Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] Skrift Harmen Wind De roas bloeit fjurrich yn novimber. Heech boppe it lêste leaf driuwt in koar krieën op 'e wyn. Alles rûkt nei ûnwenst. Hearst de rein op kommenswei, tusken dyn tosken krieze kristallen. Wêr't men ek bliuwt, men giet, wenje is weiwêzen yn útfiering. Foar ien dy't fuort is lûkst it gleone read út 'e grûn; bloed oan 'e hannen. Op beide earmen it liet fan de roeken, printe yn einefel. [pagina 107] [p. 107] Trou Doe't wy werom kamen, dy lêste kear, op it ferlitten hiem, ús âldfaars erf, stie der de apelbeam, allinne yn it hear. Hy like lytser sûnder hûs en freding, en fruchten, nee, it wie de tiid net mear. Koe er ús noch, ús bernlik hinnekommen, ús útsjochtoer, ús wachter, ús ûnthjit? Hy stie der, wol ferwoeksen en ferkromme, mar likegoed yn blêd, ljochtgrien jong blêd, gjin dei hie er fersomme. Vorige Volgende