Iepen brief oan Eppie Dam
Tjitze de Jong
Penton, 24 desimber 1995
Achte hear Dam,
Yn Trotwaer nûmer 5 freegje jo oan 'e ein fan in skôging oer oerkes en tipeltsjes: ‘Wêrom skriuwt dy De Jong net mear?’ It antwurd past foar in part yn it ramt fan 'e Trotwaer-searje, dêr't jo foar skreaunen, nammentlik oer it wêrom fan it feit, dat de Fries net mear Frysk lêst.
Nei Pizza's en boeremoes haw ik noch twa romans skreaun. De earste, Fegetaryske boeremoes, wie in fuortsetting fan Pizza's. Fuortsetting en ferdjipping. Ek in moderne roman oer jongereinkultuer, mar dêr't finaal ferskillende ûnderwurpen yn útkôge waarden. De lêskommisje fan 'e Q (doe noch Sybren Sybrandy e.o.) wie fan betinken dat it útjaan fan in Minne Bakker nû. 2 net de muoite wurdich wie, om't de ferkeapsifers fan Minne nû. 1 net befredigjend wiene. De Fries woe der gjin bek op sette.
De lêskommisje hie beide romans leaver as ien útjefte hân. (Kopy yn 't FLMD).
Yn 1989 - 1991 skreau ik 32 doarren, in Grinzer binnenstêdsroman. Neat gjin Frysk eigens yn 't ferhaal te finen op 'e brûkte taal nei. It manuskript is in kearmannich hinne en wer stjoerd tusken Fryslân en Skotlân. En no, krapoan fiif jier letter, wyt ik noch net wat de lêskommisje (diskear Josse de Haan e.o.) der mei fan doel is. Ofrûne novimber wie myn geduld skjin op. Ik frege it manuskript werom, ynklusyf yllustraasjes. Wat krij ik tastjoerd? In kopy fan dat fan Pizza's fia Teije Brattinga. Laitsjend oer en skellend op it amateurisme haw ik foar de safolste kear in brief skreaun oan de Q oer wêr't 32 doarren keard is.
Wêrom skriuwt en publisearret de Fries net mear Frysk? Antwurd: amateurisme yn 'e útjouwerswrâld is gjin oanmoediging. Boppedat, hear Dam, haw ik it de ôfrûne pear jier ferskuorrende drok hân yn myn klinyk: massaazje- en psychoterapy en genêzing. Dat freget in soad kreative enerzjy. op 't heden bou ik oan in sintrum foar ‘rest, peace and healing’ yn Cumbria, Ingelân.
Inkeld skriuw ik nochris in fers of ferhaal. Fannemiddei dit:
hoe't myn foarige ynkarnaasje
op myn achtentritichste jierdei
Is 't it inket en papierfergriemen wurdich? Och, 'k wyt net.