ûntlient oan it feit dat hy nèt yn de Spiegel stiet.
Hichte- en djiptepunten dus. Ek bij de takenning fan de Gysbert Japixcpriis oan Trinus Riemersma. Guon kollega's mei in priislik oeuvre koenen der mar min oer dat se troch de like ûnôfhinklike as ienriedige sjuery noch even yn 'e wachtkeamer set waarden.
Publisearre waard der yn '95 om raak. Yn har letterkundich oersjoch foar it jierboek De Vrije Fries, dat noch ferskine moat, komt Tineke Steenmeijer op in totaal fan 114 Frysktalige boekpublikaasjes; 19 mear as yn '94 en 27 mear as yn '93. In stiging fan goed tritich persint yn twa jier. In lyts wûnder.
No ja, Tineke is Fries genôch om dat fuortdaliks te relativearjen: ‘Fansels is it hege tal fan 114 flatteard, dêr binne de 13 Ljochtmoanneboekjes fan de jubilearjende KU by en mar leafst 12 werútjeften fan âlder en soms ek al fan resint wurk.’ - Krekt as soe dat slim wêze: klassike en oare herdrukken...
Bliid is Steenmeijer wol mei ‘seis debutearjende auteurs fan fiksjoneel Frysk proaza: Sjoerd Bottema, Anne Koopmans, Jacobus Knol, Klaas Jansma en it duo Jarich Hoekstra en Harke Bremer’. Se seit der net bij dat it stik foar stik fjirtichplussers binne. En dêr skine guon saakkundigen wolris wekker fan te lizzen: it mankearret de Fryske skriuwerij oan jong talint. Krekt as soe dat oait oars west ha. Oan nij jong talint is ommers periodyk in struktureel tekoart. Dêrom wie it ek sa'n ferademing om te hearren hoe lakonyk at twa fan dy jonge talinten sels op dit ‘probleem’ reagearren:
‘It is in hele maklike hâlding’, sei Albertina Soepboer yn jannewaarje op it iepen poadium yn Grins. ‘Dat wurdt altiten sein, dat der te min jong talint is. Dat moatst relativearje.’ Lolkje Hoekstra wie sa mooglik noch realistysker: ‘Der is in frij lege drompel om dingen drukt te krijen. Minsken dy't âlder binne as fjirtich publiseare sels ek net altiten kwaliteit. It is dan ek wat maklik om te sizzen: minsken moatte ûnder har tritichste mar geweldige boeken publiseare; dat ha se sels ek net dien.’
Unsin dus, dat gepraat oer de jeugd dy't it sitte lit. Wa't goed is, komt wol, ek al is it op middelbere leeftyd.
It nije jier wie trouwens noch mar amper begûn of dêr lei al in gloednij tydskrift: De blauwe Fedde - sechstjin siden tsjok, helendal folskreaun troch jongeren, dy't fuort al de grutte literêre tema's fan leafde, lok en lijen en de dea te pakken ha. In moanneblêd, is it doel. En yndied wie nûmer twa der ein febrewaarje al. (‘Wolle jo lid wurde fan De Blauwe Fedde dan kostet jo dat 18 gûne it jier of 9 gûne it heal jier. Belangstellenden kinne dit bedrach plus portokosten oermeitsje op girorekkening 1227989, t.n.f. Meindert Talma, Barmaheerd 92, 9737 MK Grins.’)
Nij libben yn de Fryske literatuer. Yn de útjouwerij is it al net oars. Mids febrewaarje stie it berteberjocht fan Noard Trije yn 'e krante, in nije útjouwerij fan twa âldere hearen yn Warkum. En dat wylst har foarich jier ek al trije nije útjouwers oppenearren. It byld dat de boekeproduksje yn hannen wêze soe fan twa-trije grutte útjouwers is achterhelle, want ek yn eigen behear wurde