Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?
Jurjen van der Weg
Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?
Yn it lêste nûmer fan 1994 sette wy útein mei in nije rubryk. Under de titel ‘Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?’ sille wy in tal minsken útnoegje harren miening te jaan oer de relaasje tusken literatuer en lêzer. It adjektyf ‘Frysk’ hawwe wy hjir as beskiedend elemint oan taheakke. Dat wurket útsoarte beheinend op de probleemstelling.
De diskusje oer lêzen yn it algemien is lykwols al folle faker fierd. It hat net in soad doel om dêr yn Trotwaer nochris op troch te gean. Dat de tillevyzje in grutte kweadogger is, fernuveret net ien mear. Dat lêzen yn 'e basisfoarming troch it grutte ferskaat oan oare fakken ek noch wolris yn 'e knoei komt is ek al mear as ien kear sinjalearre. En oer it feit dat de tiid, dy't thús foar lêzen oerbliuwt jimmeroan minder wurdt, hawwe wy it net iens. It relatyf grutte - en noch altyd grutter wurdende - beslach dat yn Nederlân lein wurdt op de ynset fan frijwilligers én it grutte ferskaat oan nijsgjirrige kulturele, politike en oare aktiviteiten hawwe nei alle gedachten al in moai soad lêsoeren koste.
Lykas wy al earder skreaunen: dêrom giet it ús dus net. It doel fan dizze nije rubryk is om de spesifike problemen tusken de Fryske literatuer en de Fryske lêzer ris boppe tafel te krijen. Lêst de Fries minder as de trochstringse Nederlanner of is er faaks minder literatuer-minded? Moat it probleem socht wurde yn 'e taal of is it mear in kwestje fan tematyk? Leit it probleem eins wol by de lêzer, of binne de skriuwers ek foar in part mei skuldich? It mei nammers dúdlik wêze dat de âlde kapitalistyske teory, dy't der fan útgiet dat elts oanbod syn eigen fraach generearret al lang net mear opgiet. Soe nei it wolwêzenswurk en de poadiumkeunst no ek de literatuer him op marketing-techniken stoarte moatte? Of hawwe wy te krijen mei in negative ûntwikkeling yn 'e sfearen fan sinusgolven: as wy mar ien kear in absolút djiptepunt hân hawwe, kin it tal lêzers fan Fryske literatuer allinnich noch mar grutter wurde?
Al dizze fragen reitsje direkt oan it besteansrjocht fan in literêr tydskrift. In tydskrift hat