Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Jacobus Quiryn Smink Bern op de ierde Earste fers En no dan de opkroppe sinnen dy't ik mijde om se wurdklik te ferswijen en op te sluten yn 't ûnthâld fan ferjitmynet; it binne meunsters en draken mei bloed en flibe en jiske en 't fjoer dat ûntbynt en 't lichem dat stjonkt fan skroei, der stiet net in peal as ding boppe wetter, noch knop komt út, nimmen no dy't opstiet en 't bern rêde kin dat yn him sit; as âldfellen sitte we noch te skriemen om wat net ferjûn is. Tuskenfers Minder noch is 't dizze wurden op te roppen as út te lêzen, dizze side dy't giet oer opjaan, ferlerne en oer de kop slaan, dizze side dêr't fan sein wurde [pagina 213] [p. 213] kin, it draacht net by ta in nofliker gefoel oer d’ eigen tún mei radyskes, bûten rea, yn wyt, nee, it mêdet jin ôf sa'n taal útslaan oer susters dy't elkoar ferneuke om geunsten fan manlju, bruorren elkoar de kop ynslaan. Wêrom soe in dichter miene dat er syn opkroppe sinnen opjaan moat? Lêste fers Bruorren en susters dus, sûnder trou en beminden tsjin lykwicht yn, de eagen mei soer útfrette, mei in stôk ompoke yn it weake, oer de harsens fleane, de prikke yn 'e speaken fan it sportive dat minsken misse en it missen fan in dochter of fan in soan; sûnder pardon delknald en teld troch gewearkejonges, seach it, mar koe mar net oerein komme en ik koe mar net, ik koe mar net. Ik ha wol in stien kocht, dêr dy nammen ynbeitele fan dy bern. Vorige Volgende