Hoekstra ûntkomt net oan de belearende finger fan Dam. Har wurk as bôlefamke by de Albert Heijn betitelet er as ‘de aldergrutste dwaasheid’. Dat krije je je as je man binne én Fryske literatuer bedriuwe én net yn Grins wenje. Dan kinne je je blykber alles permittearje. Wat in dwaasheden.
Yn Trotwaer 96-1 hat Doeke Sijens in oplossing foar it probleem dat der hast gjin jong talint is. Hy fynt dat de útjouwers wol mear dwaan koenen. Mar lykas al earder sein, dêr sitte mannen mei hypoteken. Dy sjogge wol út. Dy jouwe it leafst Fryske streekromans út. Dy skriuwt de jongerein net. Omdat dy wrâld net mear bestiet. Taboe trochbrekkende romans hawwe wy ek al hân. Dus bliuwt der net folle oer as de situaasje sa't de foarman fan de generaasje Nix Rob van Erkelens dy beskriuwt: ‘Wat doe je als schrijver? Beetje seks, beetje spanning, beetje sensatie? Beetje skinheads, beetje voetbal, beetje dierenwinkel? Beetje humor, beetje computers, beetje misdaad? Beetje SM, beetje incest, beetje joods-zijn? Beetje historie, beetje drank, beetje oorlog?’ (De Groene Amsterdammer, 13 maart 1996) Nix is dus ek niks. Dat is zappend skriuwe. Dat is as ûnder it frijen hamburgers ite mei tefolle ketchup. Werom nei it âlde Fryslân bestiet net, de blik moat breder. En wa doart?
Wy binne bedoarn, skriuwt Joop Boomsma yn in reaksje op Doeke Sijens yn Trioel fan dit nûmer fan Trotwaer. Wy moatte mar bliid wêze mei sa'n avantgarde fan boppe de fyftich. (Sjoch foar de redenen it stik sels.) Binne wy bedoarn? Hawwe wy yndie tefolle patat iten, tefolle ‘Goede tijden slechte tijden’ sjoen en tefolle frije tiid? Persoanlik kin ik sokke jonge minsken net, mar dat kin oan my lizze. Ik sil ús heit en mem ris freegje oft ik bedoarn bin. Miskien jout dat útslútsel. Miskien bin ik bedoarn sûnder dat ik it wist.
Fansels, jonge skriuwers hoege gjin begryp fan de âldere generaasje. Mar it is lykas Lolkje Hoekstra it sa prachtich seit yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante (8 maart 1996): ‘Men moat as tweintiger wol hiel dwers wêze om by dat synyske klubke fan Fryske skriuwers hearre te wollen. Ik ha it al in pear kear meimakke dat se my begroeten: “Kom, wie it famke dêr ek?” En dat binne dan deselde minsken, dy't sa lûd roppe dat de jongerein skriuwe moat.’ Wat wolle se dan? Of binne it inkeld de meneuvels fan manlju yn de midlife-crisis dy't net mear witte wat se moatte en dan mar âlje oer alles wat oars is?
Soa, en no dan noch wat posityfs. Der binne jonge minsken dy't yn it Frysk skriuwe en dat is al hiel wat. Der is in iepen poadium foar jonge, Fryske skriuwers dat al twa kear in grut sukses west hat. En last but not least is der de Blauwe Fedde, in nij literêr tydskrift dêr't krekt it tredde nûmer fan útkaam is en dêr't allegear jonge minsken yn skriuwe. Wa't seure wol, dy kin altiten wol wat fine.
Keninginnedei is hast foarby. Ik ha hjoed patat spesjaal iten en sit no te lústerjen nei in bantsje mei âlde nûmers fan de Stones. Fan beide saken kin ik yntins genietsje. Sa't ik al sei, ik bin nergens foar en ek nergens tsjin.