Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 187]
| |
Oanlutsen fan in fier ljocht yn de kimen (4)
| |
‘'t Wurk bat goed west.’ Kalma as promotor fan BrolsmaTrinus Riemersma hat skreaun: ‘Efterôf kin men dat rêstich sizze: sûnder de Jongfryske biweging hie de literatuer fan Fryslân in sêfte dea stoarn. Der moast op doarren en ruten bounze wurde en der moast rjochtdei holden wurde oer it geëamel yn proaza en fers.’Ga naar eind1 Ien fan de âldere skriuwers dy't Kalma útsûndere, doe't er rjochtdei hâlde, wie Reinder Brolsma. Yn syn wurk fûn Kalma al kwaliteiten, dy 't eins pas letter dúdliker oan it ljocht kommen binne. Kalma behelle Brolsma by de Jongfriezen, by Frisia, by de Fryske Bibleteek en holp him by it útjaan fan syn wurk. Der is wol úthâlden dat Brolsma der sûnder Kalma syn stipe ek wol kommen wie. Dêr is fansels gjin andert mear op te jaan. Wis is dat Kalma de jierren troch Brolsma syn promotor west hat. Fan syn kant is Brolsma oanstutsen troch it fjoer fan de Jongfriezen en hat er ek altyd hâldfêst socht by Kalma. Yn dit artikel sil besocht wurde nei te gean hokker rol Kalma spile hat yn de skriuwerskarriêre fan Brolsma. It artikel is it earste part fan de rekonstruksje fan in literêr twamanskip. Yn nûmer 6 folget it twadde part. | |
IDe earste skets fan Brolsma, ‘Sinnestrielen’, stie yn 1903 yn Sljucht en Rjucht. Reinder Brolsma, berne yn 1882, wie ferver. Hy hie meast los wurk en kaam as ‘reizgjend frijgesel-fakman’Ga naar eind2 rûnom yn Fryslân. Geregeldwei stjoerde er in ferhaal nei de redakteur fan Sljucht en Rjucht, Waling Dykstra. Dy naam syn wurk meastentiids wol op. It kontakt dat Brolsma mei him hie ferrûn trochstrings skriftlik, troch koarte briefkes of in meidieling yn it tydskrift: ‘Jou earste stikje scil wol ris plak krije kinne. It twade, dêr't it slot yet oan ontbrekt, komt my minder oannimlik foar. Ik hâld net fen dronkenmansgrappen.’Ga naar eind3 Ien kear gie Brolsma by Waling-om op besite yn Holwert. ‘Ik tink wol, dat ik jo wurk brûke kin,’ sei er by dy gelegenheid. ‘Jo moatte jo yn jo skriuwen net mei de polletyk bimoeije; mar oer de drankbestriding en sa, achtsje ik wol fan bilang..’ Hy warskôge Brolsma tsjin ‘nijmoadrich Frysk’; ‘dat skeelt mij [moat wêze: bij] jo noch net safolle, mar it wol soms hurd oanboazje.’ Hy hie de ferwachting dat Brolsma net ien fan dejingen wie, dy't it ‘sitte litte mei ien of twa | |
[pagina 188]
| |
kear.’Ga naar eind4 Dochs fielde Brolsma him net sa stipe, dat er ‘foar 't forstân [krige], dat ik hwet mear as sljuchtweihinne jaen scoe.’Ga naar eind5 Yn 1910 troude Brolsma en hy begûn in eigen bedriuw yn Lichtaard. Folle fertsjinne er net en dat er geregeldwei skreau, wie mei bedoeld om der wat by te fertsjinjen. Yn 'e winter fan 1914 ferstoar Waling Dykstra. Op redens gie Brolsma de Holwerterfeart oer nei de begraffenis. Sljucht en Rjucht naam syn wurk ek dêrnei wol op, mar syn fêst kontakt by dat blêd wie er kwyt. Brolsma hie oant en mei 1915 njoggentjin sketsen publissearre, op twa nei allegear yn Sljucht en Rjucht.Ga naar eind6
Douwe Kalma wie yn 1914 út ein set mei in rige opstellen yn de Leeuwarder Courant oer de Fryske literatuer. Nei't er ôfrekkene hie mei de âldere garde, krigen de skriuwers fan wa't er in soad foar de takomst ferwachte syn omtinken. Brolsma wie oan bar op 18 maart 1916. ‘En bliid docht it my oan, det ik de namme fen dizze skriuwer, hwaens wirden men oars wol moai hwet mear earbiedigje mocht as it gekraei fen ús forneamde Gearkomste-roppers, nea net glânzgjen seach mids de toarre en ôflibbe forslaggen fen it Alde Selskip en syn Algemiene Gearkomsten, noch prieljen foun yn de benypte Selskipsboekjes - hwerút ik bislute mei, det er mar ljeaver syn egen rêstige paden gien is yn pleats fen as saneamd taelstriid-lieder de oandacht op to easkjen for him sels, en sa de saek fen Fryslân yet mear to fordjerren en forachtlik to meitsjen.’ Kalma freget him ôf ‘yn hofier dizze skriuwer sels wit, sels der fen oertsjûge is, det hwet er ús leveret wier-wier ta de fryske kinst biheart. For ús, jongeren, dy't sa foreale binne op in kleare en suvere fal yn 'e klinkende rhythmen fen ús weardichste fersen, dy't sa graech ek yn proaze yn in folsin in rêstige en moarmeljende stream fen rûzjende wirden biharkje, is it wol wûnder te sjên, ho dêrre yn Fryslân syn bou immen tahâldt, dy't dit alles mar amper liket to biachtsjen en dochs dingen wit to skriuwen, dy't men to oanfeardigjen en to bioardieljen hat as wezentlike kinst.’ Kalma syn algemien oardiel wie: ‘Om hjar suverens fen tael, hjar ienfâld fen wêzen en utering en hjar minlike en skerpe oprjuchtens fen karakterteikening, om hjar golle lêsberens en hjar djippens fen ynhâld, jowt it foech, Brolsma syn novellen to neamen by it weardichste en suverste proaze, det der dûrjende it bigjin fen dizze tweintichste ieu yn ús fryske skriftenkennisse ûnstie.’Ga naar eind7 Oer it effekt fan dit krantestik hat Brolsma tsien jier letter sein: ‘iksels bigriep do earst goed dat der hwet yn myn wirk wier dat mûglik hwet wirde koe. Sûnt dy tiid bin ik my ek folle mear op myn skriuwen bigoun ta to lizzen, en eltsenien kin yn myn wirk sjen dat ik sûnt better wirden bin.’Ga naar eind8 In moanne as wat nei't it stik yn 'e krante stien hie, stjoerde Kalma in brief oan Brolsma. Hy noege Brolsma út om lid fan de Jongfryske Mienskip te wurden.Ga naar eind9 Om't Brolsma ûnderwilens nei Akkrum ferhuze wie, duorre it eefkes ear't der in reaksje folge. Dy wie posityf: | |
[pagina 189]
| |
Wol forwûndere wier ik mei de tyding dat de ‘Jongfryske Mienskip’ my as lid fen har boun keasen hie. Jy miene, ut myn skrieuwery op meitsje to kinnen, dat ik derta beheare mat. Omdat Jimme nou dochs lykwols witte matte wha't Jimme yn de hûs helje, achtsje ik it wol nedich om in soarte fen geloafsbelydenis ou to lidsen oer de Fryske beweging, dan wirde wij net meienoar bedragen. Whent it scoe wease kinne dat ik Jimme wolris whet to alderwetsk wier yn myn oerdiel oer ús Fryske skrieuwers fen earen. Ik ‘dweep’ bygelyks mei de Rimen en Teltsjes der de seden en menearen fen ús foralden sa sûver en moai yn teikene wirde. En yn de alde jiergangen fen for hus en hiem mei ik al sa greach ris omsneupe. En fen ‘Iduna’. As jy deryn lease it forhael: ‘Ut de modder fen de maatskippy’ fen (de skrieuwer syn namme wit ik nou sa lyk net) dat is suver realisme, wirk fen dizze tyd. [...] Waling Dykstra syn rymen, net heachgeand mar seldsom mooi fallend, syn egael learsum altyd flot ferheljend prosa mei ik ek wol lease. [...] Oan de Jongfriesen bin ik lykwols for safier nei besibbe, dat ik it mei harren iens bin dat der o sa nedich krityk utoefene en skifting halden wirde moast yn de nyere lektuur. Scil in beam fruchten drage, dan moat der snoeit wirde op de tyd. En dat snoeien der hapere it oan. [...] Ik mien soms ut it stribjen fen de Jongfriesen op meitsje to kinnen, dat hja de provinsje onafhankelijk meitsje wolle fan it lan (Nederlän). Soks giet fiersto fier neffens myn betinken. Ik hab Jy nou sein ho myn oordeel is oer de dingen. Achtsje Jy it yette nedich en goed dat ik by Jimme yn it rountsje kom to sitten, dwaen det dan to witten oan Yens freuon, R. Brolsma.Ga naar eind10 Sa't út it brief wol bliken docht, hie Brolsma goed yn 'e rekken hokker opfettingen Kalma oer de Fryske literatuer hie. Dochs gie it oan, Brolsma waard lid fan de Mienskip. Kalma frege Brolsma mei te dwaan oan Frisia, dat yn 1917 út ein sette soe. In gearkomste dêroer moast Brolsma yn novimber 1916 misse, om't er ‘op 't alderunforwachtst yette in keamer behingje’ moast. Brolsma soe noch wolris oankomme, skreau er.Ga naar eind11 Op 30 desimber wie er wol op in gearkomste. De oare deis skreau er Kalma: Whet ik Jou of leaver Jimme hjir yn dit brief meidiel hie ik jister op de gearkomste sidse wollen, dochs it waerd mij ek wer manskernoach. Nammentlyk dit: dat ik der fen ou sjean mat, om mei jild de Jongfryske Mienskip to stypjen. Net, dat it my begreatet ef dat ik it der net for oer hab, mar it past my net. Ik hab for in hushalding en for mear yette to soargjen en mat it mei de hannen fortsjinje. Ik hoech hjir net mear fen to sidsen - Jimme scille der net oan twivelje tink ik. Wolle Jimme lykwols moreele steun fen my oannimme trochdat ik bygelyks as meiwirker oan Frisia forboun blieuw - dat graech. Soks pro deo fansels. Whent it het my oars wondere skoan foldien jister. Der siet gloede yn dy ljue. Tyd en wirk scil ik der ek greach for oer habbe. Jild - helaes... As it mei disse rin fen saken nou allegeare twisken ús út wease mat, dan scille Jy wol sa goed wease wolle om my derfen tyding to dwaen. It scoe my moeie, dochs men kin gin yser mei hannen brekke.. Sa net, dan hoopje ik yn takomme Freed as sneun Jy in bydrage for Frisia takomme to litten.Ga naar eind12 Hoe't Kalma it regele hat is net bekend, mar Brolsma bleau lid fan de Mienskip. Yn 1918 hearde er by de ‘Ofdieling for Letterkinde en Muzyk’. | |
[pagina 190]
| |
Dy ôfdieling woe ‘arbeidzje for selsûntjowing troch it hâlden fen hûshâldlike gearkomsten dêr 't saken fen letterkinde en muzyk op bispritsen wir de en egen wirk nei foaren brocht, en troch it hâlden fen kursussen oer Fryske letterkinde en muzyk, jown fen in dêrta bifoege krêft op forsiik fen 'e Ofdieling.’ Ek wie it doel dat tsien ôfdielingsleden in ‘koarte novellistyske bydrage’ hâlde soenen, ‘ta bifoardering fen ús Fryske fortelkinst.’ Ek Brolsma soe oan sa'n jûn meidwaan.Ga naar eind13
Frisia stie ynearsten fol mei it proaza fan Kalma syn grutte freon Marten Baersma. Nei dy syn iere dea yn 1918 kaam Brolsma mear oan bar. Syn earste ferhaal yn Frisia wie ‘De oppeteur’. Doe't yn 1919 It Heitelân as wykblêd fan de Jongfryske Mienskip begûn, levere Brolsma ek bydragen oan dat blêd. Datselde jier wie Brolsma fan Akkrum nei Ljouwert ferfearn. Hy hie it as lyts selsstannige net úthâlde kinnen. ‘Toen dwong de nood der tijden ons nogmaals te verhuizen en we lieten ons neer in Leeuwarden, waar ik bij een schilder in loondienst kwam. Herhaaldelijk getroffen door werkloosheid, zag ik om naar bijverdiensten en ik begon schetsen te schrijven.’Ga naar eind14
Wat wie de reden dat Brolsma lid fan de Jongfryske Mienskip waard? Tige wichtich sil foar him west hawwe, dat er dêr in fermidden fûn dat him tagedien wie. It joech him selsbetrouwen. Yn in petear mei It Heitelân yn 1920, seit er: ‘De Jongfryske biweging hat dochs mar hiel hwet goeds dien, hja hat de ljue dy't op hjar sels stienen en dêr't eartiids nea fen âld-selskipside nei omsjoen waerd opsocht en by elkoar brocht.’Ga naar eind15 Botte yngeand hat er him net mei it polityke aspekt fan de Mienskip dwaande holden. Hy brûkt dêrfoar noch alris de abstrakte beneaming ‘it ideael’.Ga naar eind16 Kalma hat fansels de literêre kwaliteiten fan Brolsma yn 'e rekken hân, mar hy moat ek sjoen hawwe, dat Brolsma in moai úthingboerd foar de Mienskip wêze koe. Kalma hie foar eagen dat de Fryske literatuer folle better wurde moast, dat der mear skreaun en lêzen wurde moast èn dat de smaak fan de Friezen ferbettere wurde moast. Dêr koe Kalma Brolsma skoan foar brûke. Syn wurk wie net al te literêr, mar ek wer net te boersk en plat. ‘De Jongfriesche critiek heeft nooit de kunst van het leven willen scheiden, ook niet van het volksleven; het interesseerde haar weinig waar de schrijver zijn stof vond, mits hij ze tot kunst verwerkte. [...] Zij heeft het dramatische en beeldenrijke proza van Simke Kloosterman, maar ook de klare verhaaltrant van Marten Baersma en het in zuiverheid van waarneming en juistheid van teekening voortreffelijke werk van R. Brolsma tot erkenning gebracht. Zij heeft geen enkele uiting versmaad [...] maar zij heeft ook niets aanvaard dat zich niet onderscheidde door die eenheid van inhoud en vorm die het criterium der literatuur is.’Ga naar eind17 Kalma, dy't sels ek besocht hie ferhalen te skriuwen, wist dat Brolsma soks goed yn 'e macht hie. Yn 'e hânskriften, dy't Kalma fan Brolsma neiseach foar publikaasje, feroare er neat oan it ‘ferhaal’, wol oan de stavering en de styl. Dy makke er literêrder as Brolsma sels skreau. ‘De stavering hie Brolsma earst net yn 'e macht. Hwat fan him | |
[pagina 191]
| |
yn “Frisia” kaem, hat Kalma ûnder hannen hawn,’ fertelde Sjoerd Sipma, dy't foar Brolsma It Heechhôf neiseach. ‘Hy [Kalma] feroare nei myn bitinken wolris hwat to folle, fan ‘noch’ wol ik net altyd ‘jit’ meitsje, frâl net yn 'e dialooch [...].Ga naar eind18
Yn 1919 hat Kalma al it plan om ferhalen fan Brolsma te bondeljen. Brolsma fielt dêr wol foar: ‘Wolle Jy mei skiftsje - whet al en whet net forskine scil - as scil ik my der mei redde. Moat ien en oar dan opstjûrd wirde nei Snits ta? Greach woe ik ien en oar witte, ik hab op 't heden gjin wirk en sadwaende wol efkes whet oan tyd.’Ga naar eind19 Fan dy útjefte is neat op 'e hispel kommen.Ga naar eind20 Der hie al wol in bydrage fan Brolsma yn it Harmen-Sytstra-boek (1918) stien.
Mei't Brolsma nei Ljouwert ferhuze en yn leantsjinst kaam, gie syn produksje omheech. Yn 1920 stienen der yn Frisia twa ferhalen, yn Sljucht en Rjucht ek twa en yn It Heitelân fiif stikken. Dêr wie ek de novelle ‘Fen it Hegelân’ by, it earste part fan Sate Humalda. It jier dêrop koe er ek foar 't earst wurk kwyt oan de Leeuwarder Courant. Yn 1922 begûn er yn Frisia mei wat eins syn earste roman is, It widdou's bern. It grutte tal tydskriften dat der yn dy jierren wie, sil Brolsma mei oanpoend ha om syn produktivens te ferheegjen. Dochs koe er net wis fan syn ‘ôfsetmerk’ wêze. Der wienen noch alris wat feroaringen. Frisia, begûn yn 1917 as moanneblêd, wie yn maart 1920 in wykblêd wurden, mar mids 1921 kaam it al wer twawykliks út, en yn 1922 noch mar seis kear yn 't jier. It Heitelân hearde de earste moannen fan syn bestean ta de Mienskip, mar waard doe oernommen troch de printer Brandenburgh. Tusken de redaksjes wie it bytiden in fûle konkurrinsjestriid. Brolsma, dy't oan alle blêden kopij levere, hie mei dy reboeljes en rûzjes te rekkenjen. ‘Ik woe Jou der dochs efkes op wise ho ik stean tsjinoer Frisia, dat is sa suver wol is 't nt wier.’ Dat skreau Brolsma oan Piter Sipma, de redakteur fan It Heitelân. ‘Myn persoanlik fielen is for I[t] H[eitelân] - dat hie allinne blieuwe moaten - no reitsje troch it harrewarjen fen de idealisten de wirkdwaenders (de skrieuwers) dy whet leverje dat elts lease wol en kin yn de knipe en wirde twongen om har producten feitelyk omdoch ou to stean. Fen dy kant mei men de saeken wol ris besjen -, al swije de hearen der op de gearkomste oer.’Ga naar eind21
Fan 'e oare kant, wist Brolsma wat er wurdich wie: Ik hie in sketske ré lidsen for I[t] H[eitelân], mar om't de oarde yette nea printe wirden binne, scoe ik it tocht my mar nei Fr[isia] stjûre. Jou matte beleaven net tinke, dat ik ynfloed utoefenje wol op it al as net printsjen fen myn bydragen - mar as der whet yn is dat jimme net haget - stjûr se dan mar werom. Miskien fine jimme se whet rau - realistysk seit men ek wol - dat is no ienkear myn styl en der kin ik neat oan feroardje. Wy kinne as 't moat ek wol ruilje mei dit - mar dat is ek al wer tige nei 't libben teikene.Ga naar eind22 Oan Kalma skreau er yn dy jierren: Ik hie jister in lyts sketske yn de Ljouwter. Mei soks nei de oarde moanne net mear - dan soe | |
[pagina 192]
| |
ik se nei de red[aksje] fen Frisia opstjûre. For 't untjaen fen Frisia as wykbled wie byv. de Swalkers as untspanningslektuer net unaerdich, tocht my.Ga naar eind23 Yn 1921 hienen de Brolsma's har tredde bern krigen. De tiden wienen noch altyd min, al hoefolle sketsen at Brolsma ek publisearre. It sil foar him net sa maklik west hawwe om de neikommende brief oan Kalma te skriuwen: Om't wij jisteroerdei whet let mei 't iten wieren, koe ik net nei de gearkomste fen meiw. fen Frisia ta, howol ik der oars al ide op hie. Ik woe nl. dit pint mei jou besprekke. Forlyne jier binne wy oerien kaem, dat ik meiarbeidsje scoe oan det bled; wy witte beide wol op hokfor kondysjes. Wolle wy ús der nou mar oan halde, dan hab ik to barren fen de adm. de somma fen f 11.70. Specifyke rekkening is alris opstjurd nei de útjower. Wy moatte elkoar nou goed begriipe. Ik bin wol genegen meiwirker to blieuwen op deselde kondysjes as nou. Mar wolle jimme leaver sa net, as biskoagje jimme it as net goed fen mij dat ik op it financieele fen de kwesje stean (howol in butensteander him der net yntinke kin dat ik it nedich bin ne as ja) litte wy dan iepen kaert spylje. Ik tsjinje mysels oan - en myn pesysje yn de wrald twingt my soks - as skrieuwer net terwille fen de kinst, mar om den broode. [...] Foordat ik my by de Mienskip oanslute wier ik neat mear, alhowol ik do út de aerd fen de saek net safolle der mei pielde. [...] Mar nogris, habbe Jimme leaver wirk fen skrieuwers, dy yn it ideele fen de saek sterker steane as ik, dwaen it mij to witten, alhowol ik tsjin it - nei myn wise fen sjen - beskieden hon. graech wirksum blieuwe scil.Ga naar eind24 Kalma hat nei dizze needgjalp der foar soarge, dat Brolsma mear fertsjinne oan syn krewaerjen foar Frisia. Fan 'e jierren 1921 oant en mei 1924 binne in tal kwitânsjes bewarre bleaun, dêr't út bliken docht dat Brolsma fan de Fryske Bibleteek, útjouwer fan Frisia, de neikommende bedraggen krige: yn it twadde healjier fan 1921 (dus nei de brief) f 150, -, yn 1922 f 200, -Ga naar eind25 en yn 1923 en 1924 f 150, -. Dat jild koe de Fryske Bibleteek eins net misse, mar it bestjoer hat it der sa't it liket dochs foar oer hân. De Bibleteek krige troch dizze oerienkomst wol de rjochten fan de ferhalen. Yn 1922 wie Frisia wer in literêr blêd wurden. Mei Kalma en Anne Jousma foarme Brolsma no de redaksje. Yn it earste nûmer fan de jiergong stie in wiidweidich foaropwurd, ûnderskreaun troch de trije redaksjeleden. Oant dan ta wie Brolsma min-ofte-mear anonym bleaun, mar as redakteur fan Frisia hied er - sa like it teminsten - partij keazen. It duorre net lang ear't der in reaksje op kaam. De redakteuren fan It Heitelân, Canne en Winkelman, fergen Brolsma op syn posysje. Fan dat foaropwurd doogde neffens de beide redakteuren neat. Neffens harren wie it troch Kalma skreaun om ‘wer hwet to fantasearjen oer de Fryske biweging en alles, hwet der mei gearhinget. [...] Mar - det de hear Brolsma syn namme ek set hat ûnder dit ûnweardich geskriuw, sjuch, dat hat ús wol hwet pynlik oandien. En, men set yens namme net ûnder in stik as men net akkoart giet mei de ynhâld, wier Brolsma? It is nou sjêsa gelegen: wy miene, rounút sein, det Brolsma him tsjinoer “Heitelân” en redaksje to rjuchtfeardigjen hat!’ De beide mannen woenen oer trije útspraken yn it foaropwurd klearrichheid ha fan Brolsma. | |
[pagina 193]
| |
Sy seinen der by: ‘Wy freegje jo ien en oar yn 't iepenbier en forwachtsje ek in ôfdwaend andert yn 't iepenbier.’Ga naar eind26 In wike letter kaam Brolsma mei in reaksje. Ut it stik docht bliken dat er kontakt mei Kalma hân hat en dat dy him ek holpen hat mei it skriuwen fan it stik. It sil Kalma west ha, dy 't sjoen hat dat ien sitaat, dat de Heitelân-redaksje oanhelle, net yn it foaropwurd fan Frisia stien hie, mar yn De Nije Mienskip. Brolsma wie net bedreaun yn dit soarte fan strideraasjes. It moat foar him dan ek net noflik west hawwe, in reaksje te skriuwen. Ut syn andert is op te meitsjen, dat Kalma yndie it foaropwurd sels skreaun hie en sûnder oerlis mei de oare redaksjeleden, nei de printer stjoerd hie. ‘Troch in forsin, miskien in sleauwens fen dizze persoan krige ik it foaropwird net earder ûnder de eagen, as do't it printe wier. It pleitet my net frij - it feroardielet him [Kalma] net.’ It hie fansels de bedoeling fan Canne en Winkelman west om Brolsma en Kalma útinoar te driuwen, mar dat slagge harren net. Brolsma syn reaksje is in wûnder fan diplomasy: Kalma krijt in bytsje de skuld, Brolsma sels nimt ferantwurdlikheid, en It Heitelân krijt ek in prip. De mannen hawwe it ommers ek net earlik spile, en dat iepentlik ‘spuie op syn festje’Ga naar eind27 naam er harren kwea ôf, dat is dúdlik te fernimmen. ‘Hâld nou de eagen iepen, Br.!’Ga naar eind28 setten Canne en Winkelman ûnder de reaksje fan Brolsma. Sûnder mis hat dat in warskôging west, dêr't Brolsma nei harke hat. Hy wie yn 'e redaksje fan Frisia sitten gien op it betingst fan ‘gjin gestriid mei oare Fryske útjeften.’ En it earste wat der no barde, wie rûzje mei It Heitelân! Brolsma sil begrepen ha, dat er him in bytsje op 'e flakte hâlde moast, as er ek by de fijannen fan Kalma publisearje woe. Yn 'e rin fan 1922 gie Brolsma al wer út 'e redaksje. Dat sil mei de Heitelân-affêre te krijen hân ha, mar hy sil ek fernommen ha, dat Kalma it blêd suver allinnich redigearre. ‘It is al sa lang lyn! En ús ûnthâld is net altyd like betrouber. Mar ik leau net, dat Brolsma en ik de greatste ynfloed op it belied hiene,’ soe Jousma, it oare redaksjelid letter skriuwe.Ga naar eind29
It lêste sil folgje | |
[Noaten]Brieven en hânskriften fan Brolsma en Kalma mocht ik brûke nei tastimming fan de famylje Brolsma en de Douwe Kalma Stifting. Dêr bin ik fansels tige bliid om. De brieven en hânskriften, en oare argyfstikken dy't ik brûkt ha, wurde bewarre op it FLMD, Ljouwert. |
|