Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 182] [p. 182] Oan tafel Eeltsje Hettinga Langer meganysk is de beweging dy't de hân nei de flesse bringt, allinne yn 'e slûgjende middei, dea as de krysanten yn 'e finsterbank. It each fiksearret it skurfe lewant, dwaalt oer it posterliif fan Meryl Streep, wurdt wei yn 't blau fan de herinnering, de âlde lânkaart. Soel en droech as de brodzige oere blaast Chet Baker op saks. Ofwêzich hinget 't libben ûnderút oan 'e tafel fan syn dûnk're siele. Oer 't balkon en troch it finster komt âlde kunde, lang net sjoen, as libben guod út alle hoeken fan de ierde nei binnenglûpen, krûpt noch swart fan 'e modder, oer 'e tafel, byt as de pioaten, sûget my it libben leech - en gjin wurd dat it gat fan dea komt ticht te praten. [pagina 183] [p. 183] I Drok wie it jachtsjen fan roekeguod boppe de swarttarre winterpleats. Op in ratteljende boerekarre kaam ik troch de homeie, breed as de swijende dei. It hiem lei wyt mei hynstehollen besiedde. Bline wiene de finsters. De tysker sels lei te sliepen op it hea. Dûm ûnder it beamte by de feart stie it silhûet fan in frou tsjin 't wetter oan te praten. Ik rôp noch yn de neaken' buorren fan har nacht waard alle roppen feroardiele ta stilte yn it team fan tiid. [pagina 184] [p. 184] II Swier bûgde it gewicht fan winter de tûken, dea wie it liet fan de liguster, it appelhôf dûnker. Op it paad by de foardoar stien' noch printen yn de snie, de hastige stap fan wat har nullehakskuonnen wien'? It ferlerne spoar fan in âld gebed. En wer wie ik jong, jong blaumatroas yn de novene fan kommuny; yn 'e koarte broek draafde ik licht troch de nacht achter har oan - it brea fan de dream foar de tonge - de mûnier wie it wek fan de dea. [pagina 185] [p. 185] III Hoar klonk it riempolskjen fan boer Bakker's pont oer d'Yntemafeart, it iis kreake, in hardershûn fan Dútsk formaat stode lilk oer 't hiem. ‘Foar hjoed is it dien, at jo noch nei de Hel en it Heidenskip wolle.’ Yn it tsjuster sette ik de skossen as wie 't mar in hoannestap om nei de oare kant te kommen. Boer Bakker roeike my achterop. ‘Skipper bin ik, gjin lykfisker. Stap yn, en fertel. En jo tink' har te finen yn 'e Hel? Kom, haw myn bakfyts te lien, hja is jo al in ivichheid yn it foarút.’ (Greonterp) [pagina 186] [p. 186] Natoerferske Tusken wetter en wyn it kreakjen fan skossen, it stjitten, it brekken, de wâl befraachtekene fan twa krûme swannehalsen, dea yn 'e rûchte fan fertoare flotgerzen. Reid bûgt ûnder it gewicht fan wat him net regeare lit, mar bestiet út en troch himsels, de tiid, en it iis it wurdt bûke en treaun, blyn mei it lûd as fan stoarmberûne doarren. Dit is de stream dy't harsels fan winter ferlost, de iepenbrutsen mûle fan maart. Helder sjongt de bas fan Hear Eling yn 'e klokketoer. Kalm klapt in reager, alles fertokjend op wjokken, ferkent romte, der't wetter begûn is te praten. (Greonterp) Vorige Volgende