|
| |
| | | |
Liuwe Westra
Wierheid en skientme yn de Fryske literatuer oan de ein fan de tweintichste ieu
De âlde Griken soe men de earste keunstkritisy fan de Europeeske beskaving neame kinne. Al yn 'e fyfde ieu foar Kristus tochten hja, benammen yn Atene, nei oer de fraach wat weardefol is foar in minske en wêrom. Hja wienen dêrom ek de earsten dy't begongen kritearia oan te lizzen foar keunst. Hoewol't de Griken in beheinder keunstbegryp hienen as uzes - yn 't earstoan omfieme dat allinnich poëzij en toaniel, letter kaam proaza dêrby, mar byldzjende keunst bleau in hiel skoft net mear as in ambacht - hat harren kritearium foar ‘echte’ keunst ús keunstbegryp oan no ta fierhinne beskaat.
Dat Grykske kritearium wie trijefâldich: keunst moast in werjefte fan it goede, it moaie en it wiere wêze. Dy trije begripen binne fagernôch om mear as ien kant mei út te kinnen, wat yn 'e Aldheid dan ek al plakfûn, mar hawwe eins oant de Romantyk harren jildigens nea oanfochten hân. Mar doe sneuvele it goede. Oan dy tiid ta wie mei ‘werjefte fan it goede’ yn 'e regel in soarte fan utilistysk prinsipe bedoeld. Keunst moast in heger doel tsjinje, lykas, yn 'e Midsieuwen, de kristlike wearden of, yn 'e tiid fan it Rasjonalisme, de ferljochting fan de minske. Mar dat utilisme yn 'e keunstopfetting waard radikaal mei brutsen yn 'e Romantyk. Sûnt de útfining fan it biedwurd ‘l'art pour l'art’ is it aksioma dat keunst allinnich himsels ta doel hawwe mei amper mear betwifele.
De oare beide klassike kritearia, dy fan it moaie en it wiere, binne bleaun. Utsoarte binne datoangeande wol dissidinte opfettings te finen, bygelyks dat keunst allinnich moai wêze moat - de eksperimintele poëzij fan 'e fyftigers is dêr in utering fan - of just dat skientme der neat ta docht, as keunst mar wat wêzentliks seit (men is dan ynienen wer o sa ticht by it prinsipe fan it goede werom!). Mar fierder wurde de twa kritearia fan wierheid en skientme yn 'e hjoeddeiske keunstkrityk algemien hantearre, al moatte dêr in pear kanttekens by makke wurde. Sa moat ‘wierheid’ net allinnich yn 'e beheinde betsjutting fan ‘yn oerienstimming mei de
| | | | werklikheid’ opfette wurde. It begryp omfiemet ek ‘oprjochtens’ en ‘echtheid’.
Abstrakte keunst kin dus likegoed as figurative keunst oan beide kritearia foldwaan. Boppedat liket it sá te wêzen mei dy kritearia dat in te min oan it iene goedmakke wurde kin troch wat mear fan it oare, mar dat in beskaat minimum oan wierheid en skientme altiten te finen wêze moat. Om ris in pear foarbylden te brûken: de portretten fan Rembrandt binne fansels masterlike werjeften fan 'e werklikheid, mar wurde úteinlings keunst troch harren prachtige wurking fan ljocht en skaad. De lettere wurken fan Mondriaan binne moai fanwegen de evenredige wize fan flakfoljen, mar binne ek keunst omdat se bygelyks de idee dat allinnich giel, read en blau ús hiele wrâld kleurje sa treflik werjouwe. Fierders binne wierheid en skientme yntersubjektive begripen. Dingen, dus ek keunstwurken, binne net moai of wier fan harsels, minsken fine dat se dat binne of net. Dat hâldt yn dat de diskusje oer de status fan in pretendearre keunstwurk yn prinsipe altiten iepen bliuwt. Mar paradoksaal genôch hâldt dat ek yn dat wierheid en skientme twingende kritearia binne foar de keunst fan no: it is net dat keunst om in yntrinsike reden wier en moai wêze moat, mar dat minsken dat op dit stuit fan keunst ferwachtsje. As minsken ien of beide eleminten misse, sille se in keunstwurk net as sadanich akseptearje. Se sille it skilderij of byldhouwurk foarbyrinne en it boek dellizze. Just harren yntersubjektiviteit makket dat mei wierheid en skientme net te spotten is.
De kritearia fan wierheid en skientme binne algemiene keunstkritearia, en soenen dus ek foar de literatuer jilde moatte. Dat komt út as men de easken besjocht dy't de kritikus langer oan in literêr produkt stelt. In roman of in ferhaal moat hecht yninoar sitte en jin meinimme, en de tema's dy't behannele wurde moatte farsk of op syn minst op in nije manier behannele wêze. Dêr hawwe wy it kritearium fan 'e skientme: de lju moatte der wat oan fine. Mar dat is net genôch: de lju moatte der ek oan wolle. Dat is it kritearium fan 'e wierheid, dêr't benammen op hifke wurdt as it karakter en de hannelswize fan 'e persoanen op it aljemint komt. Deselde soarte fan mjitstêven wurde ek brûkt foar it beoardieljen fan poëzij: in knappe foarm is net wei - skientme - en it fers moat wat te sizzen hawwe - wierheid. Lyksa foar toaniel: de plot mei net te foarspelber wêze en der moat moai spile wurde, wylst men jin yn 'e personaazjes ynlibje kinne wol. Sa fynt men foar ús trije haadsjenres fan 'e literatuer twa âlde kritearia, werjefte fan it moaie en it wiere, yn 'e literêre krityk fan hjoeddedei noch hieltiten werom. Men mei dus oannimme dat it literêre publyk eat fan it
| | | | wiere en it moaie, wat it him dêr fierders mar by foarstelle mei, yn syn lêzen weromfine wol, en dat betsjut dat in skriuwer him dêr mar nei te skikken hat, of hy moat mei sa'n masterskip troch de stringen brûze dat dy tenei neffens oare paden spand wurde.
As men lykwols de hjoeddeiske literêre krityk ris better op en del sjocht, iepenbieret him in nuver wyt plak. Wylst eleminten as bou en beskriuwing fan 'e personaazjes oan beide kritearia hifke wurde - in roman moat net allinnich klopje, hy moat jin ek meinimme; persoanen moatte nijsgjirrich èn leauweardich wêze - wurdt op 'e taal fan in literêr produkt allinnich it kritearium fan 'e skientme tapast: de taal hoecht blykber allinnich moai te wêzen. Konsekwint sjocht men dat inkeld yn 'e besprekken fan poëzij; proazawurken komme der fan datoangeande noch kealer foar wei. De kwaliteit fan 'e taal wurdt dêr, as der al omtinken foar is, yn 'e regel sa sydlings behannele: fan dat hearlik brede Ingelsk, dat kreakheldere Dútsk, puntige Hollânsk of noflik lêzende Frysk - en dat is alles. Toanielwurken wurde sels suver nea op taal hifke.
Dat kin net yn oarder wêze fansels. Taal is net samar in ûnderdiel fan in literêr produkt, earder oarsom: literatuer is in ûnderdiel fan taal. En as in literêr produkt moai en wier wêze sil, is dat net oars as te sizzen dat in beskate taalutering moai en wier is. It moaie fan sa'n taalutering betsjut fansels dat it lêzen derfan of it harkjen dernei in geniet is. It wiere fan sa'n utering betsjut oars neat as dat it begripen wilens sûnder steurings ferrint. Foar literatuer moat de taal net allinnich moai wêze, hy moat ek doge. Min mar al literêr taalbrûken bestiet net. It is wer it yntersubjektive fan skientme en wierheid dat sa'n útspraak syn gewicht jout. De lêzer fan in literatuer pretendearjend wurk wol, mei men oannimme, graach literatuer lêze, oars lies er wol wat oars. Hy of hja ferwachtet dus eat dat wier is en moai. Utsoarte hawwe alle lêzers dêr har eigen, persoanlike ferwachtings by, en net alle lêzers fine itselde moai of wier. Mar wierheid fan taal is in twingender kritearium as skientme of de adekwate werjefte fan ideeën, omdat taal folle kollektiver is as smaak en tinkbylden. De lêzers fan in beskate taalgroep sille, hoe't harren literêre smaken fierders útinoar rinne meie, dochs in ein hinne deselde kritearia oanlizze om taaluterings al of net te akseptearjen: it moat harren taal noch wêze, oars hâlde se op fan lêzen. Dat betsjut dat in skriuwer, wol er as literator akseptearre wurde troch in taalgroep, alderearst yn 'e taal fan dy groep skriuwe moat: wykt er dêrfan ôf, dan foldocht er net mear oan it kritearium fan wierheid fan taal. Ear't it dus oan komposysje, karakterbeskriuwing of sels taalkeunstnerskip ta is, moat der taalkundigens wêze.
| | | |
No hoecht it jin ek wer net safolle nij te dwaan dat dit wierheidskritearium fan 'e taal yn 'e regel ymplisyt bliuwt. It hat allinnich doel om de wierheid fan taal te hifkjen as dêr mûlk wat oan mankearret. Mar yn it Hollânsk, it Ingelsk en it Dútsk, de ‘grutte’ kultuertalen om ús hinne dêr't ik sa'n wurd om sis, kin men by alle publikaasjes moai feilich oannimme dat oan dat bewuste kritearium foldien is. Wat yn dy talen al of net akseptearre wurdt as wiere, dus dogende, taal leit fierhinne fêst. Utsoarte kin in skriuwer dêr ris fan ôfwike, mar dat is dan yn 'e regel bewust en yn it oanbelangjende wurk funksjoneel. As in skriuwer dat goed docht, sille syn lêzers it ek akseptearje. Mar der is in noarm, sadat fêstleit wat ‘gewoan’ taalbrûken is, en dy noarm wurdt troch it ûnderwiissysteem effektyf trochjûn oan alle nije ginneraasjes lêzers en skriuwers.
Dat is lykwols krekt ien fan de grutte ûnderskieden tusken dy talen en it Frysk, en men moat jin der dan ek oer fernuverje dat it aspekt fan wierheid fan taal by ús ek sa'n lyts bytsje omtinken krijt. De twa dingen dy't it foar bygelyks it Hollânsk oerstallich lykje te meitsjen om alle kearen it kritearium fan wierheid fan taal op it aljemint te bringen ûntbrekke by ús. Der wurdt dan wol gauris praat fan ‘Standertfrysk’, mar de diskusje oer hoe't dat der krekt útsjocht is, om it sêft te sizzen, noch net ôfsletten. En al soe it der, teoretysk sprutsen, al wêze, dan waard it noch oan nimmen trochjûn. It is hjir net it plak om te kleien oer it bespotlik lyts bytsje Frysk dat bern yn Fryslân op 'e skoallen krije, mar Standertfrysk hawwe se yn alle gefallen net yn 'e macht as se derôf komme.
Men kin jin ôffreegje hoe't it dan komt dat yn de Fryske literêre krityk sa'n lyts bytsje omtinken foar it kritearium fan wierheid fan taal is. In wichtige oarsaak is grif de winsk om Fryske literatuer net oars as oare literatuer te behanneljen. Sa't jo in Hollânsk of Ingelsk of Dútsk boek lêze, sa lêze jo in Frysk boek ek. Soks is úteinlings emansipaasjetinken: it Frysk as taal is neat minder as hokker taal ek. Mar dat kin de folsleine reden net wêze. Dat it Frysk as taal neat minder is as oare talen hâldt - spitigernôch - net yn dat eltsenien wit hoe't dy taal der krekt útsjocht en dat dy kennisse op 'e selde wize as by oare talen oan 'e nije ginneraasje trochjûn wurdt. Aldere kritisy as Anne Wadman en Freark Dam hawwe yn har besprekken dat kritearium ek altyd syn gerak jûn, sûnder yn 't minste te suggerearjen dat it Frysk net tsjin oare kultuertalen meunsterje kinne soe. Mar by de jongere ginneraasje kritisy fynt men dat bewuste kritearium amper neamd, hoewol't it Standertfrysk noch net fêststeld is en men oan 'e ûnderwiissitewaasje ek noch gjin
| | | | ferbettering dat makket merkbite kin.
It soe goed wêze kinne dat wy dat oan it ferskinen fan it Hânwurdboek yn de jierren 1984 en '85 te tankjen hawwe. It hat der in soad fan dat skriuwers, útjouwers en kritisy miene, net ien hoecht no mear min Frysk te skriuwen. It ferskynsel fan 'e Fryske dikteekriich suggerearret bygelyks dat it no útiten is hoe't it Frysk skreaun wurdt: in wurd dat net neffens it wurdboek stavere is, wurdt ferkeard rekkene. Op it mêd fan de wurdskat kin men de opskuor fan okkerjiers om it útjouwerijbelied fan de AFUK hinne neame: in publikaasje mocht gjin wurden befetsje dy't net yn it wurdboek stienen. Sok dwaan ûnderstelt de idee fan in fêste en bekende noarm: it wurdboek. Mar spitigernôch hawwe wy hjir mear mei autosuggestje as mei feiten te krijen. It wurdboek stiet net allinnich grôtfol flaters - de kritiken fan de earste likegoed as de werútjefte binne dúdlikernôch -, it hat ek alhiel de pretinsje net en jou in noarm. As it Standertfrysk al bestiet, stiet it teminsten nearne beskreaun. En lykas sein, al wie dat oars, dan waard sa'n noarm noch amper trochjûn. Dat betsjut dus dat men der net fan útgean kin dat eltsenien dy't wat yn it Frysk publisearret wol wit wat al en wat gjin Frysk is, en dat men der by alle skreaune Frysk om tinke moat: hokker Frysk brûkt de skriuwer? Is it winliken wol Frysk? De kritikus mei in Frysk literêr produkt dus noch net beoardielje sûnder it op wierheid fan taal te hifkjen. It wite plak yn 'e Fryske literêre krityk docht bliken mear as allinnich in wyt plak te wêzen: it is in swak stee.
Fansels slút de ôfwêzigens fan in algemien tagonklike noarm yn in taal it bestean fan literatuer yn dyselde taal net út. Hast alle talen hawwe har masterwurken al foardat him sa'n algemiene noarm ûntjout. Foar 't Frysk hoecht men inkeld Gysbert Japiks te neamen. Lyksa kinne lêzers sûnder sa'n noarm goeie literatuer wol wurdearje. Allinnich wurdt fan lêzer en skriuwer in gruttere ynspanning frege: beide hawwe inkeld de taal dy't se yn harren deistige libben hearre en prate ta har foldwaan om it wurk op wierheid fan taal te hifkjen. Eefkes opsykje yn wurdboek of grammatika is net mooglik. Allebeide moatte se har hieltyd wer ôffreegje: sis ik dat sa, haw ik dat sa wol ris heard, soe immen dat sa sizze kinne? En dat is dus ek de fraach dy't de kritikus altiten wer stelle moat.
In swak stee yn 'e literêre krityk is sa slim net as in swak stee yn 'e literatuer sels, mar ek dêr sille wy nei alle gedachten de finger op lizze moatte. Dat de Fryske literatuer fan hjoeddedei oer 't ginneraal net oan it kritearium fan wierheid fan taal beantwurdzje soe, is fansels yn dit bestek net te bewizen:
| | | | soks kin men allinnich hurd meitsje troch de literêre krityk fan de lêste tsien jier oer te dwaan. Mar de kâns is wol grut. Yn 't foarste plak omdat de groepen fan de skriuwers en dy fan de kritisy inoar in ein hinne oerlaapje. Mar ek de net-besprekkende skriuwers: as hja net op wierheid fan taal hifke wurde, soe it al bysûnder wêze as se dêr nea ris tsjin sûndigje soenen. En dan hawwe wy noch net iens de ûnmeugend grutte ynfloed fan bûtenôf op it Frysk deryn behelle. Yn sa'n sitewaasje betsjut net tinke om 'e wierheid fan taal freegje om taal dy't net doocht. In dúdlike yndikaasje dêrfoar foarmje de ferkeapsifers fan 'e Fryske literêre ûtjeften. Fansels, literatuer sil men yn gjin inkelde taal gau ryk mei wurde en wy hawwe sjoen dat fan 'e Fryske lêzer ek noch ris in ekstra ynspanning ferwachte wurdt as er literêre belangstelling hat. Mar nettsjinsteande al dy tebeksetters heart in literatuer syn bestsellers te hawwen. En dy ûntbrekke op dit stuit krekt fierhinne yn it Frysk, of it soenen de Wâldromans fan Rink van der Velde noch wêze moatte. Dochs sille der yn Fryslân navenant net minder literatuerleafhawwers wêze as oars earne. As men dan de ferkeapsifers fan 'e Fryske literêre produkten oereaget, kin men net oars as ta de pynlike konklúzje komme dat dy wol in fêste groep fan ôfnimmers hawwe, mar dat net ien boek grutte groepen lêzers foar him wit te winnen. Goed begripe: net dat literatuerleafhawwers wat tsjin Fryske literatuer as sadanich hawwe soenen, mar se kinne dêr blykber net de skientme en wierheid yn fine dy't se sykje. Dat betsjut dat der Hollânske of oare boeken wêze moatte dy't harren op syn minst wat ien fan dy punten oanbelanget better foldogge as ien yn it Frysk. Mar it is wer net oan te nimmen dat Fryske skriuwers trochstrings minder
wêze soenen as harren Hollânske of oare kollega's as it giet om it útwurkjen fan in tema, it betinken fan in plot of it yn 'e macht hawwen fan in beskate foarm. Likemin hat it eigenskip dat se minder moais út it Frysk helje kinne soenen as oaren út in oare taal. Dochs moat dy foarkar fan it Fryske lêzerspublyk foar net-Fryske literatuer, sa hurd as it wêze mei, earne fan komme. As it dan net oan brek oan skientme yn it algemien of te min wierheid yn tematyk, beskriuwing of komposysje leit, bliuwt allinnich it kritearium fan wierheid fan taal oer: de Fryske lêzers lêze blykber leaver Hollânske, Dútske of Ingelske boeken as ien yn it Frysk om't in boek yn sa'n oare taal - útsoarte - oan it kritearium fan wierheid fan taal foldocht en it Fryske boek net. It Frysk dat harren oanbean wurdt is har net wier genôch. It is harren taal net. Sa sizze se it net, sa hearre se it net ien sizzen, en se kinne har ek net yntinke dat ien it sa sizze soe.
| | | |
Om no net yn teory allinnich stekken te bliuwen is in foarbyld hjir wol te plak. It boek Pizza's en boeremoes fan Tsjitze de Jong (sawat fan 1986; de Koperative Utjouwerij priizget it noch altiten oan as in resinte útjefte) wurdt foar my as lêzer bedoarn omdat it yn bysûnder ûnnatuerlik Frysk skreaun is. Sa't de lju dêr prate, praat net ien. Dochs stiet der net folle yn dat net troch de mesken fan it wurdboek kin. Typearjend is ien fan 'e gauris foarkommende frijsênes: de haadpersoan boartet dêr, stiet der, mei de ‘oerkes’ fan syn faam. In frijsêne soe men in literêr subsjenre neame kinne, en foldocht dus, as it goed is, oan 'e kritearia fan wierheid en skientme. De lêzer lêst fan eat dat him of har stomme moai taliket, en dat op sa'n manier dat er of dat se eefkes it gefoel hat dat moaie werklik te genietsjen. Mar it hiele feest giet net troch as de taal net doocht, en dat is yn boppeneamde sêne it gefal. De skriuwer hat net witten fan it skerpe Fryske ûnderskie tusken ûnderdielen fan it minskelichem en it bisteliif, oars hied er wol fan ‘tipeltsjes’ skreaun. Froulju hawwe gjin oerkes. It kritearium fan wierheid fan taal wurdt skeind, en dêrmei is de hiele frijsêne foar lêzers dy't weet hawwe fan dat ûnderskie bedoarn. Dit foarbyld yllustrearret net allinnich hoe beskiedend oft it kritearium fan wierheid fan taal is foar in wurk fan literêre pretinsje, it lit ek sjen dat der noch gjin folsleine Fryske noarm bestiet: de skriuwer kin syn wurdkar yn dizze kontekst net út 'e libbene taal hawwe, en hy hat dus nei alle gedachten syn taflecht ta it wurdboek nommen. Dêr wurdt by ‘oer’ yndie de betsjutting ‘tipel’ jûn mei it foarbyldsintsje ‘de poppe leit al wer oan it oer.’ Dúdlik oerdrachtlik taalbrûken fan it soarte
‘lekker bealichje’, mar dy't dat net wit wurdt it út it wurdboek net gewaar. Sa wurdt in swak stee in falkûle.
It Hollânske sprekwurd wol hawwe fan ‘als het kalf verdronken is dempt men de put.’ Sa fier moast it mei de Fryske literatuer oars net komme. Yn 'e wenstige ûntjouwing fan in kultuertaal ûntstiet de noarm fansels in kear. Yn it Frysk hoecht dat stadium net iens mear fierôf te wêzen: as ien it materiaal út alle taalpraatsjes dy't de ôfrûne fyftich jier yn de Fryske kranten en tydskriften ferskynd binne in kear samlje soe en dat kombinearje mei it besteande kursusseguod, koe in echte Fryske spraakkeunst dizze ieu noch ferskine. As dan yn 'e selde snuorje it Fryske ûnderwiis de fuotten ek noch ûnder it gat krijt, hoege wy rillegau sa wach net mear op it kritearium fan wierheid fan taal te wêzen. Mar sa fier is it noch net. It foarbyld fan niis lit ek noch wat oars sjen: it kollektive karakter fan wierheid fan taal is by ús sa kollektyf net mear. De neamde flater soe fyftich jier lyn net makke wurde kinne, mar no blykber al.
| | | | Soks kin allinnich ferklearre wurde troch de grutte ynfloed fan bûtenôf op it Frysk. As dêr net in Fryske noarm foaroer set wurdt, sil dy ynfloed allinnich mar oanboazje. Dat betsjut net allinnich dat de Fryske lêzer by himsels neigean moat wat er as Frysk akseptearret en wat net, mar ek dat tusken de taal dy't troch de iene lêzer en dy't troch de oare noch as Frysk akseptearre wurdt hieltiten grutter skieding komme sil. As soks te lang oanhâldt, kin men aansen net mear fan ien Frysk literêr publyk sprekke om't der net mear ien Frysk kritearium fan wierheid fan taal bestiet, en sil de Fryske literatuer in stille dea stjerre. Der sil in soarte fan tsjinwicht komme moatte om by de Fryske lêzers in kollektyf kritearium fan wierheid fan taal yn stân te hâlden. Dat sil by de Fryske skriuwers, en de Fryske kritisy yn it bysûnder, wei komme moatte. Lykas sein, dat is gjin lytse opjefte, en ien dy't fan 'e Fryske kritikus mear freget as fan syn Hollânske, Dútske of Ingelske konfrater. Mar as er dy mei fleur en ynmoed op him nimt, sil de beleanning der net om lige. Sûnt de Aldheid is it yn 'e Europeeske talen wenst dat de bêste literêre wurken skreaun wurde op it stuit dat sa'n taal in fêste noarm berikt. De wiere, de moaiste Fryske klassiken moatte en kinne noch altiten skreaun wurde.
DAT SIT, SEI DE SMID
|
|
|