Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 222] [p. 222] Harmen Wind De tiid fan it jier Hiel stadichoan komt it allegear werom, streamt it wer byinoar, alles wat weilekke wie, verstruit, verdutsen, verdroege. April. In fûgel sjongt, grien krûpt út it hout. Hiel stadichoan komt der in gearhing op gong, dy't hoeden alles yn him opnimt, meifiert, bewarret. Hiel stadichoan wurd ik it wer gewaar: fan 'e lije rein de sêftens, fan 'e jarre de skerpens, fan de blossem it ljocht; de skouwens, de wiffens fan it flamke yn myn boarst, de stadige oanrin fan 'e lôge. [pagina 223] [p. 223] Hjir Hjir is der't ik no bin. Algeduerich ferskoot it, nimt it my mei, hâldt it my oanwêzich, pleatslik, beheind. Frijheid is finzen yn stof, bestean in omdoarmjend plak. Sjoch my dan, priuw my, tútsje de grûn op myn mûle. Aanst komt der in ein oan myn amme, ferdwynt myn stee ûnder de stien mei sifers en wurden: in begjin, in ein, in namme. Beside brocht út ea en earne wei. Kom dan myn leafste, kom, lit my dan lea, dyn waarme notiid fiele. [pagina 224] [p. 224] Flecht Kom famke, doch de eagen ticht, jou my dyn hannen, hark, dit is foar dy. Nim dit minlike wurd loft yn 'e mûle, priuw de himel op 'e tonge, hichte en ljocht rane dy yn 'e kiel. Klearebare poëzy wol ik dy skinke, in lûd sa suver as sûpe, in wurd sa wiid as de see. Treastende tinzen wol ik dy jaan skat, in spanwiidte dêrsto op driuwst nei it lok fan in ivige dei. Do silst op dizze amme fleane faam, sa heech dat ûnk noch skea dy reitsje. Mar harkje noch ienris nei my, slút noch ien kear dyn eagen myn leafste en jou my noch ienris dyn hân. [pagina 225] [p. 225] Monumint Eabe Hazze-ear hjit it noch, poer op 'e romte. Wa holp wa wêrta? Tichtspikere bôgefinsters, ûnlêsbere gearkomsttiden op in ferrinnewearre buordsje. Hokkelingen âlje harren psalmen ivich en erflik oer de heale doar. Hoesa soe it ferline hjir ferjitten wêze? [pagina 226] [p. 226] Fynst Yn it skip. Weirekke yn tuorrebouten en barchjeblommen stie it skeef yn 'e sompe, de swartferware boeckbonke omheech. Wy fûnen it foaryn ûnder it grien, in rûm fol tsjuster. Geare fûke, amer sûnder boaiem, flesse sûnder boadskip. Nimmen thús. De ierde strûpte de kiel ielglêd om ús hinne. Wy fielden ús de kikkert yn 'e njirrebek. Vorige Volgende