ke skriuwers har literatuer al lang út 'e agrarise klaai lutsen ha, hâlde de lêzers langst nei de âlderwetse boereroman. De skriuwer kin de wrâld noch sa grut ha wolle, de lêzer klinkt 'm troch syn keapgedrach likehurd wer yn. It Frysk-eigen is foar him noch hieltyd keppele oan fee en blommen, kikkerts en keallen, doarpsdokters en skroaren. As der gjin nije rimen en teltsjes mear skreaun wurde, sil de lêzer der wol foar soargje dat de âlde - mar dan al mei haadletters fansels - der noch altyd mei geane. De tsiende útjefte, yn 1993, fan it libbenswurk fan de Halbertsma's - oplaach 3000 eksimplaren - wie nei in healjier útferkocht.
It publyk is sljocht nei in oersichtlike wrâld, lykas bygelyks de wrâld fan de Kameleon. No ek te krijen yn it Frysk, dat de moderne Fryske berneliteratuer hat der in konkurrint by - dêr't it op 'e foarhân dreech tsjin konkurrearjen is. Nee, gjin probleem fan meitsje, mar waget de lêsbefoardering hjir tsjin de smaakfersmoarging op? Salút au Monde! ropt de keunst. Salút, o monde! seit it folk.
It folk, ja. Slim humoristys wie de opmerking dy't Piter Boersma, op in literêre jûn yn Ljouwert, makke oer syn eigen skriuwerskip: ‘Ik bin in folksskriuwer - allinnich, it folk wit it noch net.’ Slim humoristys, mei de klam op ‘slim’. Ik ha Boersma - ús modernste proazaskriuwer fan dit momint - yn oar ferbân ‘in skriuwer foar skriuwers’ neamd. Dêr stean ik noch hieltyd achter, mar ik heakje der no by wize fan nuânse oan ta: dat Boersma net in folksskriuwer is, leit 'm net allinnich oan syn wurk mar ek oan it publyk. De skriuwer stiet tichter by it folk as it folk by him.
Ik wol my der net te maklik fan ôfmeitsje. Dêrom stel ik mysels in kritise fraach. Wêrom krige in moderne, kontroversjele en fan ‘skok-effekten’ en ‘ôfstjittende ferfrjemding’ (Klaes Dykstra) stiif steande roman as Fabryk likegoed safolle lêzers? Ien, want dat komt altyd earst: it boek is goed skreaun. Twa, want dêr kin it net sûnder: it boek is earlik. Trije, en dan wurdt it in oar ferhaal: it boek is ferskynd yn 1964.
Ik bin der wis fan dat, soe Riemersma syn Fabryk yn 1995 publisearre ha (mar dat hie net wierskynlik west, want in goeie skriuwer publisearret syn masterwurken meastal op it goeie momint), it boek minder sukses hân hie as dat it no hân hat. Ik leau dat it Fryske lêzerspublyk yn 1964 - doe't we behalve skynhillige húskes ek noch idealen hiene (nammentlik om der tsjinoan te skoppen) - ûntfankliker wie foar baanbrekkend wurk as dat it yn 1995 is. We kinne der lang en breed oer prate, mar we libje hjoed de dei yn Nederlân (en dus yn Fryslân) yn in kloatetiid. Sels de Beierse Dútsers en de Flaamse Belgen binne ús foarbystutsen as it giet om