de bondel geane oer dy marren en it silen. ‘Silen is it wite wûnder / Fan in seil oer it wetterromt’,’ skriuwt bygelyks Douwe Kiestra. (s. 12)
Yn it midden fan de bondel feroaret de ynfolling fan it begryp wetter wat. Yn fersen fan bygelyks Tiny Mulder en Geart fan der Mear stiet it geheimsinnige fan it wetter sintraal. Rigels as ‘witst wat it wetter sei / yn dy praatske rite / doe't de wyn woele’ (Tiny Mulder, s. 30) of ‘ik lei op knibbels en bûgde / mij foaroer/ boartsjend, en fielde hoe't it sûgde, / dat swarte dat swarte.’ (Geart fan der Mear, s. 32) beskriuwe de oantrekkingskrêft dy't it wetter op in soad minsken hat. It liket hast wol oft it wetter yn sokke fersen in persoan wurden is.
Achteryn de bondel steane allegear hiel ferskillende fersen dy't allinne mar it wurd wetter mienskiplik hawwe. Hjir wurdt dúdlik hoefolle betsjuttingen en ynterpretaasjes inkeld it wurd wetter by dichters losmeitsje kin. Cornelis van der Wal besjocht wetter yn it fers ‘Grûnstream’ op de foar him sa typysk grimmitige manier: ‘De grûnstream fan fertriet en spyt hie yn my har boarne.’ (s. 42) Syds Wiersma skriuwt oer immen dy't tûken farre lit yn in beek: ‘Hy seach noch skoften út eardat er him / in part fan syn float kwyt bekenne woe.’(s. 46) Oan 'e ein noch in tal fersen oer fiskers en de see dêr't foaral it fers fan Jelle Kaspersma opfalt troch syn prachtige fergeliking fan it skriuwen mei it fiskjen. ‘in waarme fisk út iiskâld wetter / is in wolkom wurd oan board / in kwatryn fan netten wurdt helle / bearzen en snoekbearzen sette de toan’ skriuwt Kaspersma yn it fers ‘Poëzij út wetter’.(s. 58) It binne stik foar stik fersen dy't in hiel eigen lûd hearre litte oer it fenomeen wetter.
De bondel hat in moai tema, sjocht der prachtich út en der stiet in tal nijsgjirrige fersen yn oer de ferskillende kanten fan wetter. It soe genôch wêze moatte, mar doe't ik de bondel lêzen hie, fûn ik it net genôch. Wat is der mis mei Wetter/Water?
Wat der mis is mei de bondel, hinget gear mei it typysk ‘Fryske’ elemint yn de bondel dy't wetter mei Fryslân ferbynt. Op himsels is der neat ferkeards oan. Wa't yn Fryslân berne is en yn it Frysk grutbrocht is, hat by ‘wetter’ assosjaasjes mei marren, sylboaten en waad. At in bern it wurd ‘wetter’ foar it earst heart, sille it plak en de situaasje dêr't er dat heard hat, him bybliuwe. Wat wol sa is, dat elts mins fansels syn eigen gefoelens by dy saken hat. In goed dichter is by machte en uterje dat eigen gefoel op sa'n manier dat it by de lêzer oerkomt en dat dy it as autentyk werkent.
Yn Wetter/Water fyn ik fan dat autentike gefoel dat goeie poëzij by my oproppe moat net altiten like folle wer werom. Wat it sa no en dan by my opropt is it Fryslân út de moaie kleurde VVV-folders. Ik hie it witte kinnen. Yn de ynlieding lês ik: ‘het boekje kan ook uitstekend dienst doen als concrete herinnering voor toeristen die van hun bezoek aan de provincie Fryslân iets mee naar huis willen nemen’. En dat is presiis wat my steurt.
Fansels, Fryske poëzij mei bêst ris wat mear oer de grinzen hinne sjen, mar it is de fraach oft dat