út de grûn. De frachtweinen, dy't mei grutte prefab-eleminten troch de wyk rieden, hienen de trotwaars tramtearre. Hy kipe troch it fûlferljochte rút oan 'e ein fan de strjitte. As in tillefyzjeprogramma rekke de famyljesêne, dy't binnen opfierd waard, syn netflues. Heit en bern sieten foar harren each op de wrâld en GTST, wylst mem mei in blêd koekjes, kofje en kola oandragen kaam. Hy stie yn bestân om krekt even stean te bliuwen. Hy moast lykwols noch in ein en hy wie de lette kant it neist.
De hoeke wie altyd wer it kearpunt. Noch ienris seach er om, mar doe wie ek de lêste, fisuele bân mei it feilige, it bekende ferbrutsen. Hy koe net mear werom. Hy luts syn rjochter mûlshoeke in eintsje op as moast er gnize. Earder hie er ek al sa faak tocht dat de wei werom ôfsletten wie. Hy fielde de útdrukking op syn antlit bestjerren. Dizze kear...
Hy besocht stevich troch te stappen sûnder te stroffeljen oer de loslizzende tegels. Hoe tichter by it bouterrein kaam hoe dreger dat waard. In dikke laach drek untnaam him it sicht op dat wat ûnder syn fuotten lei te wachtsjen op in misstap. It soe him der lykwols net ûnder krije. Wis, yn it ferline hie er syn libben regearje litten troch de omstannichheden en de ûngelokjes. Mar hjoed..., hjoed soe it oars.
Op it bouterrein hienen de bern út 'e buert krapoan in moanne lyn noch skommele en mei harren gameboys pronke. No stienen der grutte donkergrize betonmassa's. Inkeld de keale beamkes op it heechste punt droegen noch de yllúzje fan fakmanskip yn harren. Binnen in tiidsbestek fan in pear moannen soenen hjir nije tillefyzjeskermen fertroude, troch halogeen-lampen beljochte famyljesênes fertoane. It tal bern soe oeral wol itselde wêze, faaks wie der noch wat fariaasje te finen yn it tal âlden en de kleur fan de leaseauto's.
Hy huvere. Wie dit syn foarlân? Wie dit de wrâld, dêr't er him yn it earstoan mei sa'n soad wille en yntinsiteit yn opgean litten hie? Nije eleminten yn in âlde setting: mear wie it net. Op it stuit, dat syn idealen ta yllúzjes waarden, wie it rinnen fan it paad wichtich wurden foar him. Fan Jello Biafra en ‘Nazi Punks Fuck Off’ nei Henry Rollins en ‘Thirsty and Miserable’ wie it dochs net sa'n ein as er tocht hie. De stap werom wie it probleem, net dy foarút.
In auto stode foarby. Noch krekt koe er de weach modderich wetter ûntwike, dy't foar him bedoeld like. Allinnich it rjochter efterljocht wurke. It reade each seach him kweaaardich nei, oant it troch in flauwe bocht yn de wei út syn gesichtsfjild ferdwûn.
Syn skaad foel lang en smel tusken it oranje skynsel fan de strjitlampen op de bonke-