Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 66] [p. 66] De jachtfrou Albertina Soepboer I Sy dwaalt troch de bosken, no allinne, mar sykjend nei bloed dat streame moat. Under har fuotten kleuret grûn fierder no't it swart himsels tichterby bringt. Neam har net. Silst dyn tosken op har stikken bite. Lis har del op 'e grûn. Lit har komme sûnder wurden. Under dyn liif skimert se fuort ta grizer skaad. II Do wennest yn 'e bergen, tsjoenst read yn 'e wyn. Dy dei waaie de luchten fan de slachtmoanne foarby. Noch witsto neat fan wat har djip yn 'e grûn beweecht. Oant sy hongerich tusken dyn beammen stiet, wurdleas toant wa't se is. Sjochst har. In feloranje flam dy't noch net rekke is. Silst dyn mûle iepenje. Swijst en swijst. [pagina 67] [p. 67] III Mar do neamst har. Har liif sjit as gleon skaad tusken de beammen, flammet nei mear. Ferhaalst in ferhaal fan bloedwyn, dat it heger is as dyn alderdjipste mearkebergen. Stream fan wurden rôlet de nacht yn, sweeft troch de tunen hinne. Se lit har betsjoene, fertelst har fierder fan hûs. Oant se baarnt en baarnt fan 'e tûzend nammen dysto seist. IV No komt watsto net sjochst. Har honger net, har hytte net. Bûchst har net del nei de grûn, nee, do litst har braak lizze. Har lân hat net de spoaren fan wyld sied dat boaiem fynt. Hoe moat sy fertelle fan karmyn dat seeblau kleuret, hoesto har iepene hast en it tij fan 'e moanne har troch it liif streamt. Sa is seeblau, sa stilblau, oant it kantelet. [pagina 68] [p. 68] V Sy keart har om, pakt har sels op at it jachtwaar wer komt. Do hast har gjin frucht setten. Har rêch stiet heech by de wyn op. In glimp fan skarlekkenread. At se dy sjocht, sil se dy op 'e grûn lizze. It bloed moat streame. Gjin wurd sil se noch fan dy leauwe. Ut dyn brune grûn sil se rûch rispe wat har takomt. Epilooch By ôfgeande spoekmoanne moetet in frou in man. Om har hinne lizze fruchten fan in lang seizoen. De grûn bûcht fan har swierte, ûntfangt sied foar nije bloei. Sis net datsto it net sjoen hast. In mes snijt hast rapper as ljocht en wa bûcht net foar de ierde? Neam my net asto my sjochst. Dan sil ek de jachtfrou har rispinge fange. Vorige Volgende