Print Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer Vorige Volgende [p. 235] Kito Lorenc Epitaaf foar Johannes Bobrowski (ferstoarn 2 september 1965) oersetting: Marten Sikkema Septimber Sempre adagio... In namme (streamen) Wy soene dy útroppe moatte dy't juster immen noch droegen hat. Streamen (in namme). De doper, neitiid út de stream kommend, koe net werom de man dy't er krekt noch doopt hie as de Messias. Mar hoe soe er ek? Hy wie besteld mei dopen. [p. 236] Streamen (in namme). De man út it beverfolk - seldsum hoeddedeis is it seldsume wurk fan de bever: kapjend wylde beamstammen fan trystens, bouwend oan skânzen fan leafde, fan wille, en altyd wer yn dizze weagen fan taal skeppend dammen fan ritme. Septimber Sempre adagio... In namme. (Streamen. ‘Ik stek ôf mei de lêste boat’). Wy sille ferkjeldzje oan de streamen sûnder him. Vorige Volgende