Ljochtsjend foarbyld
Yn fjouwer haadstikken folgje wy, fan 'e earste oant en mei de fjirde klasse, Piter Mud, it braafste jonkje fan 'e klasse en syn maten, asosjale hufters, de iene noch grutter lamstraal as de oare. Net fan begjin oan ein mar mei grutte trêden: elk haadstik is in momintopname.
Trouwe underdog is Piter Mud. As Piter yn dy earste biologyles gûlt omdat der net ien neist him sitte wol, plantet Havermans it geraamte neist him del. Op it eineksamenfeest, as der net ien famke is dat mei him dûnsje wol, hellet Piter op it lêst sels dat bonkerak op foar in brike danse macabre.
Piter Mud, de iennichste dy't doocht yn in boaze wrâld dêr't de goeden it kear op kear fan de kweaden ferlieze - ek yn de fabels dy't Havermans fertelt, want dieren zijn net als mensen met dezelfde mensenwensen. Piter Mud, de iennichste dy't it goed mient mei minske en dier, de good guy yn in wrâld dêr't ûnferskilligens, egoïsme, materialisme en wreedheid foar master opslaan. Piter Mud, in ljochtsjend foarbyld? Welnee, in sloppe lul, in suertsje, in sâltsek, in skriemer. Ljochtsjende foarbylden binne der yn dit boek net. Neffens Piter Mud wie Godfried Havermans in ljochtsjend foarbyld. Wêrom eins? Havermans liket fan syn kant net folle mei Piter Mud op te hawwen. Hy ûndernimt alteast neat om it jonkje dat troch elk negere en skoudere wurdt, te helpen. Mar Haring Visch krûpt er yn 'e kont as dy driget mei ‘ús heit’. It pedagogysk-didaktyske effekt fan Havermans syn fabels is nul komma nul en fierder komt der fan syn lessen ek neat terjochte. Hy hat de hannen der fol oan om syn klasse wat yn 'e stokken te hâlden en slagget dêr likegoed net yn. Wat âlder as de learlingen wurde, wat grutter lamstralen. Yn alle haadstikken rinne de saken finaal út 'e klauwen en ek dêryn sit in opgeande lijn. Al daliks oan 'e ein fan 'e earste les stiet it hiele lokaal op 'e kop: in inketfisk op sterk wetter en in opstoppe earn binne fan 'e kast dondere, it terrarium leit op 'e kant, de jonges sitte inoar efternei, geane meiinoar op 'e fûst of steane mei in fjoeroanstekker te meneuveljen by in puozze sterk wetter.