ren op de rêgen oars rangskikt wêze soene. Kasten binne altyd eigenaardich at se leech binne.
Mar dat wie it net. De keamer wie der donkerder, lytser, benauder fan wurden.
Ik ha it ljocht oandraaid. Mar de foarm wie al definityf feroare. Dy kast hie altyd al ús foarm bepaald, en dat ha wy noait trochhân.
It wie allegear sa ferlern mei dy kast oerdwers. Ik ha ús mem belle. Fertelde har wat ik krekt dien hie. Hiel terloops. Dy naam it allegear nochal searieus.
Do moatst no even in hoartsje neat feroarje, sei se. No moat even alles bliuwe sa't it wêze moat. Se sei dat doe't se swier fan my wie, dat se doe in kear de hûn net by de feart, mar samar ynienen yn it fjild útlitten hie. Sokke dingen binne sa ûnnoazel, sei se, mar se sette de hiele wrâld op 'e kop.
Moat ik by dy komme? De brut wer teplak sette? O, ik lake sa lûd, jong, nee, der is neat dramatysk oan it hantsje hjir. Ik ha ommers allinnich mar in kast ferset. Ik set dy kast wol wer werom.
Ik doarde earst net mear nei boppen. It wie sa'n frjemd gesicht. Mar ik koe it net sa litte. Do soest it sjen. Do soest my freegje, wat dochsto mei kasten om te tôgjen en hast wer neat oan de tún dien.
It gers stiet no al sa heech dat der ien mei de seine komme moat. Der komt hea fan.
Dat hea, dat is gjin min ding. Hea. dat moatte wy ha. Dat is foar it knyn, dat der komme sil. Dat dat bern dat knyn in aaike jaan sil.
Nei it iten waskje wy tegearre ôf. Dat litst my net allinnich dwaan. Do bist gjin minne hûn. Nee, ik ha boft mei dy.
En op it wurk hast it net maklik. Do mei altyd de kop fol nije plannen. Do joust gjin belies. Ik wit dat dyn baas in te âlde man is dy't de funksje net oankin. Leave, dat wit ik al in heal jier. Hy is gewoan net meigroeid. Hy is yn dy funskje promoveard, mar groeit der no út. Dizze tiid stelt oare easken oan dy funksje. Dyn baas moat allegear dingen kinne, dy't er tsien jier lyn noch net kinne hoegde. It is in potentaat, dat wol.
Hy moat bang wêze, ûnseker, dochs?
Hjir moatsto lang oer neitinke.
En it makket dy net út hoe't er him fielt, seist. Echt net. Dy man is âld, hy kin it net oan. Hy sit dy dwers by in promoasje. Do fynst datst him wippe moatst. Bist dwaande mei dyn strategyen. Ik wit net wêromsto promoasje krije moatst. At it sa moat, lit dan dochs sitte, ju.
No bisto ferheard. Wêr tink ik dat er it foar docht, no? No? Fansels, foar it jild, foar dat bern. Fan it knyn fan it hea.
Ik fyn dy sa moardsuchtich, ik sjoch dit foar it earst yn dyn eagen. Do wurdst hellich fan myn gesicht. Begrypsto dan net dat ik dit alles doch foar ús, foar dy? Stelst dy ferantwurdlik op en is it wer net goed. It kin net ivich lang waar en moaie dagen wêze.
Ik moat laitsje. Do ropst. Ach barst ek mar, tipelsinnich wezen.
No droegest de leppels en foarken net mear ôf, dat moat ik allinnich dwaan.
Ik lake ommers allinnich mar om watsto seidest.