Jetske Bilker
Smout praat
Oer: Anne Koopmans, Fryslân boppe humoristyske ferhalen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 1995. 142 siden.
‘Hjir wurdt de stro net om in aai bedoarn’ is it motto fan dit boek en de boarne is de Leugenbank fan Grou. Dat is de spiker op syn kop. De ferhalen fan Anne Koopmans moatte it hawwe fan 'e styl en net fan 'e komposysje of fan de plot.
Op 'e achterflap jout de útjouwer de lêzer (keaper) it befel: ‘En jo lêzer moatte stikemwei hieltyd faker laitsje om de komyske en absurde mar altyd krûdige ferhalen fan dizze nije Fryske skriuwer.’
Koopmans is in smoute prater, dus dêr sil dat krûdige wol opslaan. Syn frysk taalgebrûk is geef en hy hat der weet fan hoe't er in sitewaasje beskriuwe moat. Sa sketst er yn it earste ferhaal ‘sûker’ in ûntefreden klant yn in winkel. Werkenber, as lêzer stiet men ek yn dy winkel.
Der binne in soad moetings yn 'e ferhalen en dan komt dy werkenberens goed ta syn rjocht. Der wurde aardich wat petearen beskreaun. In foarbyld:
‘Sil ik der mar even bysitten gean?’
‘Wolja, wêrom net’ sei ik.
Dit is it begjin fan in moeting yn it twadde ferhaal. Wat der yntusken bart, wurdt ek ferteld:
‘Ik skikte in eintsje op sadat er der by koe. Hy liet him neist my op 'e bank sakje, naam de pet ôf, helle mei de oare hân in hagelwite bûsdoek út 'e bûse en begûn dêrmei oer in dikke reade streep op 'e foarholle te feien. Sa ferrint it ferhaal stadich, de fertelde tiid giet likehurd as de lêzer lêst en dat is geskikt foar it ynfoege droege kommentaar fan 'e ferteller:
‘Doe waard it stil neist my. Ik seach fansiden en miende te sjen dat er bot nei siet te tinken oer in nij ûnderwerp dêr't wy it miskien noch even oer ha koenen.’ (s. 12). Yn mear ferhalen as yn dit foarbyld is de ferteller inkeld in oanharker fan frjemde foarfallen fan 'e minsken dy't er moetet. Sa hat de man fan hjirboppe in liuw as húsdier. Dat is grappich en dat effekt wurdt wat fersterke troch de gedachten fan 'e ferteller. Yn oare ferhalen is de ferteller wol oer himsels op 'e tekst. Yn ‘sûnenssoarch’ bygelyks. Doe't ik dat lies wie ik al wurch wurden fan it smout praat as kommentaar, want it wie