Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 217]
| |
Albertina Soepboer
| |
[pagina 218]
| |
tusken wurklikheid en poëzij.
By Harmen Wind fine wy de dichter dy't sûnder fers is. Wat is de dichter sûnder fers? Dan is er neat en swalket er mei de siel ûnder 'e earm troch de wrâld. It iennichste wat sa'n dichter noch tinkt: komt myn ynspiraasje wol wer werom? At dy net wer werom komt, sil er him miskien yn 'e sleat of yn 'e drank fersûpe. Op sokke mominten siket er om de wurden en ynspiraasje, mar krekt dat sykjen smiet neat op. Hy moat him oerjaan oan in oare foarm fan selsdestruksje as drank of echte selsmoard: hy moat figuerlik stjerre. En dan kin er rêstich sitten gean en skriuw syn fers op. Yn it earste fers ‘De dichter’ beskriuwt Harmen Wind sa'n wanhopige dichter dy't achter de wurden oanrint, mar dy't net fûn wurdt troch dy wurden. De dichter ‘toarket as in bline hynst yn 'e geaen om. / Hy wurdt net fûn.’ (s.5) It is in prachtich byld en idee dat Harmen Wind hjir opropt. Want wat is der earst: de dichter of syn fers? En hoe fynt dat fers de wei nei de dichter ta? De dichter wit dat er earne in boadskip yn 'e loft omsweeft, mar hy wit net hoe't er dêr by komme moat: ‘Al hat er de bealch fol ferlet / it weiwurden boadskip fynt him net.’ (s.5) Dan komt it momint dat er himsels wol yn 'e sleat goaie wol, mar ‘Falt er om, oan ein, ferstomme, / dan kinne de wurden komme.’ (s.5) De dichter kin wer dichtsje want de wurden komme wer. Hy hat himsels oerjûn oan syn eigen dea. Hy hoecht net yn 'e sleat of oan 'e drank. It earste fers ‘De dichter’ lit ek fuortendaliks sjen wat Harmen Wind as dichter kin. Hy kin in ‘grut’ tema yn in fers ferpakke mei sprekkende bylden en dat is fansels presiis de keunst fan it dichtsjen. In dichter moat gjin grutte wurden útsprekke, hy moat se allinnich mar tusken en ûnder de rigels suggerearje. ‘De dichter’ is ek typysk in fers út de tweintichste ieu: it giet oer it dichtsjen sels en de wanhoop fan dy't by dat dichtsjen heart.Ga naar eind3 Ek it twadde fers yn 'e bondel ‘Noch ien kear’ hat as tematyk de dichter dy't om wurden siket: Noch ien kear soed er him
reitsje: skreauwend skriuwe,
de wrâld opskrilje ûnder syn lûd.
Foar it finster hood it sicht
him yn 'e rekken, de fierte
frege wat syn boadskip wie.
Noch ien kear haffele er op
syn kroantsjepinne. It snijde
swijen. Hy die de blinen ta.
| |
[pagina 219]
| |
Hiel moaie bout er de spanning op fan in fers dat bûten de dichter omdwaalt, mar de dichter kin dat fers net rjocht fine. Oan 'e ein jout er it op en docht de blinen ta. Foaral it wurd ‘blinen’ is yn dy kontekst moai fûn, want eins is de dichter ek blyn. Hy sjocht om him hinne, mar kin net fine wat der al is.
In oar tema dat in protte omtinken yn de bondel krijt is de leafde. No is de leafde yn de poëzij gjin ienfâldich ûnderwerp. Yn it foarste plak is de leafde al sa faak beskreaun yn 'e poëzij, dus wat foar nijs falt der noch oer te sizzen? Der falt ek neat nijs oer te sizzen hoe graach wy dat ek wolle. De dichter kin allinnich mar besykje om it hiele ferhaal op 'e nij te fertellen mei syn eigen, orizjinele wurden. By it skriuwen fan sokke fersen moat er him foaral hoedzje foar de falkûlen fan it goedkeap sentimint. It is Harmen Wind faak slagge en bou mei syn eigen wurden dat âlde ferhaal wer op 'e nij op. Lit my fuortendalik mar úteinsette mei it langste fers út 'e bondel ‘Op 'e rêch sjoen’, in syklus fan seis fersen. Signifikant is fansels de titel fan de syklus dêr't it om in rêch giet, de achterkant fan de mins. At men fan de beminde allinnich mar de rêch sjocht, is der gjin kontakt tusken twa minsken. De ien sjocht, mar de oar sjocht net. It tema fan de beminde dy't de oar net rekket of net reitsje kin, komt yn alle fersen fan de syklus wer werom. Yn it earste fers rint de ‘ik’ achter in frou oan, want ‘Sljocht op dyn eagen en dyn / mûle rin ik in rêch en skouders / nei...’(s.30), mar de frou ferdwynt. Foaral yn it tredde fers wurdt dúdlik wat der eins oan 'e hân is tusken de ‘ik’ en de ‘do’: Wy makken, elkoar wurd foar
wurd ûntwikend, de meneuvels
fan it lok, bêden ferstean del
mei in tút, wy dûnsen om
inoarren hinne, klaaiden ús
as healwizen oan en út.(s.32)
Prachtich wurdt beskreaun hoe't de leafde wol makke wurdt, mar hoe't dat eins mar oerflakkige meneuvels binne. Lykas de ‘ik’ fan de ‘do’ allinnich mar de rêch sjocht, giet it hjir ek om de achterkant fan de leafde, want der is wer gjin kontakt. De ‘ik’ sels fielt syn eigen tekoarten duvelske goed oan: ‘De grinzen fan dyn liif gûlden / om myn tekoarten. Myn hanneljen te / sleau, myn leauwe fierste lyts...’(s.34) Ien fan de moaiste fersen yn 'e bondel giet ek oer de leafde, mar giet in stap fierder as in soad oare fersen. It objekt is dizze kear net de oar, mar de dichter sels: | |
[pagina 220]
| |
Fersyk
Skein my net. Tútsje my.
Ik ha myn tosken ferlern.
Yn it jûnsfinster lês ik de
takomst, lit my dy fiele.
Deadzje my net. Waarmje my.
Ik bin myn komôf ferjitten.
It kâldfjoer yn 'e dreamen is
dôve, hope in dobbelstien.
Begryp my net. Duldzje my.
Ik waskje myn boarst, nim
de fioele fan it lewant, dit
is de nacht fan it fers.
Untwyk my net. Reitsje my.
Ik meitsje it lûd fan in man.(s.36)
Yn dit fers binne de tema's leafde en de dichter beide oanwêzich. De dichter is sawat dea yn it begjin fan it fers. Yn it jûnsfinster dat er yn it twadde fers fan de bondel ticht dien hat, lêst er no syn takomst. Yn de tredde strofe ferhaalt er fan syn wanhoop en dêrnei jout him oer oan it skriuwen. Yn de lêste twa rigels wurdt dúdlik dat it fers sawol oer it dichtsjen as de leafde giet: hy wol dat it fers én de frou him fine. Poëzij en leafde wurde op in moaie manier ferbûn yn dit fers.
Sa't ik al earder skreaun, poëzij ûntstiet troch de boaiem sa no en dan út it libben te slaan. Dat fereasket in bepaalde djipte en ekstremisme fan de dichter nei himsels ta, in proses dat Octavio Paz sa beskreaun hat: De van woorden zwangere wolk komt onderdanig en somber boven mijn hoofd hangen en schommelt, loeit als een gewond dier. Ik steek mijn hand in deze nevelige zak en trek er uit wat ik er in vind: een gespleten hoorn, een beschimmelde straat, een afgekloven bot. Met deze rommel verdedig ik me, ransel ik de bezoekers af, snijd ik oren af, vecht ik verwoed met lange uren stilte in de open lucht.Ga naar eind4 Mar yn hoefier slagget it Harmen Wind om wier nei it ûnderste ta te gean? Want dy fraach ropt syn poëzij troch de tematyk wol op. Wat is der echt oan de dichter dy't stjert en oan syn leafdes? In soad yn syn poëzij oertsjûget my wol, mar net alles. Sa no en dan binne de fersen te eksplisyt: ‘twifel is it iennichste hinnekommen.’ (s.12) of ‘De fynst fan it ivige sykjen,’ (s.11) Mei sokke rigels wurdt net folle mear oan de ferbylding fan de lêzer oer litten en it binne net mear as klisjees. Want it bliuwt altiten ‘ivich sykjen’ en yn- | |
[pagina 221]
| |
die ‘twifel is it iennichste hinnekommen’ yn it libben, mar ik wol eat oer it eigen gefoel witte dat hjir achter stekt en gjin algemiene opmerkingen oer sokke gefoelens. Ek yn syn fersen oer de leafde glydt Harmen Wind in kearmannich ôf nei it nivo dêr't er de lêzer neat nijs mear seit. Want wat moat ik mei sinnen as: ‘Leafste, ferjou my / myn ynlikst begearen: / ik wol de wei nei dy fine,’.(s.39)? Sa no en dan sit der yn de fersen ek in wat forsearre ‘happy’ toan dy't net goed past by de rest fan de fersen. Op dy manier trochsnijt de dichter eins wat er earder sein hat. ‘Op alle dagen’ is in moaie bondel, mar mist sa no en dan efkes de krêft om my echt te oertsjûgjen. Faak sit de dichter op it punt dat er wier ‘stjert’, mar soms grypt er te bot nei de algemiene opmerkingen of brûkt er wurden dy't er better suggerearje koe as twifel en dea. Dochs is de bondel oer it gehiel nommen slagge en sitte der in grut tal prachtige fersen by. Harmen Wind mei him in dichter neame dy't hast op alle dagen wol in kear de dichtersdea stjert. |
|