it paad wer grien is wyld wiuw ik de beammen hinne wer skrik de lêste fûgels wekker driuw de loften útinoar lûk de sinne nei ûnderen oant ik waarm bin no bliede de earste tûken is de loft skel fan lûden lûkt griis him werom en pylket de earste striel wurch fiel ik de grûn [pagina 231] [p. 231] Maitiidskjeld de iisklûntsjes tyngelden op de weagen en nei it bleke antlit it reit trille ferbrutsen de stilte mei pine en pleisters wetter begûn te streamen ik moast my fêsthâlde oan it gers [pagina 232] [p. 232] De dagen foarby de nije keamer mei fertroude bylden minsken dy't we net mear kinne plestik planten en tichte ruten de hannen oars beweegjend yn it kistje it driuwsân fan it ferline tinzen betiisd en wurden ferkeard hjir stiet it libben op sterk wetter en mankelikens op tafel we witte beide fan better foar it lêst sjoch ik om en we glimkje nei inoar Vorige Volgende