Ynstjoerd
Joop Boomsma
Menaam, 8 april 1996
Achte redaksje,
In wike as wat lyn haw ik jim redaksjelid Sjoerd Bottema tasein dat ik besykje sil in ferhaal te leverjen foar in Trotwaer-ferhalenûmer. Dy tasizzing lûk ik hjirby yn. Soks nei oanlieding fansels fan it skoallekrante-achtige stikje fan D. Sijens (Dwersreed - jezus!) yn it maart-nûmer.
As fyftiger realisearje ik my ynienen dat ik gjin tiid ha foar de skriuwerij. Ik haw in folle baan yn it ûnderwiis, ik moat myn bern yn Amsterdam ferhúzje, der is in soad Europakupfuotbal op de televyzje, de natuer freget myn omtinken... ensafuorthinne, ensafuorthinne. Noait haw ik witten dat soks ynfloed hawwe soe op myn skriuwen. Hawwe moatten soe...?
Jild, tiid, oantrún? Noait fan heard eins. Ik skreau omt der in driuw ta skriuwen wie. Ek as 'k wurch fan myn wurk thúskaam, der kôke wurde moast en de bern oandacht fregen. Lykas safolle oare saken.
Mar ik bin wekker wurden!
In Fryske skriuwer (m/f) moat heind wurde, oer de holle streake wurde, frijsteld wurde, foarskotten krije - oars komt talint net ta bloei. Watsei! Oars fernimme wy noait oft der sprake is fan talint. Dat ik dat net wist!
En dêrom haw ik gjin tiid foar in ferhaal foar Trotwaer. Want D. Sijens makke my wekker.
Raar trouwens dat ik noch net yn de (al net mear besteande) VUT bin. Fyftich en noch altyd folslein oan 't wurk - hoe is 't mooglik.
En ek noch skriuwe! Romans en sa. Jezus!
De ‘bedoarne generaasje’ - wy sille de oarloch der net mei winne. Dy generaasje sil de Fryske literatuer net rêde. Net kinne.
Mar aldergeloks binnen der noch ‘pakes en beppes’ dy't skriuwe en publisearje. En aldergeloks bestiet der noch in avant-garde fan boppe de fyftich. De jongerein kin de betsjutting fan dat wurd net, lit stean dat it sûnder flaters skreaun wurde kin.
De ‘boppe-fyftigers’ skine de Fryske literatuer rêde te moatten. De jongerein hat òf gjin talint, òf wol in slompe jild òf wol heind wurde òf is te beroerd om in letter op papier te setten. Lekskoaie kostet minder enerzjy as in roman skriuwe.
Mar hawar: moarn wer wurkje oan myn folle ûnderwiisbaan, boadskippen dwaan, iten siede, televyzje sjen, in petear mei buorman, krant lêze, tún skoffelje - en in pear oeren skriuwe oan de roman dêr't ik net fan wit oft dy ea útkomt. Mar hy (= dy roman) sil ou!