[Nummer 2]
Dwersreed
Sjoerd Bottema
Sûnt jannewaris fan dit jier wurdt der alle moannen in Fryske boeketop 5 gearstald. Wêrom in top 5 en net in top 10? Wurde der mar sa'n bytsje Fryske boeken - minder as tsien titels bygelyks - per moanne ferkocht dat it gearstallen fan in top 10 net slagget? Yn de sutelaksje is der oars foar mear as trije ton oan Fryske boeken ferkocht: f 350.000. In ûndersyk hat útwiisd dat dy 350.000 noch mar 15% is fan de totale omset: f 2.333.333. Twa en in tredde miljoen gûne!
Stel, de gemiddelde priis fan in Frysk boek leit tusken de tweintich en fiifentweintich gûne. Lit ús sizze f 23, -. Dêr sil it measte net oan mankeare. (De gemiddelde priis fan de 62 boeken dy't yn BoekeNijs nûmer 26 - febrewaris 1996 - neamd wurde, komt út op f 22,72.) Dat betsjut dat der per wurkdei 390, per wike 1950, per moanne 8454 en per jier 101.449 Fryske boeken ferkocht wurde (f 2.333.333, -: f 23, - = 101.449). Mear as hûnderttûzen per jier.
Foar wa't der noch net oan wol, lis ik de sifers even neist wat oare gegevens.
Neffens in ûndersyk út 1980 keapet 34% wol ris in Frysk boek. Dat ûndersyk waard útfierd ûnder persoanen fan 12 jier en âlder en de útkomsten ha dus te krijen mei, sis mar, sa'n 80% fan de befolking, dus - rûchwei - 450.000 minsken. In tredde part dêrfan - 150.000 - keapet wol ris in Frysk boek. Wol ris. Wol ris en wol ris is twa. Dat seit fansels neat. Hoe faak is wol ris? Der binne keapers en keapers.
Litte we ris in moaie slach yn 'e loft dwaan en dy groep keapers yn trijen ferdiele: lju dy't 10 Fryske boeken per jier keapje, in lytse minderheid: 5%; lju dy't alle jierren ien Frysk boek keapje: 10%; lju dy't ien kear yn 'e tsien jier in Frysk boek keapje: 85%. Dat liket net oerdreaun. Soks soe der op del komme dat der alle jierren 0,68 boek de man ferkocht wurdt:
5 keapers × |
10 boeken = |
50 boeken |
10 keapers × |
1 boek = |
10 boeken |
85 keapers × |
0,1 boek = |
8,5 boeken |
_____ |
|
_____ |
100 keapers |
|
68,5 boeken |
Der binne yn totaal sa'n 150.000 keapers, dus wurde der alle jieren 150.000 × 0,68 = 102.000 Fryske boeken ferkocht. Ja, it is echt wier: mear as hûnderttûzen Fryske boeken per jier!
By de Fryske boekhannels lykwols binne se leaver lui as wurch as it om Fryske boeken giet. Mei lijen koene se by It Fryske Boek de boekhannel sa fier krije en jou in oersjoch fan de fiif bêst ferkochte boeken.
De dielnimmende boekhannels (12 fan de 40) dogge dat út 'e holle wei, se hoege gjin eksakte sifers oer te langjen, dat jout fierstentefolle drok-