Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 227]
| |||||||||||
Fan bûgjen frjemd
| |||||||||||
En dan wer dy oarloch...It lêste boek fan de twadde ‘weach’ Fryske oarlochsromans kaam út yn 1970 (sj. Trotwaer 4 fan dizze jiergong). Yn de jierren 1987 en 1988 kamen nije skriuwers as Willem Verf, Durk van der Ploeg en Riek Landman mei boeken oer dit ûnderwerp, folge troch oaren. Dêrom kin it begjin fan de tredde ‘weach’ op 1987 steld wurde. Dat betsjut net dat yn de tuskenlizzende jierren gjin boeken oer de oarloch útkommen binne. Ferspraat oer 16 jier binne dat tsien titels. Om 't it om safolle giet, is it hast wol needsaaklik om de boeken yn groepen yn te dielen. De meast maklike yndieling is dan dy fan ‘histoarysk’ of ‘modern’. Der binne fiif romans by dy't yn 'e oarlochsjierren spylje:
A. Jousma, Dûmny's twilling, Boalsert, Osinga, 1974. Eliza Posthuma, Under frjemdfolk. Tsjin heuch en meuch yn tsjinst by in Dútske baes (1942-'43), Ljouwert, De Terp, 1979. Tiny Mulder, Tin iis, Ljouwert, De Tille, 1981. H.Y. de Vries, Oan 'e kant fan 'e mar, Boalsert, Osinga, 1982. Anne Wadman, In bolle yn 'e reak, Drachten/Ljouwert, Friese Pers Boekerij, 1986.
De fiif oare boeken hawwe de oarlochsjierren as eftergrûn, mar spylje yn 'e moderne tiid:
Th. Kuiper, Op reis nei Jeruzalem, Boalsert, Osinga, 1978. H. Hoogeveen, De neiklap, Boalsert, Osinga, 1978. U.G. de Jong, De leave fekke, Leeuwarden/Ljouwert, Friese Pers, 1980. Rink van der Velde, De ôfrekken, Leeuwarden/Ljouwert, Friese Pers Boekerij, 1982. | |||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||
Anne Wadman, Tinke oan âlde tiden, Leeuwarden/Ljouwert, Friese Pers Boekerij, 1985.
Yn har lêzing, De oarloch yn de literatuer, in oersichtGa naar eind1 komt Tineke Steenmeijer-Wielenga foar romans dy't de oarlochsjierren ta ûnderwerp ha mei in fierdere ûnderferdieling. Sy komt ta fiif kategoryen:
Tsjin dizze ûnderferdieling binne in tal beswieren yn te bringen. Yn it foarste plak kin in boek ta ferskillende kategoryen tagelyk rekkene wurde. In boek oer it ferset kin ek gean oer saken dy't ‘feitlik bard’ binne. Boppedat, suver yn alle romans giet it wol om it ferset. Dêrby is it foar in roman net wichtich of it ferhaal werklik bard is, al kin soks literêr-histoarysk fansels wol nijsgjirrich wêze. Yn 'e yndieling fan Tineke Steenmeijer giet it by ‘fout’ wêzen om minsken dy't in ‘ferkearde’ kar dien ha, mar eins giet it yn alle troch har neamde boeken om bern fan ‘foute’ âlden en de gefolgen dêrfan foar de famyljes. Fan de fiif skiften is dit de iennichste dy't dúdlik fan de oaren te ûnderskieden is. De skift oer it ‘ferwurkjen efternei’ wurdt mear en mear it terrein fan de nije skriuwers, dy't de oarloch yn har romans ferwurkje. Tineke Steenmeijer bringt hjir noch in oare kwestje op it aljemint. Is foar de mear ‘psychologysk’ ynteressearre skriuwer de oarloch eins oars net as in opsetlik keazen ‘dekor’ om de romanfigueren útkomme te litten? ‘Is De fûke net in psychologyske roman oer in persoanlikheid dy't net kieze wol en syn libben beskiede lit troch de omstannichheden?’ freget sy har ôf. ‘(..) is Tin iis - om mar ris in titel te neamen - net folle mear in ûntwikkelingsroman? In moaie leeftyd in emigraasjeroman? Fan it rychje nije romans tuske de twa ‘weagen’ yn komt eins allinnich Under frjemdfolk mei in nij tema: wurkje yn Dútslân. Yn dat boek geane trije manlju min ofte mear ûnder twang fan de besetter nei in fabryk yn Dútslân. De omstannichheden binne net al te bêst, mar it is fansels gjin konsintraasjekamp dêr't de jongelju telâne komme. Men soe it boek in roman neame kinne, mar it boek sit ticht tsjin in reportaazje oan. It iten, it wurk, it ûnder | |||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||
kommen, alles wurdt neffens de feiten beskreaun. It meast yngeande probleem is: hoe hâlde wy it út. Dat sy troch foar de Dútsers te wurkjen meidogge oan de bewapening fan dat lân en sadwaande de besetter helpe, pleaget de mannen wol wat, mar ta aksje komme se net. Nei in jier geane se werom en dûke dan ûnder. De romans fan Tiny Mulder en H.Y. de Vries soe men de direkte opfolgers neame kinne fan de earste ‘weach’ oarlochsromans: in soad fersetsaksjes, in soad oprjochte Friezen en de fijân as abstraksje. Beide binne - sa wurdt út ynterviews en besprekken wol dúdlik - op histoaryske werklikheden basearre. Yn 'e roman fan H.Y. de Vries giet it om in boerefamylje yn it wetterlân (guodlike heit, ambisjeuse en aaklike mem en in soan dy't gjin boer wurde wol), dêr't de oarloch djippe spoaren neilit. De heit nimt (fansels) ûnderdûkers yn 'e hûs, de soan rekket as piloat nei Ingelân en de mem wurdt in better minske. Tin iis krige by it ferskinen yn 1981 in soad oandacht. De skriuwster fertelde yn ynterviews wat har bedoeling mei dit boek west hienen: oandacht foar de froulju yn it ferset en omtinken foar de memmen. Om't Tiny Mulder sels yn it ferset sitten hie waard yn it boek socht nei de ‘feitlikheden’. Pieter Wybenga en Esmée fan Eeghen wienen sûnder folle muoite muoite wol werom te finen. It doel fan de skriuwster hie ek west om mei har boek de jongerein dingen dúdlik te meitsjen. De Hollânske oersetting waard ek as jeugdroman útbrocht. De ‘ik’ is in famke dat krekt as har oare famyljeleden yn it ferset telâne komt. Se nimme in joadsk famke yn 'e hûs en sa út en troch binne der ek oare ûnderdûkers. Wylst Geart van der Meer it dúdlik gjin literêr boek fûn, wie hy dochs optein oer de roman. ‘It is gjin djipsinnich boek mei tige besûndere karakters en djippe tinkwrâlden. Tin iis giet oer in aspekt fan de oarloch dat lykwols faaks net ienris sa licht te beskriuwen is: hoe reagearret in húshâlding op in frjemd ûnderdûksterke, wat fielt in mem dy't har suver hast as eigen dochterke aanst wer ferlieze moat krekt omdàt se har it libben rêden hat?’ (Trotwaer 14 (1982), 85-88) Yn syn besprek sloech Piter Terpstra de twadde ‘weach’ romans oer de oarloch gewoan oer en fergelike Tin iis allinnich mei de boeken fan krekt nei de oarloch. Neffens him wienen yn it boek de ‘measte figueren dúdlik tekene; de fersetsminsken, de piloaten, de ûnderdûkers binne minsken mei eigen karakters. Wol moat ik tajaan dat ik op 'en doer in stikmannich fersetsminsken net mear hielendal út elkoar hâlde koe.’ (FD, 17 oktober 1981). Tineke Steenmeijer fûn it in ‘nuttich’ boek. ‘De wapenfeiten fan de twadde wrâldoarloch lizze wol fêst, | |||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||
de offiële skiednis fan it ferset wurdt wol skreaun, mar wat it libjen yn oarlochsjierren betsjut hat foar gewoane minsken, dy't dochs ek foar de kar stienen, hat Tiny Mulder fan binnenút beskreaun.’ (LC, 26 septimber 1981). Sy fûn it boek wol tsjok. ‘It duorret ôfgryslik lang foar't men de ein besyld hat,’ mar dat kaam neffens har om't ek ‘de befrijing (..) ôfgryslik lang op him wachtsje (liet).’ Dûmny's twilling fan Anne Jousma is ûnderferdield yn trije parten. Yn 'e earste twa wurde de beide jonges dúdlik typearre: Duko ûndernimt fan alles wylst Tsjalling de tinker is. Om 't se ek foar de âlden net útinoar te hâlden binne, jout dat in soad argewaasje. Duko hellet streken út, dy't Tsjalling dan faak op him nimt. Dat giet sa op skoalle, by de famkes en it giet ek sa as de Dútsers efter Duko oan sitte. Tsjalling nimt dan wer de skuld op him en wurdt deasketten. ‘Yn it skema is de lilke boer ferfongen troch de lilke learaer en dêrnei troch de Dútser, mar it giet der noch hyltyd om om sjen te litten, hoe fier't de driuw om him op te offerjen giet fan de iene twillingbroer foar de oare.’Ga naar eind2 Dat wie Tineke Steenmeijer fan betinken yn 1995. Yn 1977 skreau J. Knol: ‘Tsjalling hoecht gjin boete to dwaen, syn died is de uterste konsekwinsje fan hiel syn libben hâlden en dragen foar Duko oer. (..) De figuer fan Tsjalling bringt jin slach op slach de Man fan Nazareth yn 't sin.’ (De stim fan Fryslân, desimber 1977).
Yn Anne Wadman syn In bolle yn 'e reak is de haadpersoan wer in anti-held. Diskear hyt er Bouke Martensma, dy't de hiele oarloch troch siik is en sa it barren yn it doarp Flokswerd observearje kin. Syn buorfamke Minke, dochter fan de slachter dy't by de NSB giet, krijt de measte oandacht. De oare haadpersoan is de dokter Jos Degreve, dy't in min houlik hat en fereale rekket op datselde famke. De dokter komt ek noch telâne yn in ûndúdlike affêre om joaden te helpen, dy't ek noch nei de oarloch foar in bulte swierrichheden soarget. De Wadmanyngrediïnten, passyf-wêze, NSB (mar net al te fûl) en heal mislearre fersetsaksjes kommme yn dit boek werom. ‘Hoewol't onder de Flokswerders de trijekaart hear-frou-boer, Jos-Minke-Bouke der dúdlik útspringt, is der op 'e eftergrûn in grut ferskaat fan nijsgjirrich folk oanwêzich. (..) Minke hat har âlden, de rûge, onbehouwen, drankslije slachter Wiuwerda en syn yntrigearjend wiif Afke, dy't de nazi-trend onder de middenstân fan dy dagen fertsjintwurdigje.’ (Jan Wybenga, LC, 14 oktober 1986). In soad oandacht krijt de rol fan de dokter yn 'e oarloch. Foar in menear Winters hat hy jild ynsammele om joaden | |||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||
frij te keapjen út de kampen. Wêr't dat jild telâne kaam is? Nei de oarloch is der neat fan werom te finen. Doarpslju, dy't it jild meast mei swarthanneljen fertsjinne hienen en it dêrom oan in goed doel jaan woenen, bedriigje dan de dokter en lige oer de hichte fan har jeften.
Yn de fiif oare romans út dizze perioade hat in barren út de oarloch grutte gefolgen foar de haadpersoanen. De neiklap is de earste Fryske roman oer in ‘foute’ heit. De heit út dat boek is yn 'e oarloch deasketten troch ien fan it ferset en dy dea is eins noch in grutter trauma as it ‘fout’-wêzen. De haadpersoan is in dimmen, skruten man, bang foar oare minsken. Syn skoanheit wie in gruttenien yn it ferset en - o tafallichheid - sa docht bliken, hy is de man dy't syn heit deasketten hat. Yn 'e roman is dat in nijsgjirrich gegeven om't de haadpersoan syn skoanheit net oars sjen kin as in moardner, ek al wit er rasjoneel wol dat syn heit it fertsjinne hie. It boadskip fan it boek is dat elk minske, lykas Paulus sei syn ‘toarne yn it fleisk’ hat en dat men dêrmei libje moat. Oeral is ommers wol wat. It is spitich dat De neiklap sa statysk is en it tafal in te grutte rol spilet, mar as roman oer in NSB-heit is it, tinkt my, in ‘earlik’ boek. Net elkenien koe dat samar akseptearje. ‘It is dan even stuitsjend to lêzen hoe't de forsetsman sljochtwei foar in moardner holden wurdt, fan 't selde slach as de NSB-er, mar dat wurdt letter wer hwat lykbreide. De kleare ynsichten waeije Auke lykwols net samar oan.’ (Jan Kroes, LC 20 desimber 1978) Yn Th. Kuiper syn roman Op reis nei Jeruzalem komt ek in tige nijsgjirrich probleem oan 'e oarder. In joadske frou is troud mei de soan fan de boer dêr't sy yn 'e oarloch ûnderdûkt wie. Beide âlden wienen der net foar, mar sy hat de saak forsearre. It is dy frou dy't op in stuit kristen wurde wol. Yn in KFFB-roman, mei in dûmny as haadpersoan, soe dit miskien foar in triomfantlike toan soargje kinne, mar dat is krekt net it gefal. De frou, Sara, set wol troch, mar is lykwols ek in bytsje teloarsteld yn it yntellektuele nivo fan har nije bruorren en susters. Dat wie sy yn 'e synagoge wol oars wend. Foar har heit is har bekearing in streekrjocht gefolch fan de oarloch, dy't al safolle stikken makke hat. It doel fan de skriuwer liket west te hawwen om de twa rjochtingen byinoar te bringen. Oer joaden is hy frijwat sentimenteel en hy kin it net goed oerbringe wêrom't de frou kristen wurde wol. Hoe traumatysk de oarloch - ek jierren letter noch - wol wêze kin, wurdt dúdlik yn De leave fekke. De haadpersoan is troud mei in | |||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||
frou dy't him bot tinken die oan in famke dat er yn 'e oarloch kennen leard hat. Dat joadske famke hat er op in dei doe't in lânwacht harren tsjinkaam stikke litten. Hy is de fjilden ynflechte, wylst sy oppakt is. Sûnder mis is sy dêrnei nei in kamp brocht. De man hat dat nea fan him ôfsette kind en op in nacht neamt er yn syn sliep har namme. Syn frou tinkt dan dat er in oaren hat. Syn houlik is al net te bêst en syn frou fynt him eins in sûch. Hja is jaloersk op oare froulju dy't in bettere man troffen ha en dêrom fitert sy him oan ta in bettere karriêre. Dêr is de man lykwols poer ûngeskikt foar, sa docht bliken. As syn frou him mei al dy dingen konfrontearret, komt it ta in klimaks. In pear dagen letter sit er al yn in gesticht, folslein sljocht. De ‘fekke’ yn dit boek moat wol de meast ûnsympatike frou út de Fryske literauer wêze: sa hurd, sa ûngefoelich en sa egoïstysk. Dat is tagelyk it probleem fan dit boek. De man en de frou binne sa ûnoannimlik, dat de lêzer it trauma net serieus nimme sil. De meast opmerklike romans út dizze perioade binne De ôfrekken en Tinke oan âlde tiden. Yn de roman fan Rink van der Velde wurdt de rol fan it ferset relativearre, sa't dat al earder yn Kûgels foar in labbekak bard wie. Plysje Havinga, dy't nei in hert-operaasje sa út en troch noch wolris wat putsjes op him nimt, wurdt yn in âlde saak behelle yn in tiid dat de befrijing wer betocht wurde sil yn syn doarp. Wat him stadich oan dúdlik wurdt, is dat oan 'e ein fan de oarloch fersetsminksen in ‘goede’ Dútser, dy't ûnderdúkt wie, deasketten ha om't se mienden dat er gefaarlik wurde koe. It is de soan fan dy soldaat dy't sa'n fiifentritich jier letter ôfrekkenje wol mei de moardner fan syn heit. Inselde saak wie ek de kearn fan Rink van der Velde syn eardere boek Rjochtdei (1968). De ôfrekken hat de foarm fan in speurdersroman: de plysje wit dat de ‘ôfrekken’ komme sil, mar hy wit net om wa't it giet. Dieder en doel binnen him yn 't earstoan ûnbekend. Dêrby moat er ek noch útsykje of guon minsken, dy't in Verzetsherdenkingskruis oanfrege ha, dêr wol rjocht op hawwe. De plysje, dy't sels ek yn it ferset sitten hat, is net botte fûl: at se net slim ferkeard west hawwe, moat sa'n lintsje om him mar wêze. Plysje Havinga sit oangeande de oarloch mei in hiel soad fragen. ‘Hoe komt it dat hy de oarloch net út syn ûnthâld banne kin, noch altyd twivels en skuldgefoelens hat, wylst oaren samar in ûnderskieding foar fersetsdieden oanfreegje doare? Hoe grut wie it gelyk fan de minsken dy't nei de befrijing, omt hja oan 'e goede kant stien hiene, mienden rjochtdei hâlde te meien ûnder de ferkearden?’ (Tineke Steenmeijer, LC, 25 september 1982). Plysje Havinga liket in soad war te dwaan om de takomstige dieder te finen, mar docht er | |||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||
der wol alles oan? Is it ek net syn ôfrekken mei it ferline as de fersetsman op befrijingsdei deasketten wurdt en de dieder net te finen is? Tiny Mulder (FD, 23 oktober 1982) wie it mei dat relativearjen fan it ferset en it nei foaren heljen fan ‘fouten’ fan it ferset hielendal net iens. Yn har besprek giet sy yn diskúsje mei de skriuwer oer syn boek. Hy komt oan in tear punt, dat is wol dúdlik. ‘Yn de skiednisboeken fan L. de Jong en P. Wybenga oer de besettingstiid en yn [Hollânske?] romans dy't yn dy tiid spylje, wurdt gewach makke fan flaters dy't makke binne troch fersetsgroepen en fersetters yndividueel; Van der Velde docht dêr in fikse skep boppe op en neamt suver allinne misse setten, ja eins hie it wapene ferset net iens moatten, want it ferge minskelibbens en “wy binne der net in dei earder om befrijd”. Nee, mar it wapene ferset hat wol soarge, dat gâns mear minsken de oarloch oerlibben as dat de bedoeling fan de fijân wie. De romanpersoanen dy't in Verzetsherdenkingskruis oanfreegje, wienen by de gatten om ticht. Ek hjir wer in leechlizzende foarstelling fan saken.’ De fersetsfrou as resinsinte. Sy giet yn tsjin lûden fan ‘arbeidersminsken, dy't Havinga fertelle hoe beroerd se it “ûnder Colijn” hienen, hoe bêst se it yn de jierren foar de oarloch hienen as arbeider yn Dútslân, of hoefolle better se der finansjeel foar kamen te stean doe't se op it Ljouwerter Fleanfjild wurk krigen tidens de besetting. De fiskerlju barden ynienen fiks foar har waar en hienen it troch ruiljen oan oar iten en tabak noch noait sa goed hân.’ Tiny Mulder beskuldiget Rink van der Velde derfan, dat er mei opsetsin soksoarte minsken yn syn boek opfierd, om de wierheid te manipulearjen. Sy neamt dy minsken ‘minsken sûnder folle morele ûnderbou. Se hannelje en tinke nayf, ynstinktyf neffens de tastân fan it eagenblik. Elk dy't besiket harren neitinke te litten, is harren yn 'e wei.’ Neffens Mulder wienen dy minsken minder nayf as Van der Velde skine lit: ‘Dat folk wie minder ûnnoazel en hie mear morele ynhouten as Van der Velde no yn syn iver om in pleidoai te hâlden, foarkomme lit. Wa't kollaborearde die dat net ûnbewust.’ Mulder tinkt ‘dat mannich reade arbeider fan doe him wolris misledige fiele koe troch de foarstelling fan saken dy't Van der Velde jout.’ Tiny Mulder sels like yn elk gefal misledige te wêzen. Sy wie ek al stroffele oer de rigels dêr't in âld-fisker seit, dat er gjin lintsje hoecht om 't hy en syn frou joaden yn 'e hûs hân ha: ‘Ymkje krige goed kostjild foar dy joaden.’ Yn Tinke oan âlde tiden komt in famylje nei de dea fan harren heit ta de ûntdekking dat er NSB-er west hat. De man hat dat al dy jierren ferburgen hâlden, mar no't er dea is komt alles nei boppen. Dat bart foaral yn 'e foarm fan de útspraken fan in soan út de man | |||||||||||
[pagina 234]
| |||||||||||
(syn earste houlik. Troch de neisleep fan de oarloch is dy yn Dútslân en letter yn Eastenryk telâne kommen. It giet Wadman yn Tinke oan âlde tiden net sa lyk om it NSB-ferline, mar om wat soks foar effekten hat op de bern. Oars as yn By de duvel to bycht steane de haadpersoanen bûten dy problematyk, se ha der nea fan witten. Alle bern reagearje op in foar harren karakteristyske wize: de iene lilk, de oare myld. Utsein de ‘nije’ broer is der ek in oare erfenis, nammentlik yn 'e foarm fan in fikse knoarre jild. Troch dat jild net oan te nimmen, ferbrekke de bern de bân mei it ferline fan har heit. Parten fan de roman, as it om konfrontaasjes of in klimaks giet, ha de foarm fan in toanielstik, dat neffens de skriuwer ek selstannich opfierd wurde kin. Oars as yn Soldaten en muzikanten fan Piter Terpstra, dêr't de ynhâld fan it toanielstik neiferteld wurdt, steane yn Wadman syn boek werklik dialogen mei rezjyoanwizingen. ‘Sawol troch de fernimstige foarm as troch de karaktertekening en de keunstige dosearring fan hyltyd nij materiaal dat ús byld folsleiner makket en tagelyk de oandacht fêsthâldt, is dit boek tige slagge,’ fûn Sybren Sybrandy (Trotwaer 17 (1985), 367-370). Jelma Knol (Hjir, 1987, nûmer 2) wie fan betinken dat it boek ien fan Wadman syn minst slagge wurken wie, om't er him foarút sleepte fan de ‘iene fynst nei de oare.’ Syn boeken wienen neffens har ‘te ferliteratuerd.’ Miskien hie har oerdiel ek wol wat te krijen mei it tema fan de oarloch. Dêr sei sy oer: ‘En dan wer dy oarloch mei syn heale helden en ferrieders...’ |