Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 226]
| |
[Nummer 6]Dwersreed
| |
[pagina 227]
| |
Ik hold mysels mar foar: it is mar in stik yn 'e krante en alles wat yn 'e krante stiet is net wier. Mar dan begûn ik wer te twiveljen. Hokker Frysk boek soe mei kinne yn in kultuer, dêr't ynformaasje ‘elektronisch, snel, beknopt en volledig’ wêze moat?
Yntusken publisearret it yn Nederlân en Fryslân mar om it leven. Op it stuit wurde jiers mear nije boeken útbrocht as ea it gefal west hat. Ek hat de Sutelaksje al wer in rekôrbedrach opbrocht. Wat yn 'e frede is dan de wierheid, op in sneontemoarn? Lêze minsken no yndie minder, of wienen de needgjalp yn 'e krante en it ‘elektronisch, snel, beknopt en volledig’ net mear as in moadeklucht, aardich genôch om in bledside krante mei fol te krijen?
Doe't it stik yn 'e krante wat besakke wie, krige de ratio wer grip op my. Wat sei myn prof yndertiid ek al wer? Wittenskip is net sillichmeitsjend, mar it is in hiel ein betrouberder as itjinge datst sels op in neimiddei beredenearrest, of soksawat. In greep yn 'e boekekasten by Scholtens en Wristers joech my wat fêstigens. Yn april fan dit jier is by it Sociaal en Cultureel Planbureau de stúdzje LeesgewoontenGa naar eind3 útkaam. It is in mânsk boekwurk wurden, goed fersoarge en - sa op it each- mei in skat oan ynformaasje. Benammen de ûndertitel wie in belofte: ‘Een halve eeuw onderzoek naar het lezen en zijn belagers’. As ik ea in betrouber antwurd oer de boekekonsumpsje fan 'e Nederlanner (en dêrmei fan de Fries) krije kinne soe, dan dochs wol yn dit ûndersyksferslach, betocht ik my. Lêsgedrach yn in mearjierrenperspektyf, it wie suver om jin de fingers derby ôf te slikjen! It boek makke alles wier, dat ik der fan ferwachte hie. It lêst goed. It jout in soad eftergrûnynformaasje oer it lêsgedrach fan minsken troch de ieuwen hinne. En it jout in goed byld wêr't boek en lêzen op it stuit tsjin opbokse moatte. Wat is der sûnt de oarloch neffens it ûndersyk feroare? Knulst e.o. sitearje út in CBS-ûndersyk, dat yn 1957 útkaam: ‘Het lezen is gemeengoed, de hoeveelheid eraan bestede tijd is in alle lagen der bevolking (zeker waar het mannen betreft) vrijwel even groot.’ It docht bliken dat manlju doedestiids hast oardel kear safolle liezen as froulju. Generalisearjend kin sein wurde, dat boeken yn de ûndersyksperioade (1955 en 1956) benammen populêr wienen by de jongerein en kranten en tydskriften benammen by de âlderein. Knulst e.o. konstatearje dat der yn de jierren fyftich amperoan ferdivedaasje wie en dat dat, en net de kwaliteit fan it skreaune, it beskiedend elemint wie yn de lêshonger fan de fyftigers. De skriuwers fan Leesgewoonten geane dêrnei mei grutte stappen troch de tiid fan it iene CBS-ûndersyk nei it oare. Nei it ûndersyk fan 1955/1956 nimt de tillevyzje in hieltyd grutter plak yn yn 'e frije tiid fan minsken. Benammen foar it lêsgedrach fan manlju hat dat konsekwinsjes. Yn 1963 is it persintaazje boekelêzers ûnder froulju foar it earst heger as dat ûnder manlju. | |
[pagina 228]
| |
Yn 'e santiger en tachtiger jierren krijt sa'n bytsje de hiele Nederlânske befolking stadichoan mear frije tiid. De wurkwiken wurde koarter en it tal jierren dat men aktyf yn it arbeidsproses meidraait wurdt minder. Foar it lêzen hie dat in goede saak wêze kind, as, neist de tillevyzje, oare konkurrinten foar de besteging fan de frije tiid harren net oppenearre hienen. De fideo komt deryn en út iten, nei de bioskoop en it teater wurde normaal foar grutte lagen fan 'e befolking. Knulst e.o. jouwe boppedat noch omtinken oan it feit dat it libben folle komplekser is as in pear desennia ferlyn. Wurk- en soarchtaken rinne foar manlju en froulju hieltyd mear parallel en freegje it nedige oan tiid en enerzjy. Lêzen, in frij yntensive aktiviteit, hat dêr slim ûnder te lijen. De lêste twa arguminten, dy't hja jouwe foar it stadichoan fuortsakjen fan it lêzen hawwe te krijen mei it rynske oanbod. Krekt it feit dat der sa'n soad boeken útkomme, makket it boek an sich minder nijsgjirrich. Ek wurdt it foar de trochstringse persoan hieltyd dreger om al dy ynformaasje op in akseptabele wize te ferwurkjen. Net mear lêze as selsbeskerming.
Leesgewoonten wie mei oare wurden net it boek dêr't ik myn ferlerne gemoedsrêst yn weromfûn. In lêste sitaat: [...] bij het ouder worden gaan mensen in het algemeen meer lezen [...] Daar komt echter nog bij dat de leeftijd waarop de toename van het lezen inzet in de laatste decennia naar boven is opgeschoven. De toename begint tegenwoordig niet langer rond het twintigste levensjaar, zoals in de jaren vijftig, maar pas boven het dertigste. Verder handhaaft de aan lezen bestede tijd zich tijdens de opgerekte jeugdperiode niet meer op het niveau van een 12-jarige, zoals aanvankelijk het geval was, maar daalt daaronder. [...] Tsja, dêr steane je dan as - noch frij- jonge man. En it iennichste dat ik dwaan kin nei oanlieding fan it boppesteande stik is knikke. As wittenskiplike konklúzjes passe op de eigen sitewaasje, dan wurdt it aardich dreech om dêr noch wat tsjinyn te bringen. Mei oare wurden: wat sitte wy yn Fryslân no te lêbjen oer jonge skriuwers, as der aanst amperoan mear lêzers binne om de boeken fan jonge èn âlde skriuwers te lêzen...? |
|