Ynlieding ta
It ôfskie fan Hektor en Andrómakhé
Klaas Bruinsma
Homêros, de prins fan de Grykse dichters, libbe (miskien) sa'n 800 jier foar Kristus. Hy kaam (miskien) fan it eilân Khios. Dat er in bline bard wie, sa't de tradysje ha wol, is net wierskynlik, sjoen de tûke opmerksumens en krektens fan sels de details yn beskriuwingen fan bylden út de natoer en sketsen út it deistich libben. Dat er ien fan 'e rhapsoden wie, in rûnreizjend folkssjonger dy't oan it hof lieten song dy't er sels ymprovisearre - dêrby gebrûk meitsjend fan standert stof út 'e histoarje -, is wol wierskynlik. Yn elts gefal binne fan de geniale dichter twa mânske epen bekind, t.w. de Ilias (it liet fan Ilion, i.e. Troje, dat belis en ûndergong fan dy stêd beskriuwt yn in tal episoaden) mei hast 16.000 rigels en de Odusseia (oer de aventoeren en thúskomst fan Odusseus nei de striid om Troje) mei goed 12.000 fersrigels.
Yn de Ilias wurde net al de tsien jier fan de striid beskreaun, mar in tiidrek fan 51 dagen. As dy oarloch der yndied west hat, wie dat sa'n fjouwer ieuwen foardat Homêros libbe. Oars as de measte bylden is it ôfskie fan Hektor, prins fan Troje, en syn wiif AndrómakhéGa naar eind1 in freedsum tafriel fóár de striid.
It metrum fan Homêros syn poëzij, dat de netklassyklêzer frjemd en ûnbekend oandocht, is de daktylyske heksámeter. Dat wol sizze, dat eltse fersrigel seis fersfuotten hat fan hieltyd ien beklamme plus twa ûnbeklamme wurdlidden; mar de lêste fan de seis daktylen is altyd ûnfolslein: ien beklamme en ien ûnbeklamme. De Griken ûnderskaten winlik oars as wy: hja hienen yn har metra lange en koarte wurdlidden; it lêste part fan in Homeryske fersrigel wurdt spondee neamd. Sa't jo by it lêzen (leafst lûdop) fernimme sille, kin eltse daktylus ek ien ûnbeklamme wurdlid ha. Sadwaande is der fariaasje mooglik, oant in tal fan 32 soarten fersrigels.
Men sjocht: sa ûntsteane moai lange rigels as aloan rôljende weagen fan de see. Persoanlik docht it ritme my sels tinken oan: Rôlje rôlje wetterweagen... By lûdop en foaral flot lêzen (en sa is dizze orale poëzij winlik bedoeld) binne de rigels te ‘behappen’ en sil ek de net-klassike lêzer hjir moai gau oan wenne. As men dy muoite nimt sil men ûntdekke, dat dit ôfskiedstaferiel flonkeret as in juwiel.