foar it skriuwen frijmeitsje kinne. No giet der yn 'e Fryske útjouwerswrâld sa'n skytbytsje jild om, dat soks mar in pear frije dagen opsmyt, mar it soe wol in begjin wêze kinne. Mear ynkomsten troch de ferkeapprizen te ferheegjen soe de útjouwers dêrby al wat helpe. As lêzers wier sa útsjogge nei nije romans, dan wolle se der fêst ek wol wat mear foar betelje.
Mar ik bin bang dat wy dochs wer nei de Provinsje moatte om jild. Nochris, it FLMD hat gelyk. It komt net goed mei de Fryske literatuer as der gjin nije skriuwers bykomme. Yn gruttere taalgebieden is der oanbod genôch, mar yn Fryslân moat ek dat stimulearre wurde. Dêrom, as de takomst fan de Fryske literatuer garandearre wurde sil, dan moatte der mear minsken oan it skriuwen en dêr moatte se - yn 't foar - jild foar hawwe. Lit ús net oerfreegje: Jierliks twa skriuwers oan 't wurk, foar seis moannen, dy't dêr de man f 45.000,- foar krije. Want de fêste kosten as hier, hypteek, fersekeringen, iten geane troch. Tsjinprestaasje: in roman fan minimaal 250 siden, literêr en lêsber.
Der kin noch wol mear feroarje. De útjouwers soenen ek wolris wat aktiver wurde kinne. Fan de literêre tydskriften wurdt altyd sein dat it ‘kweekfivers’ wêze moatte foar nij talint, mar wa fisket dy talinten der ea út? Hokker útjouwer bellet no ris in skriuwer en seit: ‘Moaie ferhalen wienen dat, wolsto net in roman foar ús skriuwe?’ Wel nee, se wachtsje oant der in manuskript mei de post komt. Krekt as by de lêzers bestiet der by har blykber ek noch altyd it tinken dat in skriuwer allinnich troch godlike genede by steat is in roman te skriuwen. Dan kinne lêzers en útjouwers yn Fryslân lang wachtsje, dat docht wol bliken.
Dat der gjin romans komme hat net allinnich mei jild te krijen. Der binne genôch skriuwers dy't wol in roman leverje wolle, mar dy't der ek wis fan wêze wolle dat it boek ea útbrocht wurdt. Dêrom moat der folle earder kontakt komme tusken skriuwers en útjouwers. Dat kin bygelyks sa. In skriuwer makket in synopsis foar in roman. De útjouwer tinkt, dit wurdt wol wat, en der komt in foarriedich kontrakt. Dan soe ek in foarskot betelle wurde kinne. De skriuwer begjint te skriuwen en leveret geregeldwei by de útjouwer kopij yn. Op de útjouwerij is der in redakteur, dy't it skriuwen krytysk folget en sa no en dan mei de skriuwer oerleit. De skriuwer krijt sa syn roman ôf, wit hieltyd hoe't syn wichtichste resinsint - de útjouwer - der oer tinkt en de útjouwer krijt in boek dat er útjaan wol!
Ek dit sille guon wol wer fierstente oerdreaun fine. Dy tinke fêst dat in skriuwer in uterst skrutel skepsel is, dat net nei aspiraasjes en work in progress frege wurde mei, oars bedjert it syn ynspiraasje. Mar in skriuwer is in professional, dy't wit wat er wolen sa ek mei syn útjouwer omgean wol. Wêrom soe in útjouwer dat dan ek net kinne? Noch oaren sille miskien wize op de skriuwerswykeinen fan it Skriuwersboun. Dêr kin dochs foarlêzen wurde en om kommentaar frege wurde? Nee, dat is net genôch. Foar in objektyf oerdiel hat men no krekt in net-skriuwer nedich, gjin kollega's. Foarskotten, wurkbeurzen, aktive útjouwers en in saaklike opstelling. Oaral giet it sa, wêrom by ús dan net? Oars bliuwt it lijen.