sels in konstruksje, mar gjin inkeld momint komt dy konstruksje as ‘makke’ oer. Se skilderje in moaie sfear, mar sette ek ‘echte’ minsken del mei de gefoelens dy't dêr by hearre.
Mei de roman Grutte Wurden hat Akky van der Veer har ek weage oan it perfoarst net maklike genre fan de histoaryske roman. Se lit de roman spylje yn Fryslân yn de Romeinske tiid fan sa'n twatûzen jier ferlyn. Yn har foaropwurd skriuwt Akky van der Veer dat se in soad stúdzje makke hat om dy tiid goed te beskriuwen. As boarnen foar it boek hat se bygelyks de argeologyske opgraving by Winaam brûkt en Romeinske skiedskriuwers as Tacitus en Plinius.
Fuortendaliks yn it earste haadstik wurdt al dúdlik hoe goed de skriuwster har dokumintearre hat. Wy wurde yntrodusearre yn it dekor fan de roman mei de wurden: ‘Us wrâld wie it middenhôf, de wrâld fan de minsken: in rûn eilân yn in grutte rûne see. Om dy see lei in slange, dy't yn syn eigen sturt biet en ús hoedzje moast tsjin de grime fan de wraaksuchtige reuzen, dy't eartiids troch de heechste god nei de bûtenste tsjusternis ferballe wiene en oeral om ús hinne yn it úthôf wennen.’ (s. 11) Yn in pear rigels wurdt in sfear tekene dy't de lêzer meinimt nei de tiid fan doe't de minsken noch oan de wize Wodan leauden. Dy sfear wurdt noch fersterke troch stikken tekst oan it begjin fan elts haadstik dy't út de Edda komme, in epos oer de Germaanske goaden.
It brûken fan de wy-foarm soarget der foar dat de lêzer hiel ticht by de mienskip fan Marisheim stiet dêr't de roman him ôfspilet. Marisheim leit oan it âlde Fly dat no yn it Waad leit. Sintraal punt yn Marisheim is it fearhûs fan Aike dêr't de manlju fan it ferhaal gearkomme om te praten en te drinken. It ferhaal begjint op midwinterjûn at de manlju in ritueel tichtby see hâlde. At Siarda wat sizze sil, dy't ‘fierstente tefolle prakkesearre oer fan alles en noch wat en begripe woe wat net te begripen falt’, fiterje de manlju him oan him stil te hâlden mei syn nuvere útspraken oer de goaden. Siarda hâldt him stil, mar ‘Op datselde stuit wakkere de wyn oan en kaam mei in lange fleach fan see, rissele yn 'e hagedoarnstruken, rûze troch de flearen. De hynsteskedels skommelen hinne en wer. En Hadamars fakkel begûn te walmjen en te rikjen en waaide sawat út.’ (s.27)
Dy sêne is yn sekere sin it begjin fan de ein fan de mienskip fan Marisheim, mar it sil lang duorje foar't de lêzer dat yn 'e rekken hat, want Grutte Wurden is in roman dy't him stadich ûntjout. De roman bestiet foar in grut part út beskriuwingen fan it deistich libben fan de minsken yn dy tiid. De roman hat foar in moderne lêzer miskien wat stadichs oer him, mar dat stadige jout wol alle rûmte foar de beskriuwingen fan de minsken en it lân. Dat mákket de roman.
De beskriuwingen fan de mienskip binne fan in heech nivo en dat komt net allinnich troch de kennis dy't de skriuwster hat, mar ek troch it Frysk dat se brûkt. Wat te tinken fan bygelyks de beskriuwing fan in flinke stoarm: ‘Der wie gjin man dy't neat te dwaan hie. Elkenien wie op 'en baan en drok yn 't spier, want elkenien wist dat dizze tastân krityk wie. Oan bern yn 'e widze waard al leard, dat Hludana fan it waad by spring-