ken yn it iepenbier en it yn de picture stean. Hoe gong dy dat ôf?
Dat wie heel spannend. Dat je útspraken fan jesels yn 'e krante sjogge en tinke, sa hie 'k it no eins net sein. Je sette in heel betooch op en der wurdt krekt ien stikje útpikt. Je leare al gau dat de media flechtich binne. Dêr meitsje je je dus hyltyd minder drok oer.
- It baas wêzen, de oare gesachsferhâlding, giet dy dat wat maklik ôf.
Dat is in hele aparte ûnderfining. Je binne wend om mei kollega's kollegiaal om te gean en no is it sa fan: Deputearre, wat fine jo derfan? En soms witte je amper wat je der fan fine, omdat je der net yn sitte. Mar dat kin net, je moatte in oardiel ha. Je moatte kommentaar jaan en sizze wat belangryk is en wat earst útsocht wurde moat. Dat brekt soms yn op allegear amtlike ôfspraken en konsepten.
- It amtlik apparaat as remjende faktor?
Je sitte fêst oan alderhande prosedueres en ôfspraken yn de Steaten en ek oan it bestjoersrjocht, ynspraak en dat soarte dingen. As minsken alle wetlike mooglikheden brûke, kinne se de dingen heel lang opkeare. It beswier fan al dy prosedueres is dat alles bot juridysk wurdt. Dat fyn ik wolris ferfelend. Guon bedriuwen binne hjir net kommen om't de prosedueres te lang duorje.
It is ek in bytsje de ûnmacht fan de polityk. De oerheid yn Nederlân doart har net echt te manifestearjen as stjoerende oerheid. Je sitte mei in keazen bestjoer en ik fyn dat him dat nei fjouwer jier mar ferantwurdzje moat: dit ha we sein en dit ha we dien. No is de effektiviteit en de slachkracht net grut genôch. Der sit soms sa'n bytsje skot yn, mar je binne faak ek ôfhinklik fan oaren.
- Binne der al dingen foarfallen dêr'st miskien twa jier lyn noch fan tochtst da'tst it noait dien hiest?
Ik soe it net wite. Dan soest fergelykje moatte mei wat je twa jier lyn presys tochten. Nee, nee. Der binne wol dingen dy't spannend binne. It proses bestjoerlike fernijing, de paragraaf miljeu, is in hele spannende oangelegenheid, omdat it heel krekt komt hoe't de foarstellen ûntwikkele wurde. De tendins is om te sizzen: it moat nei de gemeenten ta. Mar dy binne net altiten goed tarist. De mear komplekse dingen moatte by de provinsje bliuwe. Hoefier geane je dêryn? Dêr sit in stik spanning tusken.
Ik moat altyd earst de saak besjen, de arguminten op in rychje ha. As ik ien kear keazen ha, doar ik ek wol de Steatekommisje yn om it út te dragen. Dêr giet in proses fan sykjen, fan ôfweagjen oan foarôf. Ien fan de muoilikste dingen foar mysels is as je konkludeare moatte, it sit der net yn: It spyt my wol, ik snap bêst jo goeie bedoelings, mar wy hawwe gjin jild foar wat jo wolle, it past net yn ús belied, wy hawwe oare dingen by de ein.
- Hast gjin spyt fan de oerstap nei de polityk?
Ja, soms wol. Soms haw ik freeslik de balen: de gaos, de drokte, de ellinde, de ûnferwachte dingen dy't oer je hinne komme, it geseur. It is soms sa hektysk en it fret safolle enerzjy, dat ik wolris tink: ik sit hjir al, mar it fret de minske hast op. Fan kollega's ha 'k wol heard dat je it earste jier it gefoel ha dat je hyltyd fersûpe, it twadde jier