Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 243] [p. 243] William Butler Yeats Piloat om utens foarsjocht syn dea oersetting Eric Hoekstra Ik wyt dat ik op 't ein ta set: út 'e wolken wei omleech. Dy't ik befjochtsje haatsj' ik net, dy't ik beweitsje ha 'k net heech. Myn lân dat leit by Hoarnstersweach, myn lânslju dolle yn it fean. Gjin ôfrin brekt har krûme rêch of makket dat se lichter gean. Noch wet of plicht woe dat ik focht of pommerant of lûde kloft. In iensum sin, in stille nocht dreau ta 't gebolder yn 'e loft. Ik hifke alles, seach alles nei, de jierren foar my acht' ik nea, nea acht' ik de jierren achter my al lyk dít libben, dízze dea. I know that I shall meet my fate Somewhere in the clouds above; Those that I fight I do not hate, Those that I guard I do not love; My country is Kiltartan Cross, My countrymen Kiltaretan's poor, No likely end could bring them loss Or leave them happier than before. Nor law, nor duty bade me fight, Nor public men, nor cheering crowds, A lonely impulse of delight Drove to this tumult in the clouds; I balanced all, brought all to mind, The years to come seemed waste of breath, A waste of breath the years behind In balance with this life, this death. Vorige Volgende