Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 88]
| |||||||||||
Oanlutsen fan in fier ljocht yn de kimen (3)
| |||||||||||
Kalma yn piamaIIen fan de beswieren, dy't faak tsjin it wurk fan Douwe Kalma en oare Jongfriezen ynbrocht wurdt, is dat it sa literêr is. It soe te ‘heech’ wêze, te fier ôfstean fan de measte lêzers en mar fan in pear Iju - yntellektuelen - te wurdearjen wêze. De diskusje dêroer hat nea fûler west as yn 'e tritiger jierren. Yn 'e skriuwerij oer de needsaak fan folksliteratuer waard it wurk fan de Jongfriezen brûkt as foarbyld fan hoe't it net moast. Ien fan syn eardere Jongfryske maten, R.P. Sybesma, wie wol it fûlst. ‘Hwet him ienris as in ûnferwachts rike oanwinst fen ús skriften oantsjinne hat, blykt sied to wêzen, dat gjin kymkrêft mear yn hat en forskromfelet en forskimmelet yn in freugdebinimmende steriliteit.’Ga naar eind1 Sybesma wie - krekt as Folkertsma, Van der Molen en oaren - de miening tadien, dat skriuwers mear rekken hâlde moasten mei de lêzers. In oar elemint yn 'e diskusje wie, oft neist it folksaardige nivo, der ek bepaalde ûnfryske eleminten bûten de literatuer bliuwe moasten. In boek as Lok en lijen fan B.R.S. Pollema fûnen dyselde kritisy ‘gjin soune en geve kinst’ om 't yn 'e ferhalen bygelyks troude froulju wolris in oare man ha wolle. ‘Fryslân wurdt der neat better fen, dat sokke uteringen fan in bedoarn aard op in fynst útpluze en oan it folk tofoaren set wurde. (..) Yn 't algemien: it ôfeart fan Frankse eroatyk binne wy yn Fryslân net brek. En dêr soe it mei sketsen lyk as dizze fan Pollema hird op ta gean. Dit is foar de Fryske literatuer gjin oanwinst.’Ga naar eind2 It stânpunt fan Douwe Kalma yn 'e diskusje, dy't in moai tal jierren duorre, bleau itselde as altyd. Keunst moast persoanlik bliuwe: ‘Folle kompromissen binne mûglik, mar net twisken in dichter en syn ropping; de dichter dy't net mear hearsum is oer de ynderlike stimme, dy't út forstanlik bitinken skriuwt ef him rjuchtet nei hokfor macht út de bûtenwrâld, bigiet as dichter sels-moart.’Ga naar eind3 Foar it probleem fan it lytse tal lêzers hie hy lykwols ek gjin oplossing. Hy skreau der oer yn it artikel ‘Boer en proaza yn Fryslân’. Hy wie fan betinken dat de boer mei proaza wûn wurde moast, mei fersen soe it nea wat wurde. Hy seit: ‘(..) de wirdearring fen ferskinst stelt oare easken as dy fen proazakinst; wylst de lêste moai goed nei to kommen is ek fen minsken dy't net bijefti- | |||||||||||
[pagina 89]
| |||||||||||
ge binne mei in rike forbylding en hwaens fielen for styl net kommen is ta ûntjowing, is it wiere geniet fen ferskinst bigrinzge ta dyselden dy't dêrta in ryk forbyldingslibben en in suver stylfielen meibringe.’ Yn itselde stik seit er: ‘De muze fen it Fryske proaza, fen hjar kant, hat alle oanlieding om op de Fryske boer foreale to wêzen.(..) Eltse Fryske pleats, fen de heareboer ef fen de koumelker, elts arbeidershûs sels, elts Frysk doarp det bistien hat en net oars as bistean kin as troch earlik wirk, sterke trou en ljochte dreamen - né pessimist, net ien fen dy trije kin it sûnder, de minske is earm dy't net oan alle trije kinde hat -, elts Frysk formidden dêr't op sa'n wize libbe is, libbe wirdt en libbe wirde scil is in toaniel for de hânling, lyk as de Muze fen it proaza gjin better winskje kin.’Ga naar eind4 De Muze fan it proaza hie by Kalma lykwols net folle hâld krigen. Mooglik hat er it dêrom yn in oar sjenre besocht om tichter by de ‘gewoane’ minsken te kommen en begûn er yn dizze rite mei modern toaniel. Oars as syn histoaryske stikken as bygelyks Kening Aldgillis, De wei fan Dante en Noarderljocht binne Rykdom en Film yn Fryslân situearre yn werkenbere, Fryske fermiddens. De toanielstikken passe yn de fersobering dy't Kalma syn wurk yn 'e tritiger jierren trochmakket. Syn proaza wurdt ek direkter, minder redenryk en yn guon fan syn fersen komt de moderne tiid oan bar. De beide moderne stikken binne ek opfierd, krekt as twa oaren dy't er nei de oarloch útbrocht: Hûs op sân en Fete. In fyfde toanielstik, Sa ienfâldich is it libben waard publisearre yn | |||||||||||
De Tsjerne.Men mei oannimme dat by de útfiering fan Film yn Fryslân troch it Ljouwerter Toanielselskip yn 1937 dy ‘gewoane’ Friezen yn 'e seal sitten ha. Dy minsken seagen dêr doe noch wer in oare kant fan Kalma syn talint. Echt folskaardich wie syn moderne toanielwurk miskien net, mar net ien koe sizze dat it yn in ivoaren toer skreaun wie. De oergong is ynearsten grut, it is as sjocht men Kalma yn piama, mar de metamorfoarze slagget sûnder dat er tefolle konsesjes oan ‘de keunst’ hoecht te bringen. By it skriuwen fan toaniel hinget it sukses foar in grut part ôf fan de dialogen. Wienen dy yn Kalma syn proaza bysûnder ûnnatuerlik, yn syn toanielwurk is dat hiel oars. De taal is direkt, maklik út 'e holle te learen en just hiel natuerlik. Ferhaal en tema fan de stikken binne net mear melodramatysk as yn bygelyks De swiere winst, mar realistysk en echt. | |||||||||||
IIRykdom is dúdlik in stik út 'e tritiger jierren. De tiden binne min en de boer fan ‘Blierhenne’ rekket al syn jild kwyt en docht himsels dêrom tekoart. Syn frou, dy't him om syn sinten troud hat kin dat net ferneare en rekket ek rillegau wei. It binne har bern dy't ûntdekke dat de wiere rykdom net bestiet út jild, mar út it hawwen fan ‘inerlike wearde’. De soan fynt dat yn it wurk as arbeider, de dochter docht der wat langer oer mar ûndekt it ek. De tsjinstelling tusken de boer en syn frou, dy't libje foar uterlikheden en de arbeiders, mei har wiere ‘fielen’ binne yn dit stik | |||||||||||
[pagina 90]
| |||||||||||
klisjees bleaun. ‘Skea en skande,’ seit de arbeider Reinder, ‘dêr allinne liket de wrâld fen to learen. Earst moat alles fêstrinne ear't der ynkear komt.’ Yn 'e arbeiderssoan Wytse hat Kalma besocht in idealist stal te jaan. Gjalt, de boeresoan komt ûnder syn ynfloed ta ynkear. Botte ferheven binne Wytse syn wurden net: ‘Ik sjuch yn in dominy oars net folle as ien dy't yn wirden bringt hwet libbet yn ús allegearre. De utering is op it lêst mar in middel fen de geast. En dy moat yn ús allegearre wêze.’ In omke, dy't werom komt út Ynje, helpt Gjalt wer op gleed. Op 'e ein fan it stik trout er mei in arbeidersfanke. It grutste beswier dat tsjin it stik yn te bringen is, is dat de klimaks te gau komt. It ein fan de grutske, failliete boer komt al yn it earste bedriuw en dêrmei is eins de spanning ferdwûn. S.D. de Jong kaam noch mei in oar beswier. Hy fûn: ‘It binne by dit geastlike feest fen inerlike wearden wer de geseten boeren, dy't it gelach bitelje. Nou is ús ûnderfining, det dy ljue net bipaeld hilligen binne, mar det se folle minder wêze scoene as de oare klassen fen de Fryske maetskippij wol ús net oan. Dêrby, soks kin ek gefaerlik wirde. De koark, dêr't hja neffens de skriuwer op driuwe, it jild, mei hjar den mear en mear ûntsinke, oan de oare kant foarmje dizze geseten boeren in koark, dêr't Fryslân sawat op driuwende bliuwt.’Ga naar eind5
Film yn Fryslân is in folle loftiger stik. It waard foar it earst útfierd op twadde Krystdei 1937. By dy gelegenheid wie ek de earste foarstelling fan de Fryske film Kar ût twa. Yn it stik giet it om de boeredochter Elly, dy't neat fan it benypte Fryslân ha moat en dweept mei Amerika en Hollywood. Yn 'e fakânsje treft har broer de Amerikaanske filmstar Stark Cable, dy't Frysk leare wol en dêrom in skoftsje op 'e pleats meihelpe sil. Lang net elkenien hat fuortendaliks yn 'e gaten dat it gewoan in stúdzjefreon fan har broer is, Elly it alderminst. It slagget Kalma wûnderlik goed om de komeedzje fol te hâlden oant it happy end ta sûnder flau te wurden. Elly komt ta ynkear en sjocht yn dat Fryslân dochs wol folle goeds bringe kin. Dit stik is nei de oarloch op 'e nij útbrocht ûnder de wat direktere titel Elly leart har les. Kalma moat mei nocht oan dit stik wurke ha. Foar Stark Cable mjukse hy Ingelsk en Frysk moai trochinoar: ‘It pleases me very well indeed. Sa rêstich en sa fredich. Sa different, sa oars fan hwat ik bin wend. Ideal for a holiday. En dizze moaije tael dêrby, in nocht to hear.’ Hette, in jonge fan 16, bringt op 'e ein de filmstjer en syn suster by inoar. Eins is hy noch wat te jong foar de wrâldwize útspraken dy't er dêrby docht, mar dat er dêrfoar as beleanning in kano ha wol, past wol wer by syn jierren. ‘En trije bidriuwen lang hâldt Kalma syn harkers yn spanning,’ skreau ‘D’ yn it Volksblad op 27 desimber 1937. ‘Elly jowt Jetty in prip mei Freud, dy't men út in famkesmûle net alderearst forwachtsje scoe, en de boerinne jowt hjar man in kear in biskie, det for in frouminkse hwet nuver harket, mar dêr stiet foaroer, det humor en geastichheit fierders sa rynsk jown wirde, det it in great geniet is, dernei to harkjen. Soks hiene wy yn ús Fryske stikken net earder as nou.’ | |||||||||||
[pagina 91]
| |||||||||||
Opfiering fan it toanielstik ‘Fete’. Foto: F.G.D. Popken, boarne: argyf FLMD.
Fete is nei de oarloch útkommen, mar it stik is noch hielendal yn 'e sfear fan 'e tritiger jierren. De toan is wer folle serieuzer. It giet om in boer dy't syn buorman hatet om't er troud is mei de frou, dy earst mei him ferloofd wie. Hy is nea troud, it houlik fan syn eardere ferloofde is ek net al te bêst. De jongere generaasje besiket it om in ein oan 'e fete te meitsjen. Dat slagget, mar net earder foar't der twa fan de haadpersoanen dea binne. Yn Fete dolt Kalma djipper as yn syn eardere stikken. It houlik fan Hearre Lyklema en syn frou is in hel foar beiden. De man is oan 'e drank en komt faak ûnbekwaam thûs. Ek driget er minsken geregeldwei mei in mes. De frou soe wol by him wei wolle, mar fielt har ûnmachtich dat te | |||||||||||
[pagina 92]
| |||||||||||
dwaan. It iennichste doel fan de oare boer, Keimpe Dykstra, is om syn fijân te ferneatigjen. Alle fleur is der by de beide famyljes út. It meast tragysk is noch wol de mem fan Lyklema. Earst grutsk en hurd, komt sy op de ein fan it stik, as har soan dea is, yn har bernskens en hat dan net mear yn 'e rekken dat alle famyljegloarje foarby is. It stik is mei fiif bedriuwen lang en mist wolris aksje. It is hjir en dêr tefolle mear fan itselde. Dûmny de Vries hat as rol om boer Dykstra ta ynkear te bringen. Botte orizjineel binne syn wurden net: ‘Just. Jo libje en prate oft jo de iennichste minske op dizze wrâld binne. Ik leau dat jo lang net frij binne fan de sûnde fen de heechmoed.’ Ferrassender is de reaksje fan frou Lyklema as sy har eardere ferloofde út 'e dream helpt: It wie net allinnich de ynfloed fan Lyklema dy't har twongen hie de ferloving te ferbrekken. ‘Dou hiest sein: doch dit, en ik hie 't dien, en dochs... Né, der hie hwat opslettens yn my west, hwat forkrongens, en ik hie myn hiele libben lang gjin eigen libben hawn. Astou it witte wolst, Keimpe, krekt dat wurd, dêr woe ik los fan. Ik wie fordield yn mysels, en tofolle twong de oare kant út.’ ‘B.V.’ skreau yn Frysk en Frij oer dit stik: ‘(..) As der ien skriuwer is fan hwa't forwachte wurdt, dat er de folsleine bihearsking fan it drama winne sil, dan is dat D. Kalma. Us ferwachtingen wiene dus great, mar lit ús it fuort mar delskriuwe: it is him net wurden. Kalma hat mei “Fete” it Frysk folkstoaniel net ferrike, dêrfoar siet de aesthetikus him al to folle yn 'e wei.’ In ‘praetstik’ wie it wurden, neffens deselde resinsint.Ga naar eind6 It Friesch Dagblad fûn Fete ‘in âlderwets Frysk boerestik, dat troch syn intelligente en tige soarchfâldige opset en útwurking en syn moaije tael in geve, solide yndruk makket, mar it is mear mei it forstân as mei it gefoel skreaun.’Ga naar eind7
Hûs op sân spilet net mear yn in boerefermidden, mar yn it kantoar fan Reinder Wening, direkteur fan Masinefabriken ‘Wigbold en Wening’. Wening is in sakeman, dy't mient dat er alles mei jild berikke kin. As er besiket syn konkurrint troch bedriuwsspionaazje ûnderút te heljen, docht bliken dat it kâlde jild dochs net alles is. Oft dat him wizer makket? Dit stik is - al liket it wat de moraal oanbelanget op Rykdom - synysk, koel. De gong sit der goed yn, de dialogen binne saaklik, hast stakkato.
De titel fan it stik hie Kalma úntliend oan it Bibelboek Matthéus: ‘En elk dy't dizze myn wurden heart en dêr net nei docht, sil lykje op in dwaes man, dy't syn hûs boude op it sân en de stjalprein sloech del en de stoarm riisde en bûke | |||||||||||
[pagina 93]
| |||||||||||
dat hûs, en it foel yn en syn fal wie great.’ Wêr't de sakeman gjin rekken mei hâlden hie wienen emoasjes as leafde en loyaliteit. Arkel, de man dy't hy omkeapje woe, docht himsels tekoart, net om it jild mar om in frou. De fal fan de sakeman is lykwols net sa grut, om't ek in frou, in eardere leafde, him helpt. ‘Foar it Fryske toaniel is dit [stik] in oanwinst dy't neamd wurde mei,’ fûn Fedde Schurer. Hy priizge foaral de feroaring fan fermidden en de ‘skerpe en gefoelige dialooch’. Neffens him wie de klerk yn it stik, Liuwe Lok, in opfallende kreaasje. ‘De skriuwer hat dizze figuer ûnderskate kommentaren yn 'e mûle leind, dy't boppe de wenstige Fryske humor útstige; it mantsje lit tinke oan de portieren en deagravers by Shakespeare, mar is minder clownesk as dêrre.’Ga naar eind8 Ek oare resinsinten wienen posityf. ‘T’ yn Frysk en Frij (1952): ‘De skriuwer hat boppedat kâns sjoen om syn persoanen bûten in trochsichtich en guodkeap swart-wyt-skema to hâlden. Yn alle haedrollen stykje karakters mei ljochte en tsjustere aspekten.’
Sa ienfâldich is it libben is dúdlik troch de Kâlde Oarloch ynspirearre en hat ek wol wat wei fan Orwell syn 1984. Yn tolve, meast koarte bedriuwen, wol Kalma sjen litte dat der, ek al neamt it iene lân him in demokrasy en wurdt it oare in diktatuer neamd, gjin wezentlik ferskil is. Dit stik is echt modern mei hiele koarte, abstrakte sênes, dy't fragmentarysk bliuwe. Yn it lêste bedriuw - as it izeren gerdyn tusken de twa lannen opblaasd is - is de fisionêr Kalma noch ien kear werom as er in ‘Nij Hellas’ opropt.
| |||||||||||
IIIMochten de moderne toanielstikken foar Kalma miskien minder serieus wurk west ha, foar de spylders wie it noch in hiele put. De selskippen dy't de stikken útfierd hawwe, bestienen meast út amateurs. ‘Dat it in swiere opjefte wie dit praetstik oer 'e fuotljochten to bringen kin men fan tinken wol hawwe. Keimpe [yn Fete] kaem noch wolris boppe de midsmjitte út en ek de âld frou foldie ús goed. Binammen de oergong fan har ûnforsettelikheit nei it momint dat hja bilies joech, hat hja der knap ôfrêdden.’Ga naar eind9 Oer in útfiering fan itselde stik skreau it Friesch Dagblad (27 desimber 1950): ‘Binammen de dramatyske hichtepunten wiene har gauris mânskernôch en dan koe it bygelyks barre dat Keimpe Dykstra syn rol fan ynbannige boer net úthâlde koe en Lyklema krekt oarsom net impulsyf genôch wie. Sa koe it ek barre dat frou Lyklema har rol bytiden net treast wie. Op it toaniel hoecht nimmen syn emoasjes to ferbergjen as it karakter soks net hjit.’ Oer de úfieringen fan Hûs op sân troch it selskip ‘De Jounpraters’ yn 1952 wienen de kritisy goed te sprekken. Dit stik hie Kalma op fersyk skreaun en dêrby rekken hâlden mei it lytse tal spylders fan it selskip. Dêrom wienen der nochal wat dûbelrollen. Mar ek dat gie him goed ôf. | |||||||||||
[pagina 94]
| |||||||||||
‘De swierrichheden dêr't de skriuwer foar kaem troch de dûbelrollen, binne almeast mei glâns oerwoun. In inkelde kear hie men mar yn 'e rekken, dat in petear hwat ryklik lang útfoel fanwegen needsaek fan tiidwinning foar in spiler, dy't omschminkt wurde moast.Ga naar eind10
Kalma syn wurk is miskien wol nea tichter by de minsken brocht as yn dizze toanielstikken. Dochs binne syn stikken net folle útfierd. Oare skriuwers as Abe Brouwer, Barend van der Veen en A. Meester-de Vries wienen en bleaunen folle populêrder. Dêrfoar wie Kalma syn wurk dan faaks dochs wer te earnstich, sûnder nocht oan ûnnocht en te min happy ends. Oer Fete skreau in resinsint: ‘Hwat der yn foarfalt kòmt foar yn it libben fan ús folts, nou ek noch. Mar alles is fan in yntellektueel tocht, dy't dizze minsken trochgroune, fan doe't er de pinne op papier sette ont de ein ta, better as jasels. Oars hied er se faek minder wisse wurden en ôfroune sinnen yn 'e mûle jown. Sa't “Fete” skreaun is, forliedt it amateurspylders ta in gewoante, dy't hja hiem hawwe, as hja dingen sizze moatte, dy't hja net lyk as tige geastlik libjende minsken deistich tinke, prate en deklamearje.’Ga naar eind11 | |||||||||||
Bibliografy
Kalma hat noch mear ‘moderne’ stikken skreaun, dy't lykwols allinnich yn hânskrift bewarre bleaun binne. Our town fan Thorton Wilder sette hy oer as Tsjessenbuorren, mar ek dit stik is nea opfierd of útjûn. In soad sukses hie wol syn bewurking fan De Hoara's fan Hastings fan Simke Kloosterman, Fokke Hoara, yn 1952.
Mei tank oan it FLMD te Ljouwert en de Douwe Kalma Stifting foar it beskikber stellen fan de toanielstikken. |
|