Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 233]
| |
Oanlutsen fan in fier ljocht yn de kimen (5)
| |
‘'t Wurk hat goed west’. Kalma as promotor fan BrolsmaKalma hat de jierren troch in grutte rol spile yn de karriêre fan Reinder Brolsma. Twadde part fan de rekonstruksje fan in literêr twamanskip. | |
IIYn 1922 sette, wer op inisjatyf fan Kalma en de Mienskip, de Fryske Bibleteek út ein, in boekeklub bedoeld om Frysk wurk ûnder de minsken te bringen. Ien fan de earste útjeften wie It forgift, in novelle fan Brolsma en syn earste ‘echte’ boek. Kalma hie it ferhaal neisjoen en yn 'e besprekken wurdt in soad krityk jûn op it Frysk fan it ferhaal, dat neffens de measte resinsinten It forgif hjitte moatten hie. ‘Jammer det der wer fen dy nijerwetske mâlle wirden yn brûkt wirde, dy't for moai Frysk trochgean moatte. Sa wirdt der praet fen: in barskipper, dit lytse barren, sinsûndergean, it gehear, ûnmirken, byleauwen, wiernomd en mear fan dat slach, dy't biwize, det in goed ynsjuch yn it Fryske taeleigen ûntbrekt.’Ga naar eind1 De Fryske Bibleteek woe goed, Frysk wurk útjaan, mar moast ek rekken hâlde mei de ynkomsten. In bestjoerslid stelt yn 1925 út ‘yn 't forfolch safolle mûglik ienfâldige literatuer út to jaen b.g. wirk fen Brolsma, om greater ôfsetgebiet to krijen.’Ga naar eind2 In moanne as wat letter komt Kalma yn in bestjoersgearkomste mei de meidieling: ‘Brolsma hat oanbean in boek to skriuwen fen in 200 siden, as honorarium freget er f 200, -.’ It bestjoer nimt it útstel oan.Ga naar eind3 Kalma soarget fierders foar de ôfwikkeling. Hy skriuwt de útjouwer Brandenburgh mei de fraach oft dy it boek útjaan wolle soe; de printer helle de skriften dêr't Brolsma syn roman yn skreau by Kalma op.Ga naar eind4 It Heechhôf, it boek dêr't Kalma op doeld hie, kaam yn 'e hjerst fan 1926 út en wie in sukses, by de kritisy en de lêzers. Oars as by It forgift wie dit boek boppedat moai fersoarge, mei in bân fan Johan Dykstra. In jier letter wie it boek al útferkocht. Nei it ferskinen fan It Heechhôf waard Brolsma in ‘namme’ yn 'e Fryske literatuer. Sa't bliken dwaan sil, waard der al tsierd oer wa't him ‘ûntdutsen’ hie. Yn it Krystnûmer fan Sljucht en Rjucht fan 1926 stie in petear mei Brolsma, ûnderskreaun troch ‘A.N.’. Yn 'e tekst stiet: ‘It feit dat skriuwer en freger inoar nou al in jierman- | |
[pagina 234]
| |
nich aerdich goed kenne, helpt tige (...)’ Dat wie fansels in oanwizing oer de identiteit fan de ynterviewer: Douwe Kalma sels. Mei twa útspraken yn it petear krige Brolsma letter problemen. It gie om de konstatearring, dat it krantestik fan Kalma fan 1916 him oantrune hie, om better te skriuwen en it feit dat hy de Jongfryske Mienskip priizge.Ga naar eind5 Twa wike letter stie der in brief fan Brolsma (‘for rekkening fen de skriuwer’) yn itselde blêd. Yn dy twa wike hat de anti-Kalma fraksje Brolsma bewurke, dat kin net oars. Brolsma skriuwt nammentlik, dat er nei oanlieding fan it petear ‘inkelde bimerkings en uteringen fen forwûndering krige, dy't my der ta twinge om dit stikje (...) to skriuwen.’ De Fryske beweging wie blykber sa'n holdersnêst, dat Brolsma him twongen fielde in pear - foar de lettere lêzer - ûnskuldige útspraken wer ynlûke te moatten. Kalma hie frege: ‘Leauwe jy dat de Jong-Friezen it rêdde scille, det Fryslân wer in Frysk lân wirde scil?’ Brolsma andere ûnder oare: ‘Men moat blyn wêze as men net sjucht hwet der de lêste tiden foroare is.’ Dat wie dochs te bot pro-Kalma. Yn syn reaksje sei Brolsma no: ‘Scil Fryslân it rêdde to sizzen, net spesifyk de Jong-Friezen, mar alles hwet der ta mei-arbeidet ta bihâld en foartsterking fen de tael. Elts dy't dêrta mei-arbeidet, itsy Jong-Fries, Kristen-Fries, Upstalbeammer as Ald-Selskipman, fynt yn my syn maet.’ Al stiet it der net mei safolle wurden, guon minsken ha ek fûn dat Kalma tefolle eare fan Brolsma krige foar syn oantrún. Brolsma skreau teminsten: ‘Dat ek ien fen ús oare Fryske foarmannen - earder as K. - en yn in oar Frysk blêd, skriuwer [Brolsma] syn wirk mei lof oanhelle hat, is him nou al, mar wier him do net bikend.’ Dy oare foaroanman wie J.J. Hof. Hy hie op 4 jannewaris 1916, dus krekt earder as Kalma, dit iene rigeltsje skreaun oer Sljucht en Rjucht: ‘Letter waerd de ynhâld wer better, foaral do't Brolsma him hwet ûntjoech.’Ga naar eind6 Wa wist dat noch, tsien jier letter? Soe Hof dêr sels wier nea wat oer sein ha? ‘Mar ik hab it net west dy't him doe, Krysttiid '26, oer it ûnwiere yn dat “fraechpetear” oan west hat. Hy [Brolsma] wit lykwols net mear hwa dan al.’ Dat skreau Hof letter yn syn memoires, dy't likegoed ‘Myn striid tsjin Kalma’ hjitte kinnen hiene. Foar Hof wie dat fraachpetear in safolste foarbyld fan it yn 'e hichte stekken fan Kalma en de Jongfriezen. ‘Ja, dy A.N. wie in earsten Kalmaniak, dat er de lju sa ta forhearlikjen fan Kalma forlokke... A.N. wie Kalma.’Ga naar eind7 Ut Brolsma syn reaksje docht bliken, dat Kalma it petear mooglik ek wol brûkt hat foar sels-promoasje. Brolsma skriuwt dat Kalma it petear net ‘stenografysk’ werjûn hie. Hy ferklearret dat troch it feit ‘dat skriuwer en freger elkoar goed kenne, d.w.s. faker mei elkoar praet hawwe. En dat dit oanlieding wirden is ta in net suver werjaen fen just dat petear, dat ôfprinte wirde moat - op in pear punten alteast.’ En mei dat lêste rigeltsje foel er Kalma dochs wer net al te bot ôf. Foar Brolsma, dy't sa graach syn neutraliteit hanthavenje woe, wienen de gefoelichheden yn de Fryske beweging in griis. Kalma wie it wend. Yn 1928 skreau er deakalm: ‘Earst mei en troch de Jongfryske biweging bigoun R. Brolsma as skriuwer de bitsjutting to krijen dy't er nou for | |
[pagina 235]
| |
de Fryske skriftekennisse hat.’Ga naar eind8 J.H. Brouwer reagearre dêrop yn De Holder: ‘Nei myn sin anneksearret Kalma [...] tofolle it goede út 'e foargeande tiid en slacht er de wearde fan it Jongfryske skeppende wurk to heech oan. It is wol maklik b.g. Juffer Kloosterman en Brolsma nei jin ta to rekkenjen, mar hwa't har wurk neigiet scil bifine, dat beide allang har wei en foarm foun hiene ear't er sprake wier fan Jongfryske literatuer.’Ga naar eind9 Syn miening is mear as ien kear oernommenGa naar eind10, mar J.H. Brouwer skreau yn 1933 al wer hiel oars: ‘Men moat dy âlde bydragen ris opsiikje (...) en lêze. Wis, der binne út en troch fen dy trekjes, in inkeld wird, in sintsje dêr't men fen seit: det is Brolsma - mar oars, as men dat foarste bigjin hâldt by syn bêste wirk, fen de lêste jierren, hwet in forskil.’Ga naar eind11 | |
IIIYn 'e tritiger jierren wie Brolsma de meast produktive en meast populêre Fryske skriuwer. Dat er safolle lêzen waard kaam mei troch syn grut tal krantestikken. Hy hie in fêste rubryk yn bygelyks Fan Fryske Groun en de ‘Hepkema-blêden’ Nieuwsblad van Friesland en Leeuwarder Nieuwsblad. Dochs soe it noch oant mids 1936 duorje ear't er de ‘fervekwaste del lizze koe’. Yn dat jier krige er in fêste beneaming by de Leeuwarder Courant. Hy waard oannommen foar it skriuwen fan rjochtbankferslaggen. Foar Sljucht en Rjucht, It Heitelân en Frisia levere er noch altyd literêr wurk, mar syn produksje wie wol dúdlik leger as earder. Fan de meidoggers oan Frisia krige hy fierwei it measte betelle. Doe't dit yn 1933 yn in ledegearkomste fan de Fryske Bibleteek te praat kaam, woenen de measte oanwêzigen dit mar sa hâlde om 't men ‘it oannimmen fen syn wirk for it hâlden fen in great lêzers- en ledental sa winslik [fûn] det dit in hegere priis wirch is, al mei soks teoretysk net yn oarder wêze.’Ga naar eind12 Yn datselde jier skreau redakteur Kalma oan Brolsma: It is njunkenlytsen wer de tiid om ris to praten oer Jou meiwurking oan Frisia yn it folgjende jier. Ik wit net eft Jo plannen hawwe. Oars mei ik faeks dit yn bitinken jaen. Yn ‘Nei de ein’ jowe Jo in krisis-byld det fen de lichte kant opnommen is, lyk as by dizze haedpersoan ek net bêst oars kin. Mar for de minsken fen it ‘Heechhôf’ b.g. scoe de wize dêr't hja op reagearren in hiel stik oars wêze, earnstiger, mûglik sels tragysker. Scoene der dy kant út ek mûglikheden wêze dêr't hwet fen to meitsjen wier? It jier dêrop begûn Brolsma yn Frisia mei Grûn en Minsken. Oft Kalma syn suggestje om no ris mear oer de ‘skaadkant’ te skriuwen dêrby fan ynfloed west hat? Wis is dat de nije roman in fierdere ferdjipping betsjut fan Brolsma syn wurk. Hy skreau trije jier oan it boek; yn 'e simmer fan 1936 wie it klear en it lêste part stie yn it alderlêste nûmer fan Frisia, yn desimber 1936.Ga naar eind14 | |
[pagina 236]
| |
Oer dat lêste part fan it ferhaal stjoerde Kalma foar de publikaasje yn Frisia in reaksje oan Brolsma: Al lang ha ik yn 'e wille west Jo to skriuwen oer de ein fen ‘Groun en Minsken’ det ik fen 't simmer fen Jo krige. Ik hie der al dalik biswieren tsjin; nou't ik it yetris oerlêzen haw binne dy yet sterker wirden. It slimme is det de ein eltsenien oandwaen scil as in needskot. Men scil sizze: ‘Brolsma hat himsels yn in ympasse skreaun, en hy kin der net útkomme.’ By in wirk fen lytser bitsjutting mocht det hinne bruije, mar by in wirk as ‘Groun en Minsken’ scoe it my slim moeije as det it lêste wird wêze moast. Ek tinkt my det de wirden yn it alderlêst net goed keazen binne. Jo ha net dizze bodders teikene yn hjar ‘dwersens en lytsens en opstandichheit.’ Danjel is syn eigen wei gien, as in koartsichtich, mar earlik natûrminkse. Syn forstân hat nou ienris lytser west as syn wollen. Syn ôfwiken fen de âlde wei (eigentlik allinne dit det er him net as in leauwer foardocht en himsels yn det stik neat wysmeitsje kin) kin men amper opstannigens en wis gjyn lytsens en dwersens neame. En fen de ‘blierens en opteinens fen syn jeugd’ ha Jo ús net folle sjen litten. Swierder as det alles weacht, det in skriuwer Us Ljeaven Hear net opdraeije litte kin for de konflikten dy't ersels oproppen hat. Dy hat oars al genôch oan 'e holle, scoe men sizze kinne (as it spotsk klinkt, it is wis net spotsk miend). Ik scoe Jo dêrom wol tige yn bitinken jaen wolle: bislút ta in oar ein, ien det natuerliker is en dizze biswieren net hat. Jo moatte it fensels hielendal sels útmeitsje. Mar ik nim takomme Snein it lêste skrift mei nei Ljouwert, en lit it den op it Mienskipshûs dêrre in 14 dagen ta Jou biskikking. Jo sjugge den sels wol ho't Jo wolle. Mar it scoe spitich wêze in moai en respektabel stik wirk to bidjerren mei in ûnsuver slútakkoart [earste twa letters fan ‘slút’ letter wer skrast, DS].Ga naar eind15 Yn dy 14 dagen hat Brolsma it lêste part oernij skreaun, dat kin hast net oars. De wurden dy't Kalma oanhellet steane net (mear) yn it hânskrift dat bewarre bleaun is.Ga naar eind16 De teneur fan it lêste stik is ek hiel oars as wêr't Kalma it yn syn brief oer hat. Opmerklik is dat de alderlêste rigel fan it hânskrift noch yn 'e printkladden feroare is. Brolsma hie earst skreaun: ‘(..) haw ik minske - of mûnster west?’ Yn Frisia en letter yn 'e boekútjefte stiet: ‘Hwet haw ik west: in wyld... ef in minske?’ De feroaring fan dy moaie rigel is altyd op konto fan Jan Piebenga kommenGa naar eind17, mar dat kin net stean bliuwe. It hat Kalma west, dy't Brolsma nochris neitinke litten hat oer it lêste part, ek oer de lêste rigel. It hat Brolsma sels west dy't de feroaringen oanbrocht. Kalma, mar ek Piebenga net (sa't wol bliken docht út de printkladden fan It Aldlân dy't hy neiseach), feroaren wat yn it ‘ferhaal’, allinnich wolris wat yn 'e styl en de stavering. Miskien hawwe Kalma en Brolsma der nochris oer briefke, en der wie fansels ek al tillefoan. Piebenga hat neat mei de printkladden fan Frisia út te stean hân. Yn it jierferslach oer 1936 fen de Fryske Bibleteek stiet: ‘It skriuwerskip fen 'e redaksje wie by J. Piebenga; D. Kalma gie, yn forbân mei de forsoarging fen Brolsma syn romankopy, oer de printkladden.’Ga naar eind18 Dochs wie Kalma noch net hielendal tefreden oer it slot fan Grûn en Minsken. Yn in besprek fan de boekútjefte kaam er nochris op 'e saak werom: ‘In het bijzonder schijnt een overtuigend slot voor Brolsma vaak groote moeilijkheden op te leveren; zelfs het | |
[pagina 237]
| |
zoo gave It Heechhôf eindigt met een onwaarschijnlijkheid, en Groun en Minsken breekt af met een, het heele werk met oplossing bedreigend, vraagteeken.’Ga naar eind19
De Fryske boekemerk wie mar lyts. It tal boeken dat ferkocht waard kaam meastal net boppe de 500 út. Foar Brolsma wie de Hollânske merke dêrom oanloklik. Yn 'e kranten skreau er syn stikken allang net mear allinnich yn it Frysk. Hy begûn mei eigen wurk oer te setten en hy hat miskien wol plannen hân om streekrjocht yn it Hollânsk te publisearjen.Ga naar eind20 Kalma moat dat witten ha. Foar de Fryske Bibleteek wie Brolsma in wichtich auteur, dy't se net kwyt woene. Yn de bestjoersgearkomste fan 10 oktober 1936 brocht hy dat op it aljemint. ‘Kalma scoe ljeaver Brolsma wer in opdracht jaen wolle. Piebenga hat ek wiisd op Groun en Minsken, det Brandenburgh wol foar f 2,- útjaen wollen hie, as der mear lju stipene. (..) Brouwer en oaren stimme mei: Brolsma moat binammen oan 'e gong hâlden wirde, oars forlieze wy him oan it Hollânsk.’ De oare kear waard it wer bepraat: ‘De samlers slagge fierders foar fêst in nije roman fen Brolsma skriuwe to litten. Dêrfoar wurdt for 150 eks. in bidrach fen f 250,- fêstset.’Ga naar eind21 It soe lykwols noch mear as in jier duorje ear't Brolsma in offisjele opdracht krige. Kalma skreau him: Wy rekkenje dos by de Bibleteek derop det Jo yn de rin fen it winterhealjier hwet ré krije, greatte likernôch ‘De Skarlún’ of ‘It Heechhôf.’ Ik bin der bliid om det Jo it besykje wolle; Fryslân kriget fen Jou wirk net gau genôch. Ik haw in honorarium útsteld fen f 150,-, en dêr moatte wy mar op oan hâlde. Om krysttiid hinne kinne wy den wolris prate ho' it fierder mei de auteurs-rjuchten scil. Dy kinne fen dit wirk wol oan Jo bliuwe, as wy den de rjuchten fen de Bibleteek by in 2de printinge omskriuwe kinne. Hwet wy Jo bitelje, is fierstente min, mar like goed mear as oare Fryske skriuwers krije; oant no ta koene wy det forantwirdzje troch to sizzen: mar wy ha de auteursrjuchten ek. Der scil lykwols ek wol in oare foarm oan to jaen wêze.Ga naar eind22 Dat wie yn novimber 1937. Begjin maaie wie it boek ôf. Brolsma stjoerde dizze brievekaart nei Kalma: Drokke beuzichheden beletten my ferline Snjeon om nei it Mienskipshûs ta. Ik hie Jou in lokwinsk takomme litte wollen mei Jou Doctoraal en dat is der nou by bleaun. Sadwaande nou by dizze gelegenheid en tige mienens. Ei, men hie der sa gau gjin erch yn en bûtendien lei it ek op in terrein dert ik net sa by útstek deskundich bin. Jou scille nou hwet bekomme tink. Wel, as jy wer yn it Mienskipshûs oanlânje dan leit it hanskrift der ré. Ik haw it Liuwe earst ris leze litten en dy sei, it wier knap. By hwennear der eat bisûnders oer te melden is -, Jo leze it fansels earst ek dan hear ik it wolris.Ga naar eind23 Brolsma hie der byset: ‘De titel: formoedlik Richt.’ Op 20 maaie levere Brolsma it boek by it Mienskipshûs ôf: Hjir is nou it hanskrift fen it boek, det ik by 't winter skreaun haw. Der binne 300 skriftbledsiden. As de útjouwer der hwet mei om tinkt en hy hwet rejael printet, en hwet in aardich fatsoenlik bistek fen in boek makket, dan kin it in 150 | |
[pagina 238]
| |
bleds. great wirde. My tinkt, det de ynhâld goed is. It is myn lêste Fryske wirk salang as ik oan de krante ferboun bleau. Der is my sein, ik moast hwet sunich wêze mei de oalje yn 'e lampe.Ga naar eind24 Kalma reagearre posityf, ûnbekind is op hokker wize. Brolsma skreau him: Jou oardiel oer it hanskrift hat my tige goed dien. Ik koe ek net sjen det it oars wier as wier - ik mien it boek - mar hie der noch graach hwet oan en yn om arbeidzje wollen. It foldie my net alhiel mar it woe net mear. Dan is it better om mar op to hâlden. En nou oer de titel. Wel, ik hie do't ik begoun presiis datselde wird yn 'e holle. Aldlân scoe it hjitte, dat stie fêst. Mar by de fierdere ûntjowing miende ik mar, det it wirk net genôch spriek om it wurd goed to meitsjen. Nou't Jou sûnder hjir eat fan ôf to witten (dit is wol hiel bisunder tinkt my) dochs itselde oppenearje is it makke fansels. Aldlân. In moaije titel. Frysk en sprekkend. Jy scille dit wol bioarderje wolle mei de útjouwer en ek miskien hwet de gadelike foarm oanbilanget.Ga naar eind25 It waard It Aldlân. Kalma hie him al earder mei Brolsma syn boektitels dwaande hâlden. Sa waard ‘It lêste jier’ as boekútjefte De Skarlún. Kalma krige net altyd syn sin. ‘Oangeande de titel fen de nov. for Frisia haw ik besletten om dy oan to hâlden op: “Neisimmer”, sûnder mear. It jout it bêste de bedoeling, ek nou't ik neier oan de ein takom.’Ga naar eind26 Brolsma hie dit ferhaal earst: ‘Administrater Hoogland en Anneke Sorn’ neamme wold en letter nochris ‘De rintmaster en de tsjinstfaam.’ Beide titels sil Kalma beswieren tsjin hân ha. De titel ‘Nei de ein’ wie wer fan Kalma; Brolsma hie dit lange ferhaal earst ‘Twadde houlik’ neamd.Ga naar eind27 | |
IV‘De oerdeis dan - Pinkstermoandei 1940 - gongen wy - biroerd fan agitaesje, oermastere troch moedeleazens, yn-ein fan dwelmjen lâns de stêdske strjitten - bûtenút, de greiden troch, de stap settend nei in freonehûs. Hwer soe men oars bankje? De wegen beaën rounom datselde tafriel: greate en lytsere ôfdielings frjemd kriichsfolk, skynber ûnbioardere en troch in machtige earm fuortkrongen nei in ûnwezentlik doel ta.’ Dit skreau Brolsma - letter - oer it begjin fan de oarloch.Ga naar eind28 Kalma dichte: Yn de ljochtsjende moarn fan de maaie Foar beide mannen like dy ‘boadskip fan de tiid’ net ûngeunstich. Kalma besocht om wat fan syn ynfloed op de Fryske Beweging werom te krijen; Brolsma syn literêre sukses wie grutter as ea. Hy bleau sjoernalist, ek doe't der mar ien krante oerbleau dy't sa skriuwe moast dat de besetter der gjin argewaasje fan hie. Der wie in grut ferlet fan Fryske boeken. Alder wurk fan Brolsma waard dêrom safolle as mar mooglik wie útjoun; elk jier wie der ek wol in werprintinge fan syn populêre romans. Nij wurk skreau er hast net. It liket der op dat Kalma en Brolsma yn 'e jierren om 1940 hinne net mear sa'n soad kontakt | |
[pagina 239]
| |
hienen. Foarearst, Kalma wenne yn Eindhoven en wie meastal mar foar in pear dagen yn Fryslân. Frisia wie der mei ophâlden en der wie gjin nij tydskrift foar yn it plak kommen. It wurk foar de Fryske Bibleteek waard berêden troch Rein Boomgaardt en Jan Piebenga. By de útjeften fan Brolsma syn âldere wurk wie Kalma net belutsen.Ga naar eind30 Mooglik dat Kalma him dêrom ek frij fielde om in tal resinsjes oer Brolsma te skriuwen. Earder hied er wolris wat oer Brolsma publisearre, mar dat wie nea botte kritysk of yngeand. Yn ‘Literatuur en Landschap’, in artikel yn Saxo-Frisia, skriuwt Kalma dat foar Brolsma ‘aarde, streven en geluk tot een eenheid [zijn] geworden, waarvoor het woord “waar” wellicht in nog hoogere mate kan gelden dan het woord “schoon”.’ Fierders seit Kalma dat de romanfiguren fan Brolsma ‘vrede’ kenne, ‘als hun kleine zorgen soms groot lijken, het zijn vertrouwde zorgen, door geldelijke moeilijkheden of door ziekte ontstaan, zelden of nooit door de conflicten van het hart.’ Grûn en Minsken sûndert Kalma út. Yn dat boek, sa seit er, is de ‘toon iets harder’. Hy fynt it boek gjin prototype fan in ‘blut und boden’ roman, sa't bygelyks Johan Frieswijk koartlyn noch ha woe.Ga naar eind31 ‘De door het paard als betooverde Danjel,’ skreau Kalma, ‘is een meesterlijke studie van primitief menschenleven; representatief voor de streekbevolking is hij stellig niet.’Ga naar eind32 Yn it besprek fan Grûn en Minsken út 1941, neamt er It Heechhôf as ‘nog steeds zijn meesterwerk’. Ut persoanlike ûnderfining koe Kalma observearje: ‘Indien ik één eigenschap zou moeten noemen die typeerend voor Brolsma is (en ook hierin stemt hij met het Friesche volksleven overeen), dan zou het die der bescheidenheid zijn. Hij schijnt zoo stil door het leven te zijn gegaan, oog en oor steeds zoo met stille aandacht op zijn medemenschen te hebben gericht, hun doen en laten met zoo veel innig medeleven te hebben beschouwd en doorschouwd, dat men in zijn werk hem als persoonlijkheid ternauwernood opmerkt.’Ga naar eind33 Yn in besprek fan It widdou's bern yn It Fryske Folk seach Kalma werom op de foarbije dagen fan de Jongfryske tiid. ‘It wier yn it earste Mienskipshûs, for de Mienskipskrite Ljouwert, det Brolsma for it earst ús syn wirk foarlies, ienfâldich en stil foar him hinne; mar dy't nei him harken, seagen hwet er biskreau sa klear foar him, as wierne it bylden út hjar eigen libben. Brolsma's foarstelling fen Tetman wier in great barren for ús; einlings waerd it plak det lang leech west hie, dêrmei wer biset. De eigentlike Jongfryske forteller hie Marten Baersma west (..). Do't Brolsma kaem mei It Widdou's Bern wisten wy, in nije dei wier bigoun.’ Hy einige it besprek sa: ‘Mar men moat it lêze, en den moat men al det lettere der ris by weitinke, it lege plak fen Marten Baersma sjen, en de stim fan Brolsma hearre dy't bigjint to fortellen, rêstich en ienfâldich. Den scil men forstean ho kostber dit wirk for ús wier, en al de stille djipte fen in Great Unthjit det ik hjirboppe skreau. En dat ûnthjit, ho hat Reinder Brolsma it sûnt net wier makke!’Ga naar eind34
De Fryske Beweging hie ynearsten besocht neutraal op it nije regear te reageerjen. Mar nei in skoftsje waard de besetting grimiger en kaam it | |
[pagina 240]
| |
der op oan hokker opstelling te kiezen: meiwurkje (en as't koe tsjinwurkje) of posityf meiwurkje. Brolsma en Kalma ha de lêstneamde kar dien. De Dútsers sochten nei wizen om mear greep op de Fryske foarmannen te krijen. Dêrby koenen de lju dy't net tsjin de besetters wienen, goed brûkt wurde. Brolsma hearde ta dy groep. Hoe't hy, as a-polityk man, dochs yn dat ‘foute’ kamp telâne kommen is? Dat de noed om syn ynkommen dêr in wichtige rol by spile hat, stiet wol fêst. Brolsma hat him oansluten by de Fryske Rie, in kulturele organisaasje dy't meiwurke mei de Dútsers. De Rie joech ek in blêd út: It Fryske Folk. Brolsma levere dêr sketsen en ferfolchstikken foar. Yn 'e Rie trof er Kalma wer. Syn rol wie lykwols net sa grut yn 'e nije organisaasje as er sels wol wollen hie. Kalma levere ek bydragen oan It Fryske Folk. Nei 1941 wie dat it iennichste Fryske literêre tydskrift dat noch útbrocht wurde mocht. It wie de Fryske Rie dy't it foarinoar krige dat it ‘Departement voor Volksvoorlichting en Kunsten’, in literêre priis foar Fryske literatuer ynstelde, de Harmen Sytstra-priis. Brolsma wie de earste dy't de priis krige. Op 11 oktober 1941 (in sneon) kaam Tobi Goedewaagen, de grutte man fan it Departemint nei Ljouwert om Brolsma de priis oer te langjen: f 1000,- en in oarkunde. De Fryske Rie, dy't bûten de oare Fryske organisaasjes om wurke, hie der in moai propaganda-feest fan meitsje wollen. Dat is mislearre. De oare Fryske klubs wienen bang foar safolle aksje út it ferkearde kamp en kamen offisjeel net nei de priis-útrikking. Dat Brolsma de Harmen Sytstra-priis oannommen hat, is him tige kwea-ôf nommen. Dat hy, in fatsoenlik man, dy priis oannommen hat út ‘ferkearde hannen’! Hoe koe dat? It is Kalma syn skuld, seit Sjoerd van der Schaaf, dy joech it ferkearde foarbyld, hy hie Brolsma oars advisearje moatten.Ga naar eind35 Teake Hoekema mient krekt oarsom dat it Kalma west hat dy't Brolsma ‘der ta krigen hat om de earste Fryske literêre priis oan te nimmen.’Ga naar eind36 Alles wiist der lykwols op, dat Brolsma der grutsk op wie dat hy de priis krige. Der hoegde fêst gjin druk op him útoefene te wurden. Foarearst, de jierren 1940 en 1941 wienen foar him gouden tiden. Noch nea hied er sa'n soad sukses. Wie Grûn en Minsken noch nei in soarte fan biddelaksje fan de Fryske Bibleteek útkommenGa naar eind37, no gie it allegear folle makliker. Ek yn Hollân waad er bêst ferkocht. Hy hie nei safolle jierren fan fûl skreppen, ferlet fan erkenning. Hy koe de mannen fan de Fryske Rie ek net foar de holle stjitte, dan wie er syn breawinning kwyt. Yn syn tankwurd by de priisútrikking betanke er de ‘Rintsje- en Douwemannen’, om't dy har ynset hienen foar syn priis. Hy doelt dan op Sibe Douwes de Jong, Johannes Doedes de Jong en Douwe Kiestra. Kalma wurdt net yn dat rychje neamd. Hy komt yn it tankwurd oan 'e oarder as ien dy't yn 'e tritiger jierren al besocht hie om de ‘Nederlandse Maatschappij van Letterkunde derta to biwegen det ek it Frysk mei telle mocht yn de kriich om literatuerprizen. (..) It hoechde net, sei men, der wier gjin forlet fen (..).’ Yn syn rede fergelike Brolsma de Jongfryske tiid en de ‘beweging fen hjoeddeisk.’ Neffens him wie dy | |
[pagina 241]
| |
‘net wanlyk (..) oan de Jongfryske út de snurje omstreeks 1917-1918. En dert ik fen mien, det op 'e nij ús skriuwers en ús tael fen forsterke wirde sil.’Ga naar eind38 Op 'e nij hie Brolsma - sa like it teminsten - in fermidden fûn dat him tagedien wie en syn wurk begeunstige. Krekt as earder sil er him net in soad mei it ‘ideaal’ fan de beweging dwaande hâlden ha. As men in ‘ferkeard’ foarbyld foar Brolsma yn dizze tiid sykje wol dan komt net Douwe Kalma yn 'e beneaming, mar Douwe Kiestra. It wie de foarman fan de Rie, dy't no in soad wurk foar Brolsma út 'e wei sette. Hy kaam ek oan it wurd by de priisútrikking. Kalma wie der dy deis nei alle gedachten net (iens) by.Ga naar eind39 Hy hie wol in bydrage levere oan it spesjale Brolsma-nûmer fan It Fryske Folk, dat gearstald wie troch - wer - Douwe Kiestra. Kalma skreau by dy gelegenheid oer Brolsma syn wize fan wurkjen. Brolsma wie neffens him in skriuwer dy't ‘net oan ien tried wei [skriuwt], hy siket om wird en sizwize, bytiden, yn syn hanskrift, lit er plakken iepen for lettere ynfolling - en ta fortriet fen de redaksjes - bliuwt det der wol ris by.’ Kalma neamde nochris syn eigen rol yn Brolsma's karriêre: ‘Ik leau det ik sels de earste west haw dy't in skôging oan him wijde en him yn de rige fen foaroansteande skriuwers neamde (..).’ Kalma kaam ek op de bitsjutting foar Fryslân fan Brolsma, foar ‘it Germaenske libben’. Dat wie neffens him dat Brolsma syn wurk ‘de fortsjinste fen de wierheit’ hat. ‘Dit binne jim, seit Brolsma tsjin syn folk; en it folk andert: sa binne wy.’Ga naar eind40 Kalma bleau warber foar Brolsma. Yn 'e lêste bestjoersgearkomste fan de Fryske Bibleteek yn 'e oarloch, yn 1944, stelde er noch út om in bondel krystferhalen fan Brolsma út te jaan.Ga naar eind41 | |
VDe wize dêr't beide mannen op út de oarloch kamen, wie wakker gelyk. Beiden waard troch de ‘Eereraad voor de Letterkunde’ in publikaasjeferbod oplein. Foar Brolsma duorre dat oant 1 novimber 1946, foar Kalma langer, oant 1 april 1953. Brolsma krige fan de rjochter foar syn hâlding foar de besetters oer in jildboete; Kalma dy't nei de befrijing oppakt wie en yn in kamp sitten hie, krige gjin oare straf. Brolsma waard nei't syn publikaasjeferbod foarby wie, wer behelle by kranten en tydskriften. Hy levere wurk oan de Leeuwarder Courant, It Heitelân en ien kear ek oan De Tsjerne. Yn 1947 kaam RichtGa naar eind42 út, it lêste part fan de rige oer de minsken fan It Heechhôf. Utsein wat koarter wurk, kaam dêrnei net folle mear út syn hannen. Kalma lei der by de Fryske Beweging hielendal út. Hy begûn dêrom wer mei in eigen organisaasje, dy't nei alle wikselingen yn it ferline wer ‘De Jongfryske Mienskip’ hiet. It hie ek wer in eigen blêd, dat er sawat hielendal sels folde. Neist it oersetten fan de komplete Shakespeare, hie Kalma noch oare projekten by de ein. Hy begûn in nije rige boekútjeften en neamde dy de Nije Fryske Rige. Dêrfoar frege er Brolsma om meiwurking. Kalma stelde út om in bondel mei ferhalen gear te stallen en hy woe der dan ek in ynlieding by skriuwe. Dat gie oan. Kalma frege foar dy ynlie- | |
[pagina 242]
| |
ding oan Brolsma om ‘in bytsje eftergroun to hawwen by de stúdzje fan Jou wurk. Jo hâlde net fan in foaropstellen fan de persoan, en ik ek net, mar de eftergroun forwaerloazgje giet dochs ek to fier, frâl by Jo, om't it forbân tusken eftergroun en wurk by Jo sa ynlik is.’Ga naar eind43 Brolsma skreau werom mei bysûnderheden oer syn famylje en syn karriêre, dy't allegear werom te finen binne yn 'e printe ynlieding.Ga naar eind44 Brolsma stjoerde ek in listje op mei ferhalen dy't er gaadlik fûn foar de bondel. Net ien fan dy suggesjes hat Kalma oernommen. Kalma keas ek in oare titel as Brolsma útstelde. De skriuwer kaam mei ‘Heapsté’Ga naar eind45, mar it waard Sa seach ik Fryslân. Doe't Kalma de ynlieding ôf hie, reagearre Brolsma sa: Sneon in wike lyn binne wy útfanhûs rekke nei de bern yn Amsterdam en Rotterdam en jister Tongersdeijoun 6 ûre wer thús foun ik jou brief c.a. Derfendinne dat [ik] dy earst mar beanderje sil, it forneamste is dat ynliedend wird-, dêr kin ik it - ho knap sein - dochs net mei iens wêze en, nei't ik frees hopen lêzers ek net. Jo fetsje it fansels wol, it slacht op dy uteringen oangeande myn tofreden wezen mei it biskieden diel - ‘de stille wei keazen’ sa't Jou sizze. Dit mei abslút jilde foar - lit sizze - oan de bisetting ta. Mar - yn '41 haw ik my wol forgoed op 'e troane sette litten - de H. Sytstrapriis oannaam - en hoewol destyds party folk dêr gjin niget oan seach -, ik haw dêr wol bewizen fan - is it my letter -, en soe it my nou op 'e nij wer knap op myn brea lein wirde. ‘De man is rjucht oarsom’ koe der fan komme ‘hy wachtte syn dei en ûre ôf.’ Soks is better to mijen tinkt my. Och, elk kin wol begripe dat in skriuwer wolris forlet hat fan in kromke tagenegenheid, mar myn plak wier nou ienris net foaroan. Dat sil ik sa frij wêze en set hjir en dêr in blaue streep. Mei blau poatlead hie Brolsma der ûnder set: ‘Foto's haw ik noch wol út 'e glorieuze dagen fen '41 - dat is wol goed tink?’Ga naar eind46 It boek kaam yn 'e maitiid fan 1951 út, sûnder de troch Brolsma neamde rigels. Kalma koe it net litte om yn it foaropwurd de ‘suverjende’ krityk te neamen dy't fan de kant fan de Jongfriezen kommen wie op de folskskriuwerij. Sa seach ik Fryslân wie net bedoeld as kado foar Brolsma's santichste jierdei, sa't wolris tocht wurdt.Ga naar eind47 Dat wie Folk fan Fryslân wol. Dit boek waard op inisjatyf fan de Fryske Bibleteek útbrocht en Kalma wie der - sydlings - wer by belutsen. Begjin 1952 skreau er oan Rein Boomgaardt, de foarsitter fan de Bibleteek: Yn bitrouwen (Brolsma binammen mei it to'n earsten net witte): mei fa. Laverman bin ik oerienkommen dat Brolsma syn Obe Palma (Nei de Ein), foar of op syn 70ste jierdei (23-V-52) yn | |
[pagina 243]
| |
boekfoarm útkomme sil. (..)Ga naar eind48 Hy wie lykwols te let mei dit útstel. Boomgaardt skreau werom: In plan om Brolsma syn Nei de ein, eventueel mei oare sketsen, út to jaen libbe al sûnt lang by it Bibleteekbistjûr en yn de Bistjûrsgearkomste fan Desimber '51 is hjir ek ta bisletten. Ik krige opdracht dit mei Brolsma to bipraten en haw dit ek dien. (..) It idé om dizze útjefte útkomme to litten y.f.m. Brolsma syn 70-ste jierdei, liket my aerdich ta en ik sil dit - lykas ek Jou brief - op de earstkommende bistjûrsgearkomste to praet bringe.Ga naar eind49 Kalma krige noch wol wat oars foarinoar. Hy skreau nochris oan Boomgaardt: (..) De titel ‘Nei de ein’, dy't ik destiids sels oan it wurk jown haw, mei ik nou net mear lije; hja suggerearret hwat dat mei de ynhâld op gjin stikken nei oerienkomt. Ik soe foarslaen wolle ‘Obe Palma’, dy't de ‘helt’ fan it forhael is, en in namme hat dêr't men hwat fan de man yn fielt.Ga naar eind50 Nei oerlis mei Brolsma waard it Obe Palma. De bondel Folk fan FryslânGa naar eind51 krige Brolsma - by him thús - oanbean troch de útjouwer. In foto fan de gearkomste stie de deis dernei yn 'e krante. It liket derop dat Brolsma - mei om de sounens fan syn frou - der earst gjin drokte fan ha wollen hie. Dochs gie it oan en it wie wer Kalma dy't dêr op oanstien hat.Ga naar eind52
Ien fan de karweikes dêr't Kalma noch mei oan 'e gong wollen hie, wie it gearstallen fan in bibliografy fan Brolsma syn wurk. Yn de ynlieding by Sa seach ik Fryslân hie hy dat al neamd. Dat is der net mear fan kommen. Yn oktober 1953 krige Kalma in ûngemak en hy ferstoar in pear dagen letter. By gelegenheid fan Brolsma syn santichste jierdei hie Jan Piebenga yn 'e Leeuwarder Courant skreaun, dat de dagen nei sa'n feest ‘faeks de minste en de swierste [binne]; mei dêr foar Brolsma it foldédige ljocht foar [fan?] de frede en fan de wysheit oer falle.’ Dy winsk wie net om 'e nocht. Piebenga hie yn syn stik al neamd dat it like as wie by Brolsma ‘de fleur fan it skriuwen’ der wat út.Ga naar eind53 Brolsma hat de werútjefte troch Laverman fan De Skarlún noch belibbe, in boek dêr't er altyd grutsk op west hie. Koart dêrnei, yn novimber 1953, hat er in ein oan syn libben makke. | |
VIBrolsma wie in ynbannich, ôfstanlik man, dy it leafst op de eftergrûn bleau. Kalma wie wis fan himsels, ambisjeus en oppenearre him suver altyd. Dochs hat Kalma him ûnderhearrich makke oan Brolsma syn grutte talint. Utsein de ynleiding by Sa seach ik Fryslân is Kalma syn krewearjen bûten byld bleaun. Gjin opdracht, neat. Kalma stimulearre, stipe en - oars sa twingend - liet Brolsma yn syn wearde. Yn syn brieven is er direkt, saaklik, mar ek hoflik. Brolsma hat goed yn 'e gaten hân wat Kalma foar him betsjutte koe. Kalma hie ynfloed, koe saken foarinoar krije. Brolsma betroude altyd op syn literêr oardiel. By gelegenheid fan de Harmen Sytstra-priis sei Brolsma tsjin | |
[pagina 244]
| |
Ed Hoornik: ‘De mogelijkheid van overschatting bestaat altijd, maar in Friesland staat de literiare critiek op hoog peil; ik wijs u in dit verband op het werk van D. Kalma.’ Hy neamde him ‘de beste Friesche criticus’.Ga naar eind54 Wie it in freonskip? Hoekema mient dat it gjin tafal wêze kin, dat Brolsma him tekoart dien hat, in goed moanne nei de dea fan Kalma.Ga naar eind55 Eins kin men der neat fan sizze. Op basis fan de brieven kin men fêststelle dat it kontakt saaklik west hat. Der wurdt allinnich oer literêre oangelegenheden skreaun en net oer persoanlike dingen. Mar fan de brieven is mar in fraksje bewarre bleaun. Oar kontakt hat der west, mar hoe yngeand? Om marris wat te neamen, foto's dêr 't beide opsteane binne der net. Mooglik hat Kalma syn dea bydroegen oan de malêze fan Brolsma syn lêste dagen. Dat er, by alles, ek syn literêre riedsman kwyt wie. Kalma wie grutsk op wat Brolsma berikt hie, dat stiet fêst. Hy hat goed witten wat syn eigen rol dêrby west hat. Troch syn oantrún hat Brolsma him ûntwikkele fan folsksriuwer ta literêr skriuwer. ‘Hy forlear neat fan syn eigenheit,’ hat er dêr oer skreaun, ‘mar hy lies en foarme him fierder; hy wist det der mear frege waerd, en hy fielde det hy mear koe. (..) Hy hat stoef troch-arbeide en himsels net sparre.’Ga naar eind56 Doe't Brolsma santich waard, stjoerde Kalma him in tillegram: ‘Lok foar jo en al jins sibben. 't Wurk hat goed west. Riik it libben foar de JFR Mienskip.’Ga naar eind57 Dat sei alles.
Brieven en hânskriften fan Brolsma en Kalma mocht ik brûke nei tastimming fan de famylje Brolsma en de Douwe Kalma Stifting. Dêr bin ik fansels tige bliid om. De brieven en hânskriften, en oare argyfstikken dy't ik brûkt ha, wurde bewarre op it FLMD, Ljouwert. Tank oan de meiwurkers fan dat ûnmisber ynstitút. Spesjale tank oan Teake Hoekema en Jelle Krol foar ynformaasje en stipe. |
|