Tachtich yn 'e bocht befettet 19 koarte ferhalen. It koarte ferhaal hat syn eigen foarm. It is net ‘in ferhaal dat in bytsje siden telt’, al is soks fansels it gefal. It koarte ferhaal is inkeld en allinne opboud út gegevens dy't needsaaklik binne foar it berikken fan 'e klimaks, sûnder allerhanne omballingen.
De tema's dy't Eppie Dam yn oansnijt binne û.o. pesterij (‘Melle Maillot’), rûzje (‘Tachtich yn 'e bocht’), Frysk prate en net Frysk prate (‘Patat mei smots’), fantasearje (‘Pakepraat’), ferlyfd wêze (‘In boek mei in briefke’), bang wêze (‘Bang foar tonger’), deagean (‘In lange leave brief’).
Net allinne de tematyk is eigentiids ek it taalgebrûk is linich en modern. ‘Master’ is in ‘meester’, ‘fereale’ is folslein wat oars as ‘ferlyfd’ en de pakesizzer giet net nei de ‘merke’ mar nei de ‘kermis’. It binne wurden út 'e belibbingswrâld fan bern anno 1996. En ûnder belibbingswrâld ferstean ik hjir de deistige belibbenissen fan bern, fan wat er bygelyks sjocht, ûndergiet en heart. De ferhalen fan Eppie Dam hawwe wat universeels. Yn syn ferhalen giet it oer emoasjes, ferwachtingen, fertriet en freugde. Allegear ‘saken’ dy't bij it ‘grutterwurden’ hearre en werkenber binne foar ‘alle’ bern. It is net om 'e nocht dat Dam syn ferhalen sawol yn 'e stêd as op it plattelân oanslane. Ik bin der fan oertsjûge dat de ‘Tachtich yn 'e bocht-ferhalen’ ek yn 'e rest fan Nederlân bern oansprekke sille.
Opfallend yn Tachtich yn 'e bocht binne ek de nammen dy't Eppie Dam brûkt. Neist dy fan Sipke, Gaatske, Durk en Jehannes dogge Mildred, Erik, Alexander, Jeroen, Marit, Yolanda en Nils fleurich mei yn 'e ferhalen. Oan alles is te merken dat ûnderwizer (en no ris net negatyf bedoeld!) Dam fan binnenút skriuwt. Hij jout de taal fan bern eksakt wer. In moai foarbyld hjirfan is it ferhaal ‘I am the greatest’, oer de belibbenissen fan in ynfaljuf yn in groep 7. Wat in idintifikaasjemooglikheden foar de ‘keters’ út 'e boppebou!
De útwurking fan boppeneamd ferhaal is boppedat nochris tige ferrassend. De fyn ynleine humor, karakteristyk foar Dam syn wurk, sil de wat âldere lêzers grif net ûntgean. De tiid dat alles healwiis en gek gean moat yn berneferhalen hawwe de moderne jeugdboeke-auteurs al lang achter har litten. Nochris: fyn ynleine humor ferheget de kwaliteit fan de ferhalen.
Wat ek opfalt yn dizze ferhalen binne de moai koarte rigeltsjes, de direkte sinskonstruksjes, dy't meitsje dat de stories rinne as 't spoar.
Yn tal fan dizze ferhalen sitte emoasjonele eleminten. Tige wichtich dat Dam hjir sa'n omtinken oan jout, ommers it lêzen fan bern wurdt foar in grut part karakterisearre troch emoasjonele begienens (‘bewogenheid’ sizze de Hollanners). De direkte emoasjes dy't bern oan in ferhaal as ‘Melle Maillot’ belibje meitsje it wurk fan Dam sa sterk. Om noch mar te swijen fan de yndirekte emoasjes dy't in ferhaal as ‘In lange leave brief’ (oan in ferstoarne pake) bij bern losmakket.
Gearfette: Tachtich yn 'e bocht is in bondel mei ferhalen fan hege kwaliteit dy't troch bern (en folwoeksenen) tige wurdearre wurde. Of sa't de Mac Donalds generaasje seit: Heftich man!