keapje.
‘Wilt gij deze beurs even opendoen, mijnheer?’ freegje ik.
Dan laket pake sa dat er de triennen yn 'e eagen hat.
Ik draai my om. Dat wol ik net sjen.
Edzard hat al in kear mei mem nei heit ta west, yn it kamp.
Alle oare bruorren en susters ek. No bin ik oan bar.
Ik sis tsjin mem dat pake ek wol mei kin, mar dy moat by beppe bliuwe, seit se.
Beppe hat in wite trui breide fan útraffele jaegerjern. It hat om krûken hinne sitten mei hyt wetter der yn en doe wie it jern wer krekt as nij. De trui is foar heit en wy nimme him mei en ek in lekkere cake. Juster hawwe Edzard en ik de beslachkom útslikke.
Wy ride in hiel ein yn in reade bus. Ik wol in plakje foar my sels hawwe, mar dat mei net fan mem. Se tinkt dat ik fan 'e bank ôfrôlje as wy de bocht omgeane.
Ik fyn it fijn yn de bus en ik wurd ek net mislik. Edzard hie alles der ûnder spuid.
‘Is dit it kamp?’ freegje ik, as wy yn in rige foar in gebou steane te wachtsjen.
‘Ja,’ seit mem.
As de doar iepen giet, rin ik mei mem nei in grutte seal.
Der stiet allinnich mar in lange, houten tafel, dêr't de minsken fan it kamp achter sitte.
Se lykje allegearre op elkoar. Ik wit net wa't heit is.
Mar mem wol. Oer de tafel hinne jout se him in tút. Hy pakt de trui út.
‘Moai,’ seit er, ‘lekker waarm, dat kin ik wol brûke.’
‘Beppe hat him breide,’ sis ik. Heit laket my oan. Ik besjoch him stikem. Ik sjoch dat er in leaf each en in boas each hat. Dat haw ik noait op 'e foto sjoen, dy't nêst mem har bêd stiet.
‘Komst ek eefkes by my?’ freget er.
‘Nee,’ sis ik. Ik sjoch gau de oare kant út.
‘Gean mar by heit sitten,’ seit mem, ‘dan snijt heit in plakje cake foar dy.’
Dan doch ik it. Heit rûkt nuver.
Omke dûmny, dy't yn it grutte, wite hûs midden yn it doarp wennet, is by mem op besite.
Hy seit dat syn frou in lytse poppe krijt en dat se de hiele dei op bêd lizze moat. Miskien kin mem wol by him komme om de húshâlding te dwaan en om in bytsje op syn frou te passen.
As er ek noch seit dat it hûs grut genôch is foar al har seis bern en dat se wol op 'e boppeferdjipping wenje mei, wol mem it wol.
‘Ik bliuw by pake!’ rop ik.
Mem lûkt my op 'e skurte.
‘Do bist no hast grut genôch om allinnich fan de pastorije nei pake en beppe te rinnen,’ seit se, ‘dan kinst hjir sa faak hinne ast sels wolste.’
Ik draaf nei bûten ta om te sjen oft pake dêr is.
Hy is op 'e tún, mar hy docht neat. Hy stiet mei de gripe yn 'e hân wat te prakkesearjen.
Ik sis neat oer omke dûmny, mar ik slaan de earmen om pake syn skonk.
‘Wolst in woartel ha?’ freget pake. Hy lûkt ien út