| |
| |
| |
Beammen
Jurjen van der Weg
It is kâld. De keale beammen krûpe yn it wide lân yn groepkes byinoar om noch wat beskûl te finen foar de snijende wyn. Stûf trapet er troch op de âld fyts. It efterspatboerd rattelet. Noch altyd? Al wer? Hy wit it net mear. De âld Weduwe hâldt him, dat is it wichtichste. Inkeld heart er in protest as spatboerd en tsjil skrassend kontakt mei inoar sykje en fine. Metaal yn petear mei metaal bringt him syn lamlendigens ûnder eagen. ‘Ja jong: wy karkje hjir mar rûn. mei dyn dikke reet op it seal. Troch kûlen en oer ôfbrokkele asfalt. En wat dochst foar ús? Hast ús ea in hantsjefol faseline om 'e tosken smard? Hast ús rustige onderdanen wolris ferwend mei in stikje stielwol? Nee fansels! Do smoarge, goare útfretter! Do egosintryske kloatsek! Jou ús andert! Dêr hawwe wy rjocht op. Wy binne dyn lêste ûnderdanen. Wy...’ Hy jout in traap nei efteren. Stil jim! Bloedhûnen bin' jim, de stimmen yn myn holle. Neat mear as skimen fan itjinge, dat fier fuort, yn 'e omkriten fan 'e harsenstam, in tunnel nei myn djipste gefoelens besiket te graven.
‘Leau my no mar,’ lêbet it. ‘Do bist neat en it sil ek wol nea wat wurde...’
Bek ticht, kringen! Ik libje noch en ik sil fjochtsje salang 't ik kin. Fjochtsje tsjin jim, tsjin mysels. Salang't ik kin! Salang't ik kin... Hoe lang noch... Hoe slimmer as de twivel oan him fret, hoe fûleiniger syn fuotten op de trapers omstampe. Fuort wol er, fuort fan de stimmen út syn holle.
Noch foar't er yn Tytsjerk is priuwt er it bloed al yn syn mûle. Syn longen ymplodearje hast. ‘Reken maar dat deze jongen een behoorlijke zuurstofschuld opbouwt! Zijn gezicht vertrekt, terwijl het melkzuur zich in zijn benen ophoopt. Of dit de beste taktiek is met de tien kilometer tijdrit van morgen in het vooruitzicht...’
De stimmen binne net te hâlden. Fan lofts, fan rjochts en yn full stereo komme se op him ôf. Hy wol him de hannen foar it antlit slaan. Hy wol syn earen fan syn liif ôfskuorre, syn slakkehûs útboarje mei de kaaibosk yn syn bûse, alles wol er, as it leven yn syn holle mar ophâldt. Op it stuit dat er in hân loshellet fan it stjoer komt der lykwols lyk krityk.
‘Net om it ien of oar, hear, mar soest dyn hannen by it fytsen sa brûke wolle as it de bedoeling is? Net dat ik der oars no sa'n soad oan haw... It is dochs wat, as men as dea ding de linen útsette moatte foar in wêzen, dat himsels yntelligint neamt? Hoe mear ferstân, hoe minder ferstannige besluten der útkomme. Menear fielt him fêst wer te goed, om de grize massa te brûken foar in beslút oer lofts of rjochts.’
Resolút remmet er. Mei ien foet oan 'e grûn fielt er him eefkes wat wisser. Wa sil hjir de gek mei my hawwe, besiket er de lûden yn syn kop te oer- | |
| |
razen. As it lykwols op razen oankomt, kinne se him mei de mûle ticht noch wol de baas.
‘Wurde we wat opstannich, mantsje? Wêr hellest dat no wer wei? Soa, der sit dus dochs noch in bytsje kriich yn dy. Nijsgjirrich, nijsgjirrich... Manlju, froulju: de jacht giet troch! De fokse doart it gefjocht noch oan, de hûnen kinne los! - En bij ons staat op de keukendeur, dit is een mooie keukendeur...-’
Yn klearebare deadsneed tinkt er oan sjongen. Oan fytsen en sjongen. Fytse en sjonge, tinkt er, dat kin my rêde. Fytse en sjonge, prevelet er, mar wêrhinne? En wat? Nukt neat, fytse en sjonge, sjonge en fytse, fytse en sjonge. Fytse oan'st opstiichst, boppe de stimmen út. Sjonge oan'st dôf bist, dôf bist foar harren eamelderij. ‘Twijfel niet langer, fietst slechts en u zal gegeven worden al wat uw hart begeert.’ En as 't net fytse kinst dan sjongst it mar.
Hy moat himsels hurd yn 'e earm knipe om los te kommen út syn letargy. Stadich set er de foet op de lofterpedaal. Lofts, rjochts, lofts, rjochts en hy hat de gong der alwer yn. Portishead linkt er, Portishead moat ik fan sjonge. Rêst, lykmjittigens en net te kropjen frustraasjes. ‘Cause nobody loves me...’ Nochris. En dan dochs wer de ferlossing: ‘...like you do.’ Ut syn droege strôt komme de tekstregels hurd en net botte suver nei bûten. Likegoed galmet er oer de grize greidewrâld: ‘Forbidden fruits, hidden eyes: Take a ride, take a shot now...’
Yn 'e skimer slacht op in boerehiem in hûn oan. It docht him neat: it is eefkes stil yn syn holle. Aanst sil it wol wer begjinne, mar no is it leech, is it fuort, fier fuort. In momint lang kontrôle oer it eigene, dat is wichtich no, oars neat. ‘Nobody loves me, it's true.... Not like you do.’
You. Wie it mooglik, dat der ien fan him hold? Sels as er net iens fan himsels hold? Koe dat? Blykber... Syn fyts kaam by har út it hok, har doar stie altyd foar him iepen. En hy hold fan har. Tocht er alteast. Fytse en sjonge, dat tinkt er no. En wylst er Sour times op 'e nij ynset, hellet er nochris stevich oan. Hy is sa'n bytsje oan Burgum ta. De âld fyts bringt 'm dêr't er wêze wol. Wêr? Dêr't er wêze wol. Ja, dat is te sizzen: wêr? Rjochtsôf oer Burgum op Suwâld oan of fierder de djippe wâlden yn, oare kant it Knillesdjip? Hy sjocht it aanst wol. Hy is wer ûnder de betsjoening fan it stjoer.
De meters skowe ûnder him troch. Lofts... rjochts... mealle syn fuotten. It's... true... sjongt syn mûle. Nuver eins. De meters fan 'e stêd ôf binne altyd langer as deselden nei de stêd ta. Like nuver is it dat er, hikke en tein yn 'e stêd, by eltse tebeksetter wer de wâlden yndûkt. Wat tinkt er te finen yn it ûnbekinde? De poëzij fan 'e natoer? Dêrfoar binne der tefolle protters opfretten troch hauken en kninen oantaast troch miksematoaze. Unbekind is it oars ek net. Lykas de rychjes huzen yn 'e stêd ûntnimme beamwâlen him it sicht op 'e kimen. De wide blik, dy't er mist, dêr't er nei langet, dêr't er deabenaud foar is.
Inkeld de minsken misse, benammen op dit tiidstip. Eltsenien leit noch yn it waarme nêst, yn 'e earmen fan dejingen dêr't hja fan hâlde, dy't
| |
| |
hja noch krekt ferneare kinne of dy't hja haatsje. Inkeld ien moat it dwaan mei in elektryske tekken, it merkteken fan in iensum bestean.
Sa'n iensume bûtensteander soe him lokkich neame. In farske relaasje mei in prachtige, rike frou fol fan leafde, dy't it famke yn harsels noch net iens kwytrekke is. Neat mear oer te winskjen, alles foar de hân. Dochs fytst er hjir op in iere moandeitemoarn, sûnder sliep yn 'e eagen, mar likegoed skjin oan ein. De ein yn 'e bek nei in swiere, trochlibbe nacht fol fan seks. Hja hie alles jûn, him leechssûgd en sa romte jûn oan de stimmen yn syn holle. By har moat er him ynhâlde. Hy moat sjen litte dat er it libben oankin. Hja hie him by eintsjebeslút út 'e nearzige hoale by de oare gekken weihelle. Hy moast har tankber wêze, syn rêder, syn leafste, syn duvel. Neat fernimme litte, want hy is mar in pear kilometer fytsen by har hel wei. It lûkt oan him en tagelyk is der neat op de wrâld dêr't er benauder foar is. Faaks rydt er dêrom altyd de Wâlden yn. Fierder en fierder fuort fan syn eangsten, beskûl sykjend yn it driigjende grien fan beammen en struken. ‘We zijn weer thuis! En hoe maakt u het vandaag, oma?’
Ferrek, dat krijt men der no fan as men net sjongt. Sjonge, fytse en de stimmen de baas bliuwe, dat moat er. Burgum is er hast foarby. Yn in refleks goait er by in krusing it stjoer om. Hy slingeret wat hin en wer en sjit by it asylsikerssintrum del. Yn in pear keamerkes binne de ljochten oan. Noch? Wer?
Hy set de sokken der yn om sa gau mooglik út de benearjend krappe strjitsjes te reitsjen. Sjonge, bliksem! De heer is mijn herder, Hij zal mij geleiden naar grazige weiden. Greiden, krekt, de greiden moat er yn! Net mear fytse, rinne moat er, oant de fuotten him sear dogge. Fuort, fier fuort fan alles. Fan de stimmen, fan de leafde, fan it ferline en fan 'e takomst. Hy trapet en trapet en fernimt amperoan dat er de lêste huzen fan Burgum al lang efter him litten hat.
‘Och heden, is it mantsje foar himsels op 'e flecht? Wat hat er dien, dan? Hat er stout west?’
Hâld dy de bek ticht, Ieneach Strjitlampe. En sjoch my net sa ferwitend oan mei dat gemene oranje each! Ik haw neat dien, en dat alhielendal net!
‘A love like blood, a love like blòhòd,’ sjonge de strjitlampen yn koar húnjend mei de oare stimmen yn syn holle.
Lofts, rjochts, lofts, rjochts, traapje syn fuotten. Werom, fuort, werom, fuort, sjonge de stimmen. En: wie is er bang voor de boze wolf. Syn ried te'n ein remmet er. Hy stapt ôf en lit de fyts deldonderje dêr't er stoppe is. Oer in smelle sleat springt er in greide yn. De grûn fielt hurd oan ûnder syn âld skuon. It wurdt stil yn him. Hy set in stap, wif troch de oergong fan it fûleinige fytsen nei dizze folslein oare beweging. Under it rinnen komme de bylden. De bylden dy't hast noch wreder binne as de stimmen. Boppedat: de bylden litte harren net fuortsjonge. Dizze film moat er útsjen.
Se leit der by sa't er har sa goed kin. Hoe faak
| |
| |
is er net, nei it toskepoetsen, de sliepkeamer ynrûn om te sjen of't hja der noch sa lei? Mei in laitsjende mûle, har boarsten lyts en stevich krekt boppe it lekken út, hold hja it bêdeguod noegjend oan 'e kant. Kom der by, hjir is it te heljen is de boadskip. Hy fielt it hurd wurden yn syn ûnderbroek. Myn leafste, lústeret er. Myn satan, tinkt er. Ik hâld fan dy, seit er, wylst er by har krûpt. Do driuwst my yn 'e earmen fan 'e sûnde, tinkt er, wylst hja mei har tonge syn ear bewurket. Do bist myn ivich, myn altyd, seit er, wylst er op har lizzen giet. Do ferneatigest my, tinkt er wylst er yn har eksplodearret. Leaf, lykas hja it allinnich kin, seit hja dat it fantastysk wie. Leaf, lykas hja it allinnich kin, leit hja har holle op syn skouder. Kin hja fan my hâlde, tinkt er, ek as ik net iens wit oft ik fan mysels hâld?
Ek no jaget der mear bloed troch syn ûnderliif as goed foar him is. It is as in straf dat God him as man op ierde setten hat. Hillige mominten en ivige freonskippen waarden om hals brocht troch syn stiif lid en de klearebare lust. Syn ivige, syn lustobjekt bliuwt de bylden dominearjen.
Hja draait in pirûette foar de kamera fan syn eagen. Flugger en flugger, oant er neat oars mear sjocht as har grutte bosk útwaaierjend hier. Flugger noch, oant hja liket op de beam. Doe't er noch by de gekken wie, hie er út syn rút wei altyd dizze beam sjoen. It makke neat, of't er syn bêd no tsjin de lofter of tsjin de rjochter muorre sette.
Lofts, rjochts, dogge syn fuotten. Hy stampt troch in beamwâl fol toarnbeistruken hinne. Fan 'e skuorren yn syn klean en it bloed dat by bytsjes by syn earmen delrint fernimt er neat.
De beam. De hege, keale stam mei de breed útsteande tûken boppe-yn wie simboal wurden fan al syn eangsten, obsesjes, mar ek fan syn ferwachtingen. Sa tichteby wie er, en dochs koe er nea in hân op 'e stam lizze. Sa heech seagen de tûken oer de wrâld út, wylst syn libben beheind wie ta trije muorren en in rút mei traljes derfoar. Sa 'n bytsje like de beam oan him gelegen, wylst foar him de beam alles wie, alles. Hy hold fan him... en hate him. Leafste beam, hie er roppen, helje my hjir wei. Kloatsek, hie er raasd, do litst my hjir smoare! Ik bestjer it hjir! In inkelde kear seach der in broeder troch it lûkje yn syn doar. Meastentiids lieten se him mâltjirgje, oant er fansels wer rêstich waard.
De bylden fan 'e beam wurde fager. Stadichoan ferskynt hja wer, har bleate liif draait foar syn eagen. Har eagen laitsje, wylst hja harsels, dronken fan 'e pirûette, neist him op it bêd falle lit. Hoeden leit er syn hân op har ferheftich op en del geande boarst. Hy fielt har en dochs is hja fier fuort. Hy wol yn har krûpe, yn har lichem, mar boppe al yn har geast. Tichter en tichter wol er by har komme, hielendal yn har opgean of har hielendal yn him opgean litte. Tichter- en tichterby oant hja ien binne. Hja is syn hope, hja sil syn alles wêze. Inkeld it tinken oan it stuit dat er har kwytreitsje sil oan in oar, oan de dea of
| |
| |
wat dan ek jsget in stekkende pine troch syn boarst. Ingel... duvel. Leafde... haat.
Lofts, rjochts, lofts, rjochts. Syn fuotten fine as fansels it paad. Hy huveret, as er fernimt dat it ljochter wurdt. Der is gjin reden foar in nije dei, tinkt er. It is oer, it is folbrocht. En dizze wrâld, dizze beammen hawwe gjin inkeld rjocht mear op ljocht, likegoed as ik gjin rjocht haw op it libben.
Syn beam, syn teken fan hope en eangst, ferskynt wer yn syn byldenwrâld. Efter syn traljes wei koe er goed sjen hoe't de plantsoenarbeiders de kettingseage oan de woartels setten. De beam jammere en swaaide mei de tûken. Hy koe lykwols net by him komme. Hy hie neat yn te bringen tsjin de stimmen fan 'e masjine. ‘Zagen, zagen, wiede wiede wagen.’
Nee, rôp er, net de beam, net myn beam! Hy hie op de doar slein oant syn hannen bletten. Der kaam net ien. Doe hie er mei syn bloed in beam tekene, in prachtige grutte reade beam op de wite muorre. De broeder hie him beprottele, mar hy, hy hie mei in tefreden blik yn 'e eagen nei syn nije beam sjoen. It wie him, it wie syn beam, kettingseagen of net. De bylden lige lykwols net: likegoed wie it har, ek al koe er har doe noch net.
It stappen wurdt hieltyd swierder. It liket of't er stean bliuwt, ek al rint er. De sompige grûn lûkt oan him, by eltse beweging dy't er makket. Wylst de bylden yn 'e bioskoop fan syn harsens draaie kin er ek gjin romte mear fine foar it sjongen. Hy kin net oan it betsjoenende spul fan beammen, bloed en leafde ûntkomme. Foar it earst sjocht er om him hinne. Hy stiet net mear yn in greide, ek al skimeret it gerslân noch yn 'e fierte. It suterige boskje is him genôch om beskûl yn te finen. Hy docht noch in pear wiffe stappen en fynt dan de lijte fan in omfallen beam. Hy krûpt fuort yn it gat dêr't ienris de woartels de bân fan harren master mei de grûn bestindigen. It is kâld en de film is noch net foarby. Hy slacht de earms om de knibbels en lit de slotakkoarden fan 'e film op him ôfkomme.
Hja stie ynienen foar him, midden tusken it ploechje manlju yn. Jo witte wol wat jo dogge, sei de broeder, wylst er nei de noch net oerskildere reade beam knikte. Hja hie de wite man laitsjend oansjoen, sa, dat him al syn oare betingsten en goede ried yn 'e mûle bestoaren. Hy koe har net, mar hja hie wol wat bekends. Giest mei, hie hja frege mei har laitsjende eagen. Giest mei? Fier fuort hearde er in stim as fan rûzeljende tûken: ik bin dyn hope, alles dêrst bang foar bist, alles dêrst fan hâldst. Hy woe om help roppe. Jou my gjin dingen dy't ik kwytreitsje kin, woe er roppe. Dan leaver in knyft om mysels kwyt te reitsjen, myn polsen troch te fykjen of wat dan ek, mar nea wer wol ik myn beam kwyt! Hâld my hjir, lit my by myn beam op de muorre bliuwe! Gjin nije beammen, gjin nije hope...
Hja hie syn namme yn syn ear lústere en dat hie syn wjerstân brutsen. Dat, har laitsjende eagen en har lange hier, dat yn tûkebosken oer har skouders hong.
| |
| |
Dat hier, dat yn 'e pirûette ferwurden wie ta de tûkebosken fan syn beam. Hoeden strykt er mei syn hân oer har lange hier, op har foarholle fielt er it swit. Har asem komt mei hoarten en stjitten út har kiel. Hja hat de eagen ticht om de dûzeligens út har holle te bannen. Soepel glide syn hannen oer har beswitte liif. Fan boppe nei ûnder. Pikefel krijt har yn 'e macht, as er by de binnenkant fan har skonken komt. De sucht, dy't opstiicht út har lichem, as er oankomt dêr't er wêze moat, fernimt net in oar as hy.
Hy huveret. Kâld oant yn 'e bonken krûpt er noch mear yninoar yn syn hoale. De kjeld en de sliep krije fet op him. Hy sakket stadichoan fuort yn syn eigen byldenwrâld.
Noch altyd hat hja de eagen ticht. Earst as er har hoeden in tút op de foarholle drukt, docht hja se iepen. Laitsjend en fol berouwen sjogge se him oan. Likegoed lykje it him djippe swarte poelen, dy't al syn emoasjes opsûgje. It is oer... Hy kin net mear... Stadich streaket er mei syn hannen nei boppen ta. ‘Cause nobody loves me, it's true... Not like you do,’ sjongt er súntsjes, wylst er syn hannen om har hals leit. Syn beam. Dizze beam lit er net troch oaren omhakje...
De bylden binne op, de stimmen fuort. It is dien. Hy krûpt yninoar. Grûn en woartels krije grip op him. Hy glimket, it is goed.
|
|