en Durk. Petra wer yn 'e spikerbroek. Minsken feroaren ek noait.
‘Hoi,’ lake se en joech earst Jan yn 'e gong, doe my yn 'e keuken in tút. Fan Durk krige ik ek in tút. Se rûnen troch en gienen neist Sity sitten. ‘Komt Jehannes net?’ frege Jan oan Sity.
‘Nee,’ sei se en lake heech en senuwachtich. Se koe wol net goed wêze, tocht ik.
Wylst ik mei de kofje dwaande wie, bekroep my in illindich gefoel doe't ik murk hoe't Petra nei Sity seach. Ik fielde my krekt sa as de lêste wike op it Amelân. Myn iennige hâldfêst wie Jan.
‘Gean earst mar ris sitten,’ sei Sity tsjin Jan en my. ‘Ik bleau stean,’ sei Jan. Dy fielt soks oan. Ik net, ik gie braaf sitten.
Sity ferskikte op har stoel:
‘It sit sa...’ sei se as soe se in mearke fertelle. En doe sei se neat mear.
Se lei de wide rok nochris goed oer har knibbels wylst wy ôfwachten. Yn 'e fierte fluite de lyster. Petra begûn te gycheljen.
‘It falt noch net iens ta,’ sei Sity tsjin Petra. ‘Sis do it mar.’
Jan en ik seagen fuort Petra oan, dy't kalm har stik apeltaart mei de fingers op siet te iten.
‘Jim sille wol kjel wurde,’ sei Durk, ‘sa ûnferwachts.’
Doe't Petra it gebak op hie die se de fuotten op 'e lege stoel dêr't Jehannes sitte moatten hie en krige har kofje.
‘Jehannes is fuort.’
‘Ja,’ lake Sity senuwachtich.
‘Wat seist dêr?’ frege ik en myn lûd skeat út. Ik hie him moarns noch sjoen.
‘Wêr hinne?’ frege Jan.
‘Gjin idee,’ lake Sity.
‘Ik haw him fannemoarn noch sjoen,’ sei ik, ‘dus dat kin net.’
‘Fannemiddei is er ôfstutsen.’ sei Petra. Ik seach har oan. Ik begreep net dat sy ynienen safolle wist oer Jehannes. It wie myn kollega en Sity har man en Sity wie mear myn freondin as harres.
‘Hy hat ôfskie nommen en doe kaam Sity by my,’ ferklearre se oan my, ‘do wiest op de bank.’
It wie even stil. Durk makke in soad leven mei it iten fan syn taart. Elk seach nei him.
‘Is dit better?’ frege Jan ynienen oan Sity. Syn stim stikte fan de sympaty. Mei in skok besefte ik dat ik dy toan net koe.
Sity siet no mei oplutsen knibbels op 'e stoel, de hannen om 'e rok. Se widze harsels mei it kin tsjin 'e knibbels en seach Jan mei in glimk oan. Dat se sa glimkje koe, dat hie ik noait fan har tocht. Ik hie har noait heard oer problemen mei Jehannes. En him ek noait ergens oer.
‘Ja,’ sei se, ‘dit is better.’
‘Komt er net wer?’ frege ik.
Durk hoaste ris.
‘Nee,’ sei Sity, ‘hy komt noait wer. Der is ien ding dat dúdlik is, hy komt net wer.’
‘Komt dit no samar út 'e loft fallen?’
Alle fjouwer seagen se my oan. Sels Jan seach ferheard.
‘Nee,’ sei Durk, ‘it gie al hiel lang hiel min.’
‘Is dy dat noait opfallen?’ frege Petra sacht.
Ik gie oerein en rûn achter Petra lâns nei de keuken. Ik helle de foly fan 'e hapkes kysj ôf en goai-