Trioel
Jan Pieter Janzen
Fryslân en de wrâld
Gelokkich dat der noch wat diskusje kaam oer Trinus Riemersma syn twadde Gysbert Japicxpriis, oars hie de LC-lêzer maklik oer dit nijs hinne lêze kinnen. Want sis no sels: in ien-kollomerke fan sechstjin rigels op side alve, dat kin je samar ûntkomme. - Tafal of nij redaksjoneel belied?
It liket in trend te wêzen, ek yn de serieuze lanlike parse: bij Fryske kultuer giet it mear om sensasjonele en spektakulêre omballingen as om de ynhâld.
Sa kaam de Ljouwerter net oan in skôging fan Trinus syn wurk ta. De kultuerredaksje beheinde har de deis nei it bekend wurden ta in mini-enkête yn ‘Frysk-literêre rûnten’ (‘Gysbert-priis: spitich, mar terjochte’) en ta in fraachpetear in goed wike letter.
De kollega's fan NRC Handelsblad fûnen op it kritike momint berjochtsjes oer Cat Stevens syn nije cd, de útwreiding fan de Night of the Proms en popstjerren dy't in cd foar Bosnië meitsje, belangriker as it literêre nijs út Fryslân.
Ek it Frysk Festival wie de kultuerdragers fan de NRC te fier fan hûs. Ja, Abe!, dêr kamen se - lykas alle oare media - wol op ôf, mar fierders wie it behelpen. Sels foar Suver Nuver koe der gjin resinsje ôf. En net om't se foarút wisten dat de gearwurking fan dit oars sa ferrassende trio mei in tal ferneamde sirkusartysten it djiptepunt fan it festival wurde soe. Kosten noch muoite wienen sparre om oan har winsken temjitte te komme, it resultaat wie in arrogant pretinsjeuze foarstelling dy't troch de bûtenlanske gasten rêden wurde moast.
Artistyk sjoen wie ‘Circus Whitman’ fan Suver Nuver de iennige misser fan it Festival. Of je soenen it literêre part fan de iepeningsjûn yn de kategory ûnderbringe moatte.
It hie sa moai wêze kinnen: 27 dichters dy't nei Tsjêbbe Hettinga syn foardracht fan de Fryske oersetting reagearje soenen op Walt Whitman syn proazagedicht Salút au Monde!. It begong ek goed, mar al gau die bliken dat de measte dielnimmers har net oan de opdracht holden hienen en gewoan wat út âld wurk liezen. Foarôfgien troch in nuveraardich optreden fan presintator Kees 't Hart, dy 't fan elke dichter in fragmint foarlies om