de tiid al rillegau hân en bedarre yn it frijwillige isolemint fan de eigen koöperaasje. Dy produsearre alle jierren wol sa'n tsien boeken en boekjes, mar oare - mear profesjonele - útjouwers brochten har wurk folle better ûnder de minsken.
Doe't it begjin jierren njoggentich finansjeel en organisatoarysk hast op 'e non rûn, socht it bestjoer oansluting by de AFUK. Dy hie as ûnderwiisútjouwer ferlet fan oarspronklik Fryske berneboeken en woe der ek wol in stevige literêre poat by ha. In gouden kâns, sa'n pearske koalysje. Mar nee: de KU rekke wer ris yn in krisis en ferlear guon fan syn bêste - jongere - leden: Eppie Dam en Margryt Poortstra sochten har heil earne oars. It wie de âlde garde dy't - ûnder oanfiering fan Josse de Haan en Trinus Riemersma - wer foar nij libben soargje woe.
En dat dienen se mei ynmoed en mei faasje. Gjin see gie har te heech. Tegearre mei de Kristlik Fryske Folksbibleteek in boek (fan Benny Holtrop) útjaan, dêr draaiden se by de KU de hân net mear foar om. Earder hie dat west as flokken yn 'e tsjerke: ‘CDA-pulp’, dêr moasten se ommers neat fan ha.
In kontra-revolúsjonêr revival mei de dynamyk fan de sechtiger jierren, dat like it doel te wêzen. Dat hie wat nostalgysk. En ek wat masogistysk. Mar masogisme hat de Koperative Utjowerij noait frjemd west. Oars hienen se net safolle boeken útjûn yn in ôfwikende en/of ûntagonklike stavering, lykas dy fan Trinus Riemersma. Oars hienen se har útjeften wol better fersoarge. Want al te faak flokt de suterige foarm ommers mei de pretinsjeuze ynhâld. Oars hienen se earder al nij ûnderdak socht mei mear perspektyf foar de takomst.
Sa wie de KU eins wer werom by de start. En sa koenen se yn 1995 dochs noch it 25-jierrich bestean fiere. Dat dienen se ûnder oaren mei it útjaan fan trettjin Ljochtmoanneboekjes en in deechlik jubileumboek, skreaun troch Doeke Sijens en Henk van der Veer (respektyflik lidnûmer 42 en 43).
It hat in goed idee west om foar it jubileumboek in berop te dwaan op fertsjintwurdigers fan de jongste generaasje KU-leden, de fyftjin skriuwers en sympatisanten dy't har nei de krisis fan 1992 by de KU oansletten hawwe.
De fjirtigers Sijens en Van der Veer hienen in jier om har yn it noch sa farske en soms pynlike ferline te ferdjipjen. Wat har daliks fassinearre wie: ‘wat is dit in wûndere klup en wat is der dochs in soad ta stân brocht’.
In probleem wie wol dat de opdracht ‘net botte spesifisearre’ wie, sa skriuwe se yn de ‘Ferantwurding’: ‘net mear as: meitsje der gjin plakboek fan mei alderhande aardige foarfallen, mar lûk haadlinen en lit de skiednis sjen’. Yn in Nijsbrief kundige it bestjoer oan dat it jubileumboek ‘in oersjoch jout fan it útjaan yn Fryslân de lêste fiifentweintich jier en de skiednis fan de KU yn it bysûnder’. - Is dat slagge? Net alheel.
In algemien oersjoch fan it útjaan ûntbrekt. It dwaan en litten fan de KU wurdt net yn in breder ramt pleatst. Ek oer de resepsje fan de goed 250 útjeften wurdt men net folle gewaar. Ja, de souders kreakje fan de net-ferkochte foarrieden.