Fan Fryslâns ferline
Ernst Bruinsma
Oer: Folks Fryslân en de literatuer. Fryske skriuwers ûnder hypnoaze fan 'e tritiger en fjirtiger jierren fan Johan Frieswijk. Koperative Utjowerij, Boalsert, 1995.
Yn in soarchfâldich tarette taspraak foar de Israëlyske Knesseth ûntmaskere Keninginne Beatrix ferline jier ien fan de lêste mytes dy't ús lân noch ryk is. In heale ieu nei de befrijing like der ynienen wat feroare te wêzen yn de trochgeans ûnnuansearre wize wêrop wy jierliks yn ferwûndering omsjogge nei de perioade septimber 1939-augustus 1945. Yndied fertsjinje net alle Nederlanners in fersetskrús foar bewezen tjinsten oan folk en heitelân. Nee, de ‘Ausradierung’ fan de joaden rûn yn Nederlân êfterôf besjoen sels wol in tikje te flot. Mei dizze wichtige taspraak fan ús Beatrix waard, sa like it dochs, it startskot jûn foar in floed fan ynterviews, oersjochartikelen, ûntbleatingen, betinkingstaspraken en wat net al, wêryn dien makke waard mei it o sa lang hertstochtlik oanhongen swart/wyt tinken. Ynjûn troch in nasjonaal, kollektyf skuldfielen waard de byldfoarming oer de oarloch ommers jierren lang beheind troch lestige begripen as ‘goed’ en ‘fout’. Mear noch as ‘Ljochtmoanneboekje’, útbrocht ta gelegenheid fan it sulveren jubileum fan de Koperative Utjowerij, moat it essay Folks Fryslân en de literatuer fan de historikus Johan Frieswijk nei myn betinken dan ek lêzen wurde yn de kontekst fan de befrijingsfeesten fan ferline jier.
Dat de boeken fan de ‘Groot-Inquisiteur der Nederlandse letteren’, Adriaan Venema, ein 1995 by De Slegte telâne kamen, is miskien wol symboalysk foar in stadich wizigjend patroan yn ús yntellektuele klimaat. Dizze patetyske sjarlatan dy't op 31 oktober 1993 noch mei in hiel soad trommen en trompetten in ein oan syn libben makke, moat no út it grêf wei toskeknarsend tasjen hoe't syn mei bloed, swit en triennen byinoar fandele boeken sûnder eare wei wurde yn de goedkeapste boekhannel fan ús lân.
Yn in finnich stik by de dea fan Venema skreau Jeroen Brouwers: ‘Nooit heeft hij een adequaat antwoord kunnen geven op de vraag wat hem dreef het oorlogsverleden van kunstenaars, schrijvers, uitgevers tot in de wortels uit te vezelen, niet terugschrikkend voor tendentieusheden, valse betichtingen, aantoonbare onwaarheden, om nog te zwijgen van de moraliserende praatjes waarmee hij de zaken nog eens extra orkestreerde.’ Dat moralisearjen bestie der út, dat Venema himsels bombardearre ta it Gewisse fan ús naasje en, taret mei in ‘feilleas’ gefoel foar goed en fout, yn spiersterke taal withoefolle auteurs, keunstners en útjouwers mei in namme fan klank yn it it ferdomhoekje besocht te skoppen. Natuerlik hat net allinnich Venema sels him skuldich makke oan sa'n