Strips yn Fryslân
Hawar it sil de measte striplêzers dierber wêze hoe't men in strip omskriuwt. Lit ús der mar fanút gean dat elk in strip as strip werkent ek al neamme guon it sjenre yn Fryslân tekentelsje.
Wol meitsje ik ûnderskied tusken in strip en in byldferhaal. Yn in byldferhaal binne tekst en tekeningen folslein fan elkoar skieden, wylst yn strips de tekstballonnen tusken de tekeningen pleatst wurde. In moai foarbyld fan in orizjineel Frysk byldferhaal is Foekje. Ferhaal fan in aventoerlik hûnelibben (Rink van der Velde/Anjo Mutsaars, Friese Pers Boekerij, 1982).
Neist ‘Foekje...’ wol ik hjir ek neamme de byldferhalen dy't Geart Jonkman skreaun hat oer Bokke Heidehipper. De ferneamde tekenteltsjes oer Bokke Heidehipper ferskynden yn 'e earste jierren nei de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Heerenveense Koerier.
Dy ferhalen wiene skreaun yn it Hollâns, mei in protte Frysk idioom der trochhinne. Letter, yn 1965, kamen de tekenteltsjes oer Bokke yn it Frysk yn Flits (in Frysktalich moanneblêd foar de jongerein). Yn 'e sechtiger jierren ferskynden yn 'e Ljouwerter Krante de aventoeren fan baron Bearend fan Barebyt thoe Barrelsum en syn assistinte Bleike Blei.
By de tekeningen fan Henk Tol, dy't hy makke hie foar de KRO-strip De Wadders, skreau Jonkman syn (speurders-) ferhalen oer de baron en syn assistinte. Wat benammen oan dy ferhalen opfoel wie dat se grôtfol taspilingen sieten op aktuele Fryske tastannen.
Nei it sukses fan Bokke Heidehipper en baron fan Barebyt duorret it oant 1982 foardat der wer in oplibbing is yn Frysk striplân. Dat jier sette Harke Bremer, Jacobus Dykstra, Jarich Hoekstra, Reitze Jonkman, Hindrik Sijens en Fokke Wester útein mei it blêd STRIPS: ‘It hat lang duorre, mar hjir leit dan it earste Fryske tekenteltsjeblêd foar jim. Dat dat sa lang duorje moast, hoecht net ien nij te dwaan: wy binne yn Fryslân op 't lêst altiten in bytsje yn 't achter. Mar it hjoeddeiske stripwêzen is al aardich yn Fryslân trochkrongen: der binne in stikmannich ferhalen yn 't Frysk oerset, en de lêste tiid begûn der yn allerhanne blêden ek al wat oarspronklik Frysk tekenteltsjewurk te ferskinen. En doe is in ploechje minsken dy't al wat mei stripmeitsjen pielden byinoar stapt om ris te sjen oft se sels ek net ris in bledsje mei eigen wurk folkrije koenen. En dan leafst ek mei sok wurk dat lêzen en besjen lije koe.(...)’, sa stiet yn in redaksjoneel stikje fan STRIPS 1. It blêd sil mar sân kear ferskine en yn 1983 komt de ein fan it blêd.