Fan 'e redaksje
Albertina Soepboer
De kritikus en syn spegel
Wat docht de kritikus? Hy lêst in boek, tinkt der in set oer nei, skerpet syn pinne en skriuwt syn djipsinnige tinzen op. At er in goed kritikus is, wit er dat wat er opskriuwt syn eigen miening is en dus gjin universele waarde hat. It stik wat er úteinlik ôfleverje sil, is in spegel fan himsels en reflektearret syn ideeën en mieningen. Wat wy sjogge, is syn bril.
De kritikus kin ek net samar opskriuwe wat er mar wol. Hy moat arguminten foar syn oardielen jaan dy't oars net jildich binne. Fierder moat er altiten respekt opbringe foar de keunstner en it keunstwurk, want hy nimt as kritikus it rjocht om wat te skriuwen oer de keunst fan in oar en dat is net neat. Fansels is it wol sa dat syn oardiel úteinlik negatyf wêze kin, want dat kin altiten.
At er syn oardiel ien kear foarme hat, moat er himsels rjocht yn 'e eagen doare te sjen en himsels ôffreegje wêr't er syn oardiel op basearre hat. Dat binne yn it koart de hâlding en it ynsicht dy't needsaaklik binne wol de kritikus syn wurk goed dwaan. Dat is wat de kritikus dwaan moat, mar docht de kritikus dat ek?
Oant safier de teory dy't fansels foar in grut part ferdwynt yn de praktyk. Want eltse kritikus hat syn dei wol ris net of begrypt der gewoan neat fan. Dat is allegearre mooglik en ek noch wol begryplik.
Slimmer wurdt it at de kritikus út klearebare ferfeling mei modder smyt, omdat er net mear wit wat er oars moat. Dat is in foarm fan sleauwens dy't yn Fryslân foaral foarkomt by kritisy dy't eins al te lang kritikus binne. Moddersmite is fansels wol aardich, mar it liket my dochs mear in hobby foar lytse bern yn 'e sânbak.
Noch slimmer wurdt it at it allegearre gewoan mar wat by de kritikus delglydt, want ja ach, wêrom soe er him noch drok meitsje. Sels mei modder smite is him noch te folle. It kin him allegearre neat skille.
No moatte der fansels nammen en foarbylden komme, want sa giet dat yn ús lytse Fryslân. Lit my wat foarbylden jaan út de resinsjes oer de Trotwaer nûmer trije, it ferhalenûmer. De kritikus fan de Ljouwerter