Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 58]
| |||||||||
Oanlutsen fan in fier ljocht yn de kimen (2)
| |||||||||
Foar in poarte fan moarmerDouwe Kalma hat in ûnbidich soad skreaun. Fersen, toanielwurk, oersettingen, in dissertaasje, literatuerskiednis, skiedkundich wurk, kritiken. Hy hat it literêre wurk fan Marten Baersma besoarge, karlêzingen makke en wurk fan oaren, bygelyks Brolsma, behoffene foar publikaasje. Kalma hat sels ek ferheljend proaza skreaun. Dit part fan syn oeuvre hat mar in bytsje omtinken krigen. Yn Wei en wurk fan Douwe KalmaGa naar eind1 fan W.J. Buma wurdt it net iens neamd. Foaral yn 'e earste jierren fan syn karriêre hat Kalma op dit mêd produktyf west. Letter, yn 'e tritiger jierren, komme der wer in pear ferhalen, mar folle driuw sit der dan net mear efter. Hie Kalma yn 'e gaten krigen, dat er der gjin talint foar hie, sa't guon wol ha wolle of is er der mei ophâlden om't er as homoskesueel dochs net oer de saken skriuwe koe dy't him werklik beweegden? Yn 1975 hat Freark Dam yn syn ferneamde lêzing Tuskentiidse balânsGa naar eind2 der op oanstien dat der neier ûndersyk komme moast nei dit part fan Kalma syn wurk. Wat hjir folget is dêrta in oanset. It earste proazawurk fan Kalma stie yn it trochDouwe Kalma (Boksum 3-4-1896 - 18-10-1953) Boarne: Argyf FLMD
| |||||||||
[pagina 59]
| |||||||||
himsels en de oare Jongfriezen ferspuide blêd Sljucht en Rjucht. Foar Wûndere Wytske brûkte Kalma as skûlnamme ‘In Jong-Fries’. Ek al hie er dan hege literêre ambysjes, it ferhaal misstie net tusken de oare ferhalen yn it blêd. Eins wie it noch melodramatysker as wat de lêzers fan Sljucht en Rjocht wend wienen. De Wytske út de titel is it oerwûn bern fan in kuorkerinster, dy't yn in merkewein wennet en oan 'e drank is. De heit is ûnbekend, mar de lêzer tinkt al rillegau dat er wit wa't it is. Wytske wit it net, mar as sy op in kear slim siik wurdt, komt sy foar ferpleging by in rike en learde boer yn 'e hûs, dy't sa freonlik foar har is om't ek hy mient dat hy har heit is. Dêr wurdt fansels net oer praat en as de soan fan de boer fereale wurdt op Wytske, krije de jongelju de wink dat it dien wêze moat. Dat de boer har heit is, dêr wol Wytske út noch yn oan leauwe en foardat it probleem útpraat wurde kin, is sy al fuortrûn. As it ferhaal safier kommen is, brekt Kalma it ôf mei de wurden: ‘Ja, en nou moeit it my wol tige, mar ik hâld op fen forheljen.’ Minsken dy't dat slim fine ûnthjit er dat er it ferfolch ‘mei gauwens op pompier bringe scil. Ik wit tige krekt, ho't it útpakt.... scoene men net oerginstich op my wirde?’ Op dy kokette toan giet Kalma fierder yn syn neiwurd en dielt er mei dat hy in skûlnamme brûkt hat omdat er Wûndere Wytske ‘mysels út-en-troch ûnweardich forklearje - ik skreau it doe't ik achttjin jier wier (nou bin ik al tweintich) en dêrfendinne, dat der hiel hwet mear tsjoeds yn is as goeds. En dochs haw ik it printsje litten, om't men my sei, dat it dochs skoan útkoe tsjin hwet der oars yn dit stik levere waerd en... ek wol in bytsje, om't ik nou ienris in forfolch hjirop skriuwe woe en moast, dat ik wol for egen rekken nimme scil en dos yn elk gefal útjaen.’Ga naar eind3 Dat ferfolch, It oardiel, ferskilt yn styl of ‘ripens’ yn neat fan Wûndere Wytske. It soe likegoed tagelyk mei de foargonger skreaun wêze kinne. De rike boer giet nei de ferfetting fan it ferhaal rillegau dea, syn soan dy't no op de pleats komt, tinkt earst dat mei it mislearjen fan syn leafde foar Wytske alle fleur foar altyd út syn libben rekke is. Lykwols, hy trout dochs en is lokkich. Wytske fynt út dat de rike boer dochs har heit net west hat, mar as sy dat de soan fertelt, is dy al troud. Wytske, dy't al in soad lêst fan pine ‘op it boarst’ hie, stjert at sy dat heart. Kalma hat de beide ferhalen handich yninoar set, de ûntwikkelingen wurde goed taret. Alle konvinsjes fan it melodrama wurde oanhâlden. Krekt as yn syn oare proaza fan dizze perioade is Kalma tige redenryk. Hy steapelt bysin op bysin en gjin haadwurd giet sûnder adjektyf. Emoasjes rinne almar gelyk op mei de wyn, de loften en de beammen. Net ien kear, mar elke kear wer: ‘En sa bleauwen hja mei mankoar op 'e stille steatlike pleats, hwer it ienlike libben fierder gyng sûnder yngripende ynfloeden fen de rûzige wrâld, en dêr 't winters de kealens wier fen it neakene beamte en de treastleazens fen de wide grize fjilden, simmers it wémoedige gerûs fen de earnstige krunen, eltse dei lústerjend hjar ienlûdich liet fen it folle libben, dat ienlik bliuwt en om it hâld sims skriemt.’ | |||||||||
[pagina 60]
| |||||||||
Dat Kalma gjin gewoane Sljucht en Rjochtskriuwer wie, koenen de lêzers fernimme oan de noaten dy't er soms by it ferhaal sette. Op in stuit freget de mem fan Wytske oan de dokter: ‘Ik ha al tocht: scoe it ek sukergeloazje wêze kinne, dokter?’ Kalma jout as kommentaar: ‘Gats mient tuberkuloaze. Hwerom seit it minske net tarring?’ Earder hie Kalma yn de rige Nijere persoanlike skriuwersGa naar eind4 it wurk fan Brolsma posityf besprutsen. Kalma fûn Brolsma in skriuwer dy't in persoanlike styl ûntwikkele en hy miende dat hy ‘in wezentlik realist is, dy't de tastânnen, de forhâldings en de dingen fen dizze wrâld besiket to sjen en wer to jaen, lyk as hja yn wierheit binne, wylst er de wiidweidige biskriuwing fen alderleije minder bitsjuttende omstânnichheden, dy't net foartdalik yn forbân steane mei it wêzen fen hwet men biéaget, net bjuster oannimlik noch nedich noch winskelik achtet.’ Kalma wie der noch net wis fan oft it Brolsma syn talint wie dat foar de kwaliteit soarge of dat it troch it sjenre fan de novelle kaam. Oer syn eigen Wûndere Wytske seit Kalma yn dit krantestik, dat yn syn novelle ‘de sinnen krektliken boud binne en weagje mei in gelikens rhythme, as wy yn safolle krityske stikken fen 'e lêste tiden biharkje.’ Hy doelde fansels op syn eigen kritiken.
Yn in brief fan 5 maaie 1917 skreau Kalma oan Simke Kloosterman: ‘Ik haw reden oan to nimmen, det “Alrik Loara” ankomme Snjeon in wike yn Sljucht en Rjucht bigjint; Meint Bottema wier der op tsjin, det it folkskrantsje krige hwet hy as in stik kinst biskôge, mar hy kin skoan mis wêze en yn elts gefal skriuw ik letteroan hopelik yet wol betters.’Ga naar eind5 Kalma hie dit ferhaal begjin 1917 skreaun, yn 'e tiid dat hy ‘ferkearing’ krigen hie mei de tweintich jier âldere Simke Kloosterman. Alrik Loara is in bizar ferhaal, dat lykwols troch de autobiografyske eliminten tige nijsgjirrich wurdt. It ferhaal begjint as de jonge boeredochter Janke de húshâlding op de buorkerij oernimt om't har mem ferstoarn is. Janke is praktysk, nofteren, fleurich. Dat feroaret at sy Alrik Loara wer treft, de soan fan in rike boer, dêr't sy doe't sy lyts wienen in soad mei omgie. Alrik studearret oan in universiteit yn Hollân en komt mei de fakânsje werom yn Fryslân. Sûnder dat sy nei al dy jierren al wer mei him praat hat, rekket Janke fereale. Alrik Loara reaggearret dêrop troch har in mearke te fertellen. Dêryn beskriuwt er himsels as ien dy't betsjoend is troch in féë-prins. Hy is mei dy prins ferbûn troch ‘in ring fen reach-fyn glês, for minske-each net to sjen, mar ûntobrekber, in toverring.’ Neffens Alrik hie de prins tsjin him sein: ‘As der ienris immen komt, dy't safolle fen dy hâldt, dat hjar ljeafde de hiele ring omjowt mei de waermens fen hjar siele en dou bigjinst safolle fen hjar to hâlden, dat dyn langstme de binypte romte to great wirdt, den scil de ring tobarste.’ Doe't hy dit tsjin him sein hie, wie de prins neffens Alrik begûn te gûlen ‘en bûgde him del oer syn maet oant er syn mûle wer patte (..)’ Foarearst wol Alrik dêrom mei Janke allinnich freonskip. It famke tinkt dat sy der foar soargje kin dat hy ‘in great en twingend langstme’ foar har fiele sil. Lykwols, as de simmer foarby is en Alrik wer- | |||||||||
[pagina 61]
| |||||||||
om giet nei Hollân is der noch neat feroare en makket Janke it út. Al dy tiid hat sy ‘longere nei de waermens fen syn mûle en de treau fen syn earms en fielde hjar by tiden eft se hjar hannen oan bloed sloech tsjin de poarte fen moarmer, dêr't se by it oankommen fen de hjerst foar stie to klommerjen en dy't sletten bleau, sûnder det yn 'e fierens dêrefter in foetstap klonk.’ Doe't Kalma mei dit ferhaal dwaande wie, skreau hy Kloosterman dat yn de figuer Alrik Loara ‘gâns fen my sels yn wêze scil, safolle det men út en troch - aldergelokst net altiden - sizze kin fragminten fen in ik-forhael foar yen to hawwen. Ek dêr in jonge, dy't him linkenoan ynlibbe hat yn in wrâld fen dreamen en him mei opset sin ôfjowt fen de wrâld om him hinne, om't dy sa glinsterich en ropperich en bretael-banaal is, ek dêr in jonge hwa't de kinst stadichoan ta utering wirdt en hwaens ljeafde him ien greate striid is om't er him jaen wol en net jaen kin, oant einlings - oh! it duorret sa lang - de toverring fen de dreameprins brekt.’Ga naar eind6 Yn dyselde brief skriuwt Kalma ek oan syn oansteande: ‘(..) mar op in moaije mylde simmerdei learde ik in jonge kinnen, dy't altyd libbe yn in dreamewrâld en dy't ik ljeaf krige en ljeaf hold, ek lang nei't er wer út myn wrâld weigliden wie.’ De brieven fan Simke Kloosterman oan Kalma út dizze perioade binne spitigernôch net bewarre bleaun, mar alles wiist derop dat sy dochs troch Kalma syn meidielingen ûngerêst wurden is. In wike as wat letter skriuwt er har: ‘(..) en hwet it origineel fen “Alrik Loara” oangiet, leau my, hy seit my neat mear. It is de pine net wirch, der swier oer nei to tinken en to mimerjen: is de keninginne de kening net neijer as syn greven it him binne?’Ga naar eind7 As it earste part fan it Alrik Loara yn Sljucht en Rjocht stien hat skriuwt Kalma oan Kloosterman dat er ‘sels net goed mear wit ho't ik him to skôgjen haw. Janke is my hiel klear - yn hjar is folle fen in Frysk fanke, dat ik de eare haw tige fen neiby to kennen; ef net? - mar him bigryp ik net goed mear, en dochs hat der in tiid west, det ik mysels hast altyd yn him werom foun (..).’Ga naar eind8 Men moat oannimme dat beide bewearingen wier binne. Kalma hat yn Alrik Loara himsels beskreaun, as ien dy't him net seksueel oanlutsen fielde ta in ‘Janke’, wylst dat wol sa hearde te wêzen. Dêrta hat er de ‘toverring’ betocht en de ferantwurding fan it ferbrekken fan de ‘tsjoen’ by de froulju lein. Yn Kloosterman hope hy dat er de persoan fûn hie dy't dat dwaan koe. As men syn brieven oan har lêst, dan hat er dêr oant sy it útmakke werklik op hope. Dêrom koe hy it ferhaal fansels ek net ôfbrekke op it punt dat Janke foar in ‘poarte fen moarmer’ stiet. Alrik Loara krijt fan Kalma dan ek in lokkich ein. Earst treft Janke in oare jonge, Ate (dy't folle geskikter foar har is), mar troch him treft sy dochs Alrik wer, dy't ta ynkear kommen is. Hy fielt no dochs wol har leafde - de ring wurdt sa ferbrutsen. ‘En hja fielden oer hjar de wijing fen it libben’ hyt it dan. It is net bekend wat Kloosterman fan dit ferhaal fûn. Sy hie yn it forsearre lokkige ein, dat net strykt mei de psychology fan it earste part, it fersin fan har ferhâlding mei Kalma al lêze kind. Treffend is, hoe't Kalma de seksuele frustraasjes | |||||||||
[pagina 62]
| |||||||||
fan Janke beskriuwt. Hie hy dat krekt oarsom sa fielt by manlju? Yn 1930 komt Kloosterman nochris op it ferhaal werom. Yn in brief freget sy Kalma om oan har te tinken as sy op reis is ‘yn 'e greate wrâld allinne, dêr gjin Alrik is, om op hjar to passen en alle lêst en soarch fen hjar wei to nimmen.’Ga naar eind9
Underwilens wie it tydskrift Frisia útein set en yn 'e earste jiergong kaam Kalma mei de rige De heimige krêften. Foar de ferhalen brûkte Kalma de skûlnamme Hero Cammingha. Hy soe dat fan doe ôf foar al syn ferhalen dwaan. De heimige krêften bestiet út fiif ferhalen, allegear mei de titel ‘De macht fen de simmer’. It is ûndúdlik wêrom Kalma dat sa opset hat. Earst in haadtitel, dan in tematyske titel en de ferhalen allegear noch wer in eigen namme. Nei alle gedachten hat er fan doel west om in folle langere rige te meitsjen, mar dêr is neat fan op 'e hispel kommen. Oan Simke Kloosterman skreau er dat it by De heimige krêften gie om ‘de ûnneambere krêft dy't de minsken alfolle tafal misneame, ynwirket op it hiele wrâldlibben yn ûnderskate forskining.’Ga naar eind10 It tafal spilet yndie in rol yn it earste ferhaal, as Dirk gjin kar meitsje kin tusken de sûne en ierdske Anne en de rike en sike Janke, dy 't aldergelokst stjert foar't er har fertelle kin dat er foar de earste kiest. Ek yn de oare ferhalen giet it om sokke foarfallen: in frou hat in ferkearde kar dien. Sy hat in rike man troud, mar hâldt fan har earme jeugdfreon, dy't lokkich wurden is mei in oarenien. In arbeider tinkt dat er in faam foar him allinne hat, mar dat is net sa. Kalma syn ambysjes mei de rige wienen heech, mar it binne konvinsjonele parabels wurden, nuet en swiet. Kalma is yn 'e ferhalen wat minder redenryk, mar op gjin inkele oare wize rinne se der út.
It duorret dan oant 1921 ear 't Hero Cammingha mei in nij ferhaal komt: De swiere winst. De haadpersoan is wer in ‘Alrik Loara’, ien dy't bûten de gewoane wrâld stiet, him iensum fielt en in soad yn de natuer ferkeart. In man dy't him net begrepen fielt en mei gjin ien werklik kontakt hat. De haadpersoan yn it ferhaal hyt Sjoerd. Hy hat yn tsjinst west en as er werom komt set er him ynearsten wer by syn beppe nei wenjen. It âldminkse hat him grutbrocht om't syn âlden al lang dea binne. Sjoerd hat ferkearing mei Anne, mar hy brekt dat ôf om't er har net ‘trou bleaun is’ doe't er ûnder tsjinst lei. Hy rekket dan yn in swiere krisis en rint almar yn 'e fjilden om. Nei't er in nacht mei in bewenster fan in merkewein trochbrocht hat, wurdt er slim siik. As er wer better is, stjert syn beppe. Sjoerd wurdt dan arbeider op 'e Aysma-pleats en komt yn 'e kunde mei de soan fan de boer, Liuwe. Sjoerd fielt him oanlutsen ta Liuwe, in rêstich en wis persoan, dy't prachtich fioel spilet. Liuwe hat in swakke sûnens. Hy hat leard, mar doe is der wat ‘mis’ gien. Earst wol Liuwe neat fan Sjoerd witte, mar dat feroaret rillegau: ‘In frjemde oanhinklikens for Liuwe oer waerd yn him wekker, sims in ûnrêstich bisoarge wêzen as er him hymjen hearde ef wirch seach, meast in langjen det dy driigjende swijsumens twisken hjar tobritsen waerd, faeks ek in leed om de oar syn úthâlden fierôfwêzen.’ In ti | |||||||||
[pagina 63]
| |||||||||
ge hechte freonskip bloeit op. ‘Hy [= Sjoerd] hie safolle to sizzen, tsjin nimmen hie er him ea útpraten kinnen.’ Hy freget op in stuit oan Liuwe: ‘Ho neamstou den it fielen dat twisken ús twaën bistiet.’ ‘Dat witst wol, dat is freonskip.’ ‘Dêr haw ik oer neitocht de lêste dagen. Langlêsten hast ris sein, frjeonskip wier dat fielen nei hwet men oan yensels yn oaren gelikens wist. Mar sa is it by my net. Ik hâld fen dy omdetste oars bist as ik (..).’ Liuwe rekket hielendal oerémis fan dit petear. It wurdt de lêzer ynearsten net dúdlik wêrom't dat is. Foar't it útpraat wurde kin, komt Liuwe syn suster Esther werom op de pleats en sa wurdt de ienheid tusken de twa manlju ferbrutsen. Sjoerd ferplakt syn emoasjes nei Esther en Liuwe giet rillegau dea. Foar't er stjert, fertelt Liuwe noch oan Sjoerd, wat der doedestiids misgien is. Yn Hollân, dêr't er op 'e stúdzje wie, hie er in freon krigen. ‘Ik wier net allinnich lokkich, mar ek greatsk, hwent myn frjeon wier sa'n ien as de wrâld ljocht meitsje mei hjar witten en krêft, hy gyng heech twisken de oaren en ik dielde yn al syn plannen en stie nêst him yn syn wurk. Dat wier de greate tiid fen myn libben.’ Mar de oaren begûnen te rabjen oer dy freonskip, de oansteande fan de freon makke it út, hy waard net keazen as foarsitter fan de studinteklub. Allegear om Liuwe, dy't him dêrnei fûn, ‘yn syn keamer tsjin de flier, bloed oan 'e holle; hy hie him deasketten.’ De ‘leafde’ fan Sjoerd hie dat by him allegear wer oproppen. ‘Jim scille nea witte hwet it is sa to libjen det elts minske dy't men sjucht yen mei dealike hate bisielet, det men de sinne fen de loft skoerre woe en hjar dôvje yn de ôfgroun, de sé opswypkje en it minskdom dêryn wrakseljend forsinken dwaen.’ Men mei oannimme dat Kalma yn De swiere winst tichtby syn eigen emoasjes bleaun is. Lykwols, in leafde tusken twa manlju beskriuwe mei in posityf ferrin hat er net oandoarst. Hy wie wol de earste dy't homoseksualiteit yn 'e Fryske literatuer beskreau. Mar krekt as altyd yn dy tiid, as tragysk, as in libben sûnder takomst. It ferhaal ferrint noch stadiger as stadich. Kalma skriuwt mar troch, meganysk liket it wol. Yn De swiere winst komme hast gjin petearen mear foar, it is allegear beskriuwend. Samar in foarbyld: ‘Hiel de joun dûrre dat wyld ûnbidimber noft, kleijend en jûchjend, driigjend en hunend, symphonij dêr't de wrâldgeast syn striid forhearlikjend yn song, lûden fen ûneinichheit stjûrend oer de sljuchte lannen fen Fryslân.’ Ph.H. Breuker hat dy skriuwtrant fan Kalma ‘ienlûdich gesûs’ neamd, dat ‘men ûnder it lêzen wolris kwyt woe.’Ga naar eind11 Yn De swiere winst is it op syn slimst. Hero Cammingha komt net earder as yn 'e tritiger jierren wer mei ferhalen. Syn styl is dan wol folle soberder wurden. Oan Fryske Sketsen draacht er in ferhaal by, De wite kolwyn, dat de yndruk makket tige handich en gau-gau yninoar set te wêzen. It giet oer hoe't in man en in frou inoar troffen ha. Nei't se dat ferteld hawwe, freget de ‘ik’ oan har: ‘Hja ha my oanstien op in bydrage for in novelle-samling, en dêr jow ik my al hwet mei op glêd iis. Kin ik dizze stof brûke?’ Yn | |||||||||
[pagina 64]
| |||||||||
in besprek fan de bondel neamde Fedde Schurer it Kalma-ferhaal as ‘geast en styl-bisibbe oan 'e Decamarone-forhalen fen Boccacio.’ Hy fûn it fan ‘antike en úthiemske alluere’ dat er dochs ek ‘bysûnder weardearret.’Ga naar eind12 Soe Schurer dat werklik miend ha? Nijsgjirriger is Kinden. Dêryn giet de ‘ik’ mei in ‘lang net ûntsjep jongkearel’ nei de bioskoop. In kunde fan de man, ‘Mefrou S’, ferballet dan de saak. In skets, mear is it net, mar de wat ûngemaklike sfear is wol ‘echt’. De fal komt wer mei in boeresoan, Gjalt, dy't net rjocht wit wat er mei famkes oan moat. ‘In pear kear hied er in boeredochter thús brocht en hjar patte. It smakke net sa tige nei mear.’ Gjalt besiket it dochs mei Anne, mar dy soe noait mei him trouwe wolle, om't - sa tinkt se - ‘dêrfoar bist my net man genôch.’ It is it bekende ferhaal, dat Kalma ek no wer in heteroseksuele draai jout. ‘De beammen rûzje en rûzje, en it rûzet heech ta de himel,’ sa makket hy him der ôf.
Neffens Jan Piebenga wie Kalma in idealist, dy't ‘leaver it libben yn it fers herskeppe as yn it proaza neimielje’ woe; ‘hy wol net biskriuwe, mar foarskriuwe.’Ga naar eind13 Dit oardiel tsjûget net fan in soad ynsicht. Ommers, Kalma koe skriuwe, hy koe in ferhaal opsette, hy wist hoe't in yntrige opset wurde moast. As er de earste jierren net mei opset sin keazen hie foar sa'n âlderwetske, redenrike styl, dan hienen syn ferhalen lêsber genôch wêze kind. Wat er miste, en dat is foar in skriuwer fataal, wie ynsjoch yn hoe't oare minsken funktionearje. Dat koe er net ôfsjen fan oaren of út boeken leare. Syn haadpersoanen binne dêrtroch ûnwerklik yn 'e wize werop 't sy fereale reitsje of oer harsels tinke. It ‘alleen op de wereld’-kompleks fan de ‘Alrik Loaras’ liket dêrom ek earder in poaze as werklik trochfield te wêzen. At dizze persoanen autobiografysk binne, dan hat Kalma yn dy perioade yn elk gefal ek gjin sels-ynsjoch hân. Janke (en Gjalt, en Sjoerd en alle oaren) wurde fereale op ideeën, net op minsken. Kalma syn haadpersoanen binne autistysk, mar sûnder dat har skepper dat yn 'e gaten liket te hawwen. Kalma skriuwt mar troch, yn 'e hope sa liket it wol dat as er mar lang genôch trochgiet, it fansels echt wurdt. Freark Dam seit dat yn 'e ferhalen wat werom te finen is fan Kalma syn ‘wearze fan en syn ûnmacht ta aldendeiske kommunikaasje’.Ga naar eind14 No moast Kalma fansels wol skriuwe oer hertstocht tusken manlju en froulju, dêr't er gjin doel oer hie. Mar de freonskip tusken Sjoerd en Liuwe yn De swiere winst is ek net botte oertsjûgend. Yn dit ferhaal komme de emoasjes wer fan ien kant, der is gjin werklik kontakt tusken de beide manlju. De ferhalen út de tritiger jierren binnen folle losser skreaun, makliker om te lêzen ek, mar noch altyd binne de persoanen en situaasjes teoretysk. En dochs, soms koe er it wol. Yn Alrik Loara bygelyks dit fragmint: ‘Nou en dan sloech in flits de hiele keamer yn ljocht, mar frou Loara praette der like rêstich om troch, as wier it in fjûrwirk dat men al sa faek sjoen hie (...).’ | |||||||||
[pagina 65]
| |||||||||
En yn Us Heimnis, in brief oan in jonge freon yn Frisia.Ga naar eind15 Dêryn skriuwt er sûnder omhaal fan wurden oer wat him beweecht en besiket ek de jonge man foar de Fryske saak te winnen. Wêrom krekt dizze freon? Op it ein fan it brief is Kalma teminsten direkt: ‘(..) it is hjir in nocht to wêzen, en op 'e souder stiet in twa persoansledikant dêr sels dû wol ynkinst.’
Doe't Kalma begûn mei it skriuwen fan ferhalen wienen syn ambysjes ek op dit mêd grut. Doe't er Brolsma syn wurk bespruts, moat er hoop hân ha, dat ek hy it genre yn 'e macht krije koe. Of Kalma it opjûn hat om't er wol wist dat er der gjin talint foar hie? Om't er dochs net sa goed skriuwe koe as Brolsma, Pollema, Haisma, Kiestra of Van Houten? Wie er ta dat ynsjoch kommen? It antwurd is net te jaan, mar mooglik hat er der gjin wurk mear fan makke om't er noch safolle oare projektem by de ein hie. | |||||||||
Bibliografy
|
|