Opbouwende krityk
Oars as by Maatstaf, Revisor en Hollands Maandblad, dy't de ôfrûne jierren nei ynhâld, foarm en redaksjonele gearstalling soms revolúsjonêr feroaren, holden Hjir en Trotwaer de kop koel en de redaksjes frij stabyl. Wat soe it Produksjefûns dêr nei ôfrin fan de trijejierrige subsydzjeperioade fan fine?
Fan 't maaitiid wie it sa fier. Yn april kaam earst it berjocht dat der neffens it Fûns noch fierste folle tydskriften binne, dy't te min lêzen wurde. In moanne letter folge it rapport mei de útstellen foar de takomst.
It oardiel falt foar Hollands Maandblad, Maatstaf en Tirade (yn 1993 noch in A-blêd) negatyf út. At se net oppasse is it takom jier dien mei de subsydzje! De gelokkigen dy't wol wer yn oanmerking komme binne: De Gids en Raster (beide boppegewoan goed, dus A), Literatuur, Lust & Gratie en Optima (fan A nei B!), Bzzlletin, De Revisor en De Tweede Ronde (allegear B), MilleniuM en Zoetermeer (stimulearringssubsydzje). En - suver wat in ferrassing nei't de grutte bruorren en susters sa hurd oanpakt binne - de Fryske blêden krije beide foar it earst in strukturele Rykssubsydzje yn de B-kategory. (Op de Provinsje kinne se de jierrentroch al rekkenje.)
Nei de nedige protesten jout it Fûns yn july ek it motivearre oardiel oer de ferskillende tydskriften frij, dat it earder fanwegen de privacy geheim holden hie. It biedwurd is kwaliteit. Om dy sa goed mooglik te hifkjen is foar de Fryske blêden in aparte kommisje ynhierd, besteande út Flippus Breuker, Remco Heite, Jelle van der Meulen en Tineke Steenmeijer. Dy blike de koers behoarlik ferlein te hawwen:
De subsidiëring van de Friese literaire tijdschriften werd door deze commissie, meer dan in 1992, geformuleerd vanuit literair-inhoudelijk overwegingen. Het bestaan van twee Friese literaire tijdschriften achtte de commissie van belang voor