den, tocht er. Wat hat er in grouwe kop krige. Syn skôging is net botte sûn. It sil wol fan dy poalnacht komme. Je kinne yn 'e winter mar better net it hege noarden opsykje dus.
It earste weromsjen wie wol hiel apart ferrûn. Pas doe't er by de doar wie, koe Otto him werom. Mei syn gedachten, wie dy, sa't it like, by hiele oare dingen. En dat die ek al gau bliken.
Hy sei, dat as er no net gelegen kaam, hy ek wolris in oare kear weromkomme koe. Hy wie ommers samar oanwaaien kaam. Otto bearde, dat er it prachtich fûn dat er der wie en sei, dat er yn it kofjesetapparaat noch wol kofje hie, mar dat er earst noch eefkes nei it sikehûs moast. Mei in trije kertier soed er wol werom wêze. Otto sette de boadskippen dy't er ophelle hie yn 'e keuken del, geat fuort kofje foar him yn, helle wat papierboel fan in stoel en plante him dêr del.
Hy sei noch, dat er hope, dat it neat ferfelends wie, dêr't er foar nei it sikehûs moast. En doe stûke it wat. Sa gewoan mooglik sei Otto, dat it gyng om de útslach fan in Aids-test.
Ik hie it dan miskien net hielendal feilich dien, mar der wie gjin sied yn my kommen. Dêr wie ik wis fan. Wie ik dêr wis fan? Hoe seker kinne je nei fjouwer jier wêze, ferdomme. Fjouwer jier! Fjouwer jier!
De affêre hie mar hiel koart west. Twa wike op syn heechst. Je koene it mar kwaalk in affêre neame. Buien fan geilheid, dy't wer oer wiene, ear't je der erch yn hiene. Mar kòène je it mar ferjitte. In pear wike lyn hie de advertinsje yn de Gaykrante stien. ‘In Memoriams’ waarden dy dingen neamd. Je soene der hiel hurd by flokke: ‘In Memoriams worden kosteloos geplaatst en dienen in ieder geval naam en sterfdatum van de overledene te bevatten. Daarnaast kunt u een persoonlijke tekst van ten hoogste 10 regels aanleveren en wordt het meesturen van een pasfoto ten zeerste op prijs gesteld...’ No se koene tefreden wêze, dêr by dy krante. Mear as twa persoanlike rigels en in foto wiene it net wurden: ‘Kees Haring, 21-12-1961 - 30-03-1995. Kees is werkzaam geweest in sauna Hothouse. Hij was bijzonder (en) lief. Zijn buddy Marjet.’
Doe't ik dy foto seach, waard ik ôfgryslike kjel en begriep ik foar it earst, wêrom't dy advertinsjes fergees wiene en wêrom't se der sa graach in foto by opnamen. Elk, dy't de persoan koe en seks mei him hân hie, moast dan mar sa gau mooglik nei de dokter drave om te freegjen oft er ek al hast oan sa'n advertinsje ta wie. It Ministearje fan Folkssûnens soe dy advertinsje wol betelje wolle en oars it Ministearje fan Justysje wol. It wie krekt as seine dy In Memoriams: ‘Wanted! Alle minsken dy't dit slachtoffer kend ha wurde socht.’
En ik wie dêr ien fan. Earst hie 'k it oanjaan noch wat foar my útskood. Fansels woe ik ek witte oft ik seroposityf wie. Mar tagelyk woe ik it ek net witte. Ik besocht my hieltyd gerêst te stellen mei de gedachte, dat ek al hiene wy dan gjin kondooms brûkt, it dochs feilich west hie. Kees hie my ek altyd dat gefoel jûn, salang 't wy it dien hiene. En dat dat mar twa wike west hie, hie myn kar west. Hy hie wol trochsette wold.
It hie wol in deimannich duorre ear't it ta my