Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 196]
| |
Homêros:
| |
[pagina 197]
| |
by de Skaiyske poarte - dêr moast men trochhinne nei 't fjild ta -
kaam him dêr dravend temjitte syn frou, de gol goederjouske
395[regelnummer]
frouwe Andrómakhé; dochter fan dappre Eétion wie hja.
Dy Eétion wenn' oan 'e foet fan de boskige Plakos,
berch mei Theb' oan 'e foet, en oer de Kílkes hearsk 'er.
Dy syn dochter wie frou ta Hektor mei koperen rissing.
Hja kaam him doe dêr temjitte en by har wie ien fan har fammen,
400[regelnummer]
dy't oan it boarst droech it dertene, sljochtwei ûnnoazele jonkje,
Hektor syn ynleave soan, dy't in prachtige stjerre belike.
't Bern waard troch Hektor Skamanderke neamd, mar hiet by de oaren Astuanax,
Stedsbeskermer, want Hektor allinne beskerme de fêsting.
Swijend seach Hektor nei 't bern en sjoch! doe begûn er te glimkjen.
405[regelnummer]
Doe gyng Andrómakhé ticht by him stean en skriemde hja triennen,
en hja fette him fêst by de hân en sei him de wurden:
‘Dwaze man, dyn domdrystens wurdt noch dyn dea; gjin begrutsjen
hast mei 't ûnskuldich bern en mei my, earm stumper. Mei gauwens
bin ik dyn widdo want gau sill' de Griken dy deadzje, wannear hja
410[regelnummer]
allegear dy bestoarmje. Foar my is it grif wol it bêste,
as ik dy mis, yn 'e grûn te fersinken. Der bliuwt my gjin oare
treast mear oer, asto aansten fûn hast de dea en dyn needlot,
inkeld fertriet. Want in heit en in machtige mem haw ik nèt mear.
Ommers, myn heit is al deade troch de sterke Akhilleus.
415[regelnummer]
Dy hat de stêd fan de Kílikes, goed om te wenjen, ferwoeste,
Thebe mei hege poarten. Eétion hat er doe deade,
mar syn rissing net nommen; 't wie earbied dy't him wjerhâldde.
Mar hy hat him ferbaarnd mei de keunstich beärbeide wapens
en him in grêfterp oprjochte, ringsom mei ipen beplante
420[regelnummer]
troch de Nimfen fan bergen, de dochters fan Zeus dy't it skyld hat.
En myn sân bruorren, dy't yn it paleis fan myn âlden noch wienen,
binn' allegearre op ien dei gien nei Hades syn wente.
Want de foetflugge, sterke Akhilleus dead' allegearre
424[regelnummer]
by de sleepsoaljende kij en de skiep mei it sulveren wolflues.
425[regelnummer]
En myn mem, dy't regearr' oan 'e foet fan de boskige Plakos,
fierde er earst hjirhinne mei d'oare skatten oan kriichsbút,
| |
[pagina 198]
| |
mar hy liet har wer los nei ûntfang fan 't ûntsachlike losjild.
Mar yn ús heite paleis waard hja deade troch Artemis' pylken.
Hektor, dus do biste no my ta heit en mem allebeide
430[regelnummer]
en myn broer ek, en do bist de feardige man, dy't ik troud ha.
Kom, toan dyn meilijen no en bliuw hjir by ús op it bolwurk.
Och, meitsje net dyn bern ta in wees en dyn frou ta widdo!
Set dyn kriichsfolk op post by de figebeam, dêr't de fêsting
't bêst te beklimmen is en de muorre licht te bestoarmjen.
435[regelnummer]
Trijeris ommers is 't dêre besocht troch de dapperste Griken
om de romrofte Idómeneus hinn' en de beide Ajanten,
mei de dappere soan fan Tudeus en beide Atriden.Ga naar eind3
Mooglik dat immen 't har rette, dy't yn de orakels betûft is,
of dat har eigen herte har no dêrta trunet en oanset.’
440[regelnummer]
Doe sei tsjin har de grutte Hektor, waans helm blonk en flikkre:
‘Wis frou, ek my giet dat allegear oan, mar ik skamje my freeslik
foar de manlj' en de froulju fan Troje mei slepende mantels,
as ik allyk in leffert ûntwyk en my fier hâld fan d' oarloch.
En dat ferbiedt ek myn hert, om't ik leard ha dapper te wêzen
445[regelnummer]
altyd en midmânsk de foarsten fan de Trojanen te striden.
Ik wol de grutte rom fan myn heit beskrepp' en myn eigen.
Want ik wit dít tige goed en besef it yn geast en yn herte:
Ienris sil komme de dei, dat it hillige Troje fergien is,
Príamos sels en it folk fan de foarst, dy't yn it spearfjochtsjen grut is.
450[regelnummer]
Mar my smert sa slim net it lettere leed fan de Trojers,
noch fan Hékabé sels of fan Príamos, kening fan Troje,
noch fan myn bruorren, dy't grif as in grutte kloft dappere striders
falle sille yn 't stof, troch fijannige mannen fermoarde,
as 't leed om dy, as 'k betink, dat in Gryk yn in koperen harnas
455[regelnummer]
dy al skriemend ûntfiert en de dei fan de frijheid dy rôvet.
En ast yn ArgosGa naar eind4 oan 't weeframt, dat heart ta in oare frou, wevest
en út 'e welle Messêis of Hupereia dan wetter
hellest, alhiel tsjin dyn wil, mar de sterke need sil dy twinge.
En allicht sil dan immen, dy't sjocht datsto skrieme moast, sizze:
460[regelnummer]
“Dat is de frou fan Hektor, by 't hynstefolk fan de Trojers
| |
[pagina 199]
| |
útblinkend as de bêste, doe't hja om IlionGa naar eind5 fochten.”
Sa sil immen dan sprekk' en wer nij sil dyn leedzje dan wêze
troch it gemis fan in man, dy't de slavernij fan dy ôfkeart.
Nee, mei my, earder ferstoarne, de ierde as grêfterp bedekke,
465[regelnummer]
ear't ik dyn skreauwen fernim en hear dat de fijân dy meiskuort!’
Sa spriek de strieljende Hektor en stiek de earms nei de jonge.
Mar it bern wiek tebek nei it boarst fan de min mei de gurdle,
en dûkte wei mei in skreau. By it sjen fan syn heit waard er eangstich,
bang foar de koperen helm en de kaam mei de hierren fan 't hynder,
470[regelnummer]
doe't er seach, hoe dat dy op 'e top fan 'e helm skriklik skodde.
Syn leave heit en syn nommele mem boarstten út yn in laitsjen.
Daalk naam de strieljende Hektor ôf fan de holle de striidhelm
en hy sette him del op 'e grûn, dêr't er klear stie te blinken.
Nei't er syn leave soan tute en widze hie op 'e earmen,
475[regelnummer]
spriek er in bea ta Zeus en de oare goaden omhegen:
‘Zeus en jim, oare goaden, o gun dat ek dizze jonge,
myn soan, krekt lykas ik, ienris útblinkt ûnder de Trojers,
like geweldich yn krêft en machtich oer Ilion hearsket!
En mei immen dan sizze, wannear út 'e oarloch hy wèr thúskomt:
480[regelnummer]
“Hy is syn heit fier oarmânsk!” Mei er bringe de bluoddrige rissing,
nei't er in fijân deade, en mei syn mem har ferbliidzje!’
Sa sprekkend lei er syn soan syn leave frou yn 'e earmen.
Hja naam him leafdefol op yn it swietrokich kleed om har boarst en
lake mei triennen yn 't each. Har man, dy't begrutsjen no krige,
485[regelnummer]
streake har sêft mei de hân oer it wang en sei har de wurden:
‘Och, slim besochte siel, treur net al te slim yn dyn herte,
want net ien sil my ea tsjin it needlot stjoere nei Hades.
Nee, ik hâld út, oan it NeedlotGa naar eind6 ûntkomt net ien fan 'e minsken,
leech noch heech fan komôf, allyk 't by syn berte beskikt is.
490[regelnummer]
Mar, kom, gean wer nei hûs ta en doch dêr dyn eigen dingen:
weevje oan 't ramt en spin wol oan it rokken, en hjit ek dyn fammen
d' arbeid goed te ferrjochtsjen. De oarloch is soarch foar de manlju,
alle manlju yn Troje ea berne, mar my wol it measte.’
Nei dat wurd naam de strieljende Hektor syn helm wer en sette
| |
[pagina 200]
| |
495[regelnummer]
't hynstehier op 'e holle; en syn leave frou rûn nei hûs ta.
Hieltiten wer seach hja om en skriemde bittere triennen.
Net lang dêrnei kaam hja oan yn 'e hearlike wente fan Hektor,
dy grutte slachter fan manlju; en binnendoar trof hja in protte
tsjinjende fammen; hja wekke har allegearre ta weeklacht.
500[regelnummer]
Jit by syn libben beklagen hja Hektor yn syn eigen wente,
want hja mienden, hy soe nimmer mear werom út 'e oarloch
502[regelnummer]
thúskomme, feilich ûntkommen de kriich en de macht fan de Griken.
503[regelnummer]
ParisGa naar eind7 ek draalde net langer mear om yn 't hûs op 'e hichte,
mar nei't er oanteach syn prachtige rissing, dy't fonkle fan koper,
505[regelnummer]
strûsde er fuort troch de stêd, op syn rappe skonken betrouwend.
Lykas op stâl wol in hynder, oan 't koarn yn it rip him fersnaskjend,
elberich losskuort it helter en stampend de fjilden troch fjouwert,
om nei syn aard yn it swiidrinnend wiet fan de stream him te baaien
-proastich ynfieren pronkjend. De kop hâldt er heech en de moanjes
510[regelnummer]
wapperje prûs om de skoften. Fan prieljende skientme bewitten,
bringe syn skonken him rêd nei de greide en finne fan hynderssa
pylke Paris, Príamos' soan, fan de Pérgamos-stins del,
blinkend en gril yn syn rissing allyk de strieljende sinne.
Lûd wie syn jubel. Fluch droegen syn fiet him. In lyts skoftsje letter
515[regelnummer]
moet' er de nommele Hektor, syn broer, doe krekt yn 'e wille
om te swinken fan 't plak, dêr't er 't ynlik petear mei syn wiif hie.
Doe sei it earst tsjin syn broer, Aleksandros, lykjend in godheid:
‘Bêste jonge, do biste slim hastich, en ik hâld dy wrychtich
lang troch myn dralen op en ik kom net op tiid, sasto fregest.’
520[regelnummer]
Hektor mei flikkrjende helm joech him dêrop ta andert de wurden:
‘Nuvere jonge, dy sil net ien dy't braaf is en earlik,
lekje yn 't wurk fan de striid, omdatsto sterk yn 't ferset bist.
Mar mei sin bisto sleau en dochs wolst it net, Paris. Dêrom
treuret it hert yn myn boarst, as ik hear dat oer dy o sa skandlik
525[regelnummer]
rabbe wurdt troch de Trojers, dy't gâns ellind' om dy lije.
Mar lit ús gean, want dit sille wy letter wol skikke, as ienris
Zeus it ús gunt om yn ús paleis de tsjelk fan de frijheid
| |
[pagina 201]
| |
oan de himelske goaden, dy't ivich libje, te wijen,
529[regelnummer]
as wy de Griken mei goedskermde skinen ferdreaun ha út Troje!’
|