[Nummer 1]
Fan 'e redaksje
Foar jo leit it earste nûmer fan in nije jiergong Trotwaer. De redaksje wol mei klam wize op it wurd ‘nije’ yn dizze sin. Der is nammentlik frijwat feroare neffens eardere jierren. Meast opfallend binne it nije omslach en de nije opmaak. It omslach is in soarte fan úthingboerd wurden: it bylket net inkeld goed, it jout tenei ek in koarte ynhâld fan itjinge dat jo binnenyn fine kinne. Doe't wy dochs dwaande wienen mei in nij omslach hawwe wy besletten dat it binnenwurk ek mar ris ûnder hannen naam wurde moast. Grafysk ûntwerper Douwe Huitema fan Ljouwert hat neffens ús mei syn omslach en syn ideeën foar de nije opmaak in stik wurk levere, dat it besjen lije kin.
Utsoarte giet it ús yn 1996 net inkeld om de vorm mar ek om de vent. Wy binne der dan ek tige wiis mei dat wy jo in nij redaksjelid foarstelle kinne. Jan Pieter Janzen fan Goutum bringt de redaksje wer op folle sterkte. Hy is learaar skiednis en maatskippijlear yn Ljouwert, mar faaks kinne mear minsken him fan 'e wykeinen fan it Skriuwersboun yn Koartehimmen of fan in ferskaat oan literêre jûnen. Mei it wurk fan in redaksje hat er in soad ûnderfining opdien as redakteur fan De Strikel. It leit yn syn bedoeling om Trotwaer op it kultuer-histoaryske en -politike mêd in stevige ympuls te jaan. Yn Trioel kinne jo de earste risseltaten fan dat foarnimmen lêze.
Net inkeld is der in nije redakteur, ek it redaksje-adres is feroare. De lêste trije nûmers fan 1995 hat Sjoerd Bottema mei in soad ynset it einredakteurskip ad interim foar syn rekken naam. Mei yngong van dit nûmer kinne jo kopij en fragen oer de ynhâld fan ús blêd kwyt by Jurjen van der Weg. Syn adres fine jo op de binnenkant fan it omslach.
As lêzer fine jo al dizze ynformaasje fêst mar matichjes nijsgjirrich. Jo hawwe gelyk: net de foarm of de redaksje steane sintraal yn Trotwaer, mar literatuer en kultuer. Wy sille besykje dat wier te meitsjen yn 'e 300 bledsiden, dy't jo dit jier sa'n bytsje fan ús tegoede hawwe. En wat it redaksjebelied foar 1996 ynhâldt? Dat witte jo as jo de lêste side fan nûmer 6 ûnder eagen hân hawwe...