De frjemde tafallichheden fan in oersetter
Albertina Soepboer
Oersettingen fan Ana Merino.
In goed jier ferlyn krige ik in steapel Spaansktalige fersen yn hannen drukt mei it fersyk oft ik dy oersette woe. It gie om in tal fersen fan de jonge dichteresse Ana Merino (24) út Madrid dy't ek in jier yn Grins studearre hie. Op in moaie dei yn maart helle ik de wurdboeken út 'e kast en stoarte my yn in ûnbekende wrâld.
Al gau die bliken dat de wrâld yn har fersen in my bekinde wrâld wie. Allinnich de taal stoareage my fan de siden as frjemdling oan. Ana Merino skreau oer Grins dêr't ik al jierren wenne, oer rein, oer polders, oer strjitten en oer in park.
Foaral dat park yntrigearre my. Ik tocht dat ik dat park werkende en pakte de tillefoan om de jonge te beljen dy't my de fersen jûn hie. Wenne se by it Noarderplantsoen, frege ik him. Ja, sei er wat fernuvere, hoe witsto dat? Yntuysje, sei ik en hong wer op. Ik hie sels jierren by it Noarderplantsoen wenne en der ek faak oer skreaun. In pear moanne letter kaam ik by in freondin op besite dy't krekt werom wie út Spanje. Se fertelde dat se in bondel lêzen hie fan in dichteresse dy't my ek wol ynteressearje soe. Dat bliek Ana Merino te wêzen. Wer in tafal derby.
Ana Merino wûn yn 1994 ‘El Premio Adonais’ foar har bondel Preperativos para un viaje (Tariedingen foar in reis), in grutte priis foar poëzij dy't alle grutte Spaanske dichters wûn hawwe. De oersettingen komme út dy bondel dy't foar it grutste part yn Grins skreaun is. By dat Noarderplantsoen dêr't ik tsjinwurdich sels ek wer wenje. Tafal? Wa sil it sizze.