Trioel
Proast hearen!
Oene W. Nijdam
In masterset
It soe stil wurde yn Fryslân, in soarte fan kultureel isolemint. Molkwar sûnder Mozart, Bitgum sûnder Beethoven en Tsjom dat Tsjaikovky misse moast. Koaren koenen harren jierlikse útfierings foar in grut part ferjitte, sa wie it ferhaal. En Frysk muzyktalint bleau net oars oer as op 'e trein nei Grins ta.
It mankelike byld út de dagen, no sa'n seis jier lyn, doe't ús provinsje it Frysk Orkest kwytrekke, it orkest dat ‘bliuwe moast’. Aksje, politike druk, stikken yn 'e krante, it mocht net helpe. De Slach by Warns jitris ferlern.
Teminsten, sa waard der foarhinne (en soms noch) tsjinoan sjoen. De fraach is oft dizze fisy strykt mei de wurklikheid. Binne de kwaliteit en it oanbod fan serieuze muzyk yn Fryslân hjoeddedei minder as yn it ferline?
Nei myn idee net. Sterker noch, it saneamde Herenakkoord, hat goed west foar Fryslân, benammen foar Ljouwert. In masterset fan de eardere Kommissaris fan de Koaningin Hans Wiegel en syn kultuerdeputearre Johanneke Liemburg. In útklaaid orkest, op stjerren nei dea, en in konservatoarium, dat fan de oprjochting ôf oer en tefolle wie (der binne mien ik noch tolve konservatoaria oer en dêr wurdt aanst ek noch wol yn snijd), ruilje tsjin in folweardige konsertseal (de nije Harmonie) en in leger oan studinten foar it Van Hall-ynstitút, dat kin wol út.
De fúzje fan it Grinzer Noordelijk Filharmonisch Orkest en it Frysk Orkest ta it hjoeddeiske Noord Nederlands Orkest hat foar ús provinsje mear foar- as neidielen. Better in folweardige Mahler yn De Lawei en in triljende Sjostakovitsj yn De Harmonie, as in nearzige ‘Nachtmusik’ yn Sint Nyk of in broddelige ‘Bolero’ yn Boalsert.
En wat it sjauvinisme oanbelanget, dat moat net oerdreaun wurde. Wat makket it út oft dy Russen, Tsjechen en Hongaren no mei de bus út Grins komme of yn Ljouwert e.o. wenje? It giet der om wat wy yn 'e konsertseal te hearren krije. En dat is kwalitatyf better as oait tefoaren. Eltse musikus sil dêryn meistimme, ek dejingen dy't eartiids foarop rûnen om ‘ús Frysk Orkest’ te behâlden.